Stoke-on-Trent
Stoke-on-Trent | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Regio | West Midlands | |
Greefskip | Staffordshire | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 239.700 (2001) | |
Oerflak | 93,5 km² | |
Befolkingsticht. | 2.565 / km² | |
Hichte | m | |
Oar | ||
Tiidsône | GMT (UTC+0) | |
Simmertiid | (UTC+1) | |
Offisjele webside | ||
www.stoke.gov.uk |
Stoke-on-Trent is in stêd (city) en unitary authority yn de Ingelske regio West Midlands yn it greefskip Staffordshire. De stêd leit oan de river de Trent en hat 240.636 ynwenners.
De stêd waard begjin 20e iuw foarme troch it by elkoar bringen fan seis plakken en in tal doarpen. It plak dat de nije stêd har namme joech is Stoke-upon-Trent, om't dêr it bestjoer (en it wichtichste spoarstasjon) siet. Dêrnei waard Hanley it meast wichtige hannelssintrum, nettsjinteande de konkurrinsje fan Burslem. De oare trije plakken binne Tunstall, Longton en Fenton.
De stêd foarmet in konurbaasje mei Newcastle-under-Lyme; tegearre hawwe sy sa'n 362.403 ynwenners.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan de befolking is 16,2% boppe de 65 jier. De wurkleazens beslacht 4,0% fan de beropsbefolking (sifers folkstelling 2001).
It tal ynwenners sakke fan sa'n 249.400 yn 1991 nei 240.636 yn 2001.
Stêdebannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berne/hikke en tein yn Stoke-on-Trent
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Arnold Bennett (1867 - 1931), romanskriuwer
- Mark Chamberlain (1961), fuotballer
- Ted Hankey, darter
- Saul Hudson (Slash), earder gitarist fan Guns 'N Roses, gitarist fan Velvet Revolver (berne yn Hampstead, Londen, waard grut yn Stoke-on-Trent)
- Lemmy Kilmister, foaropman, sjonger en bassist fan Motörhead
- Adrian Lewis, darter
- Stanley Matthews, fuotballer
- Phil Taylor, darter
- Robbie Williams, sjonger
- Andy Hamilton, darter
- Hugh Dancy, akteur