iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Tekkel
Tekkel - Wikipedy Springe nei ynhâld

Tekkel

Ut Wikipedy
Tekkel
Koarthierige standerttekkel
Koarthierige standerttekkel
algemiene ynformaasje
alt. namme Dashûn
oarsprong Dútslân
FCI-nû. #148
lichemsskaaimerken
gewicht Standerttekkel 9 kg,
Dwerchtekkel 6 oant 7 kg,
Knyntekkel 4 oant 5 kg

De tekkel of dashûn of takshûn is in hûneras dat de lytste jachthûn foarmet. Tekkels jeie boppe en ûnder de grûn en foar- en nei it skot. Se binne tûk en fernimstich en tige oanhinklik foar de baas oer. Se binne bûtengewoan wach en hawwe in moedich en nijsgjirrich karakter.

Jonge tekkel

Tekkels binne tige koartpotige brakken dy't troch harren lege postuer geskikt binne foar de jacht op foksen. Ek it lûd-op-spoar (blaffen) fan de brak is fan natuere oanwêzich by dizze hûnen. Tekkels wurde fokt yn trije ferskillende maten, oars dan by oare bisten net op basis fan de skofthichte mar útgeande fan de boarstomfang. Dêrneist binne der trije hierfariëteiten: koart-, lang- en rûchhierrich. De grutste en foar de jacht op de foks meast brûkte fariant is de rûchhierrige Standert- en Dwerchekkel. De rûchhierrige Dwerch- en Knyntekkels wurde ek wol ynset foar de jacht op kninen.

Tekkels binne koartpoatige, lange hûnen dy't yn trije ferskillende grutten foarkomme:

  • Standerttekkel: boarstomfang boppe de 35 sm, gewicht oant maksimaal 9 kilo.
  • Dwerchtekkel: boarstomfang fan 30 o/m 35 sm, gewicht fariearjend tusken 6 en 7 kilo.
  • Knyntekkel: boarstomfang oant 30 sm, gewicht fariearjend tusken 4 en 5 kilo.

Tekkels kenne trije hierfariëteiten: koart-, lang- en rûchhierrich.

Tekkels binne goede gesinshûnen, foaral as tekkels bûtendoarren genôch dwaande hâlden wurde, binne Tekkels perfekte húshûnen. Tekkels kinne poerbêst mei harren soartgenoaten oerwei. Oare húsbisten en katten wurde wol akseptearre, as sy der fan jongs ôf oan mei opgroeie, mar Tekkels kinne meastal net oerwei mei kjifdieren en fûgels. Tekkels binne bûtengewoan wach en hawwe in moedich karakter. Foar frjemden oer stelle se har wat reservearre op. Tekkels hawwe de eigenskip dat se graach foar harsels wurkje en wat minder foar de baas: de hûn docht foaral himsels in protte wille as er oan it wurk is. Ofhinklik fan harren taak, sykje Tekkels al bewust eachkontakt mei harren baas. De lange rêch fan 'e tekkel is in kwetsber punt: in soad Tekkels krije lêst fan hernia- en rêchklachten. Hûnen fan dit ras kinne dêrneist lije oan de eachsykten PRA, Cataract en Distichiasis. Tekkels ha in libbensferwachting fan sa'n 13 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: