Taksy
In taksy (fan it Dútske tax, "betelling") is in auto wêryn't beteljende passazjiers privee fan it iene plak nei it oare ferfiert wurde. De kosten wurde bepaald troch de ôfleine ôfstân; dy wurdt metten mei de taksymeter. It is gjin foarm fan iepenbier ferfier om't de passazjier sels bepale kin wêr't er ôfhelle en delbrocht wurdt. Taksys wurde bestjoerd troch in taksysjauffeur. Taksys binne almeast persoane-auto's, mar der besteane ek autobuskes dy't as taksy fungearje foar it ferfier fan groepkes passazjiers dy't byinoar hearre. Taksys komme fral foar yn 'e stêd, dêr't men se faak fine kin by in taksystânpleats by it spoarstasjon. Yn gruttere stêden ride taksys faak mar wat om op 'e siik nei minsken dy't ferlet hawwe fan ferfier. Se kinne dan by de trottoirrâne oanholden wurde troch it opstekken fan in hân. Op it plattelân moat men spesjaal in taksybedriuw opskilje om in taksy te bestellen.
Njonken taksys foar ferfier neffens de winsken fan 'e passazjiers, komme tsjintwurdich ek hieltyd faker saneamde 'rûtetaksys' foar: autobuskes dy't in bepaalde rûte ride mei in tal fêste haltes. Dit is wol in foarm fan iepenbier ferfier. Fierders komme yn in protte stêden oer de hiele wrâld frachttaksys foar, dy't gjin passazjiers mar fracht transportearje. Yn lannen yn Súdeast-Aazje wurdt yn stêden in protte gebrûk makke fan riksja's of fytstaksys. De lêste desennia sjocht men dy ek yn stêden yn West-Jeropa geregeldwei werom. Yn stêden mei in goed ûntwikkele netwurk fan kanalen, befarbere rivieren en oare oerflaktewetters komme ek wettertaksys foar. Yn Fryslân wurde dy ek wol brûkt foar ferfier fan en nei de Waadeilannen. Yn guon lannen is it gebrûklik dat taksys in bepaalde kleur hawwe, sadat potinsjele passazjiers se op 'e strjitte maklik weromkenne kinne. Sa binne taksys yn 'e Britske haadstêd Londen swart (en hawwe dêrby ek in apart, heech model, sûnder kofferbak), wylst yn 'e stêden fan 'e Feriene Steaten alle taksys giel binne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|