iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Sprekwurd
Sprekwurd - Wikipedy Springe nei ynhâld

Sprekwurd

Ut Wikipedy

In sprekwurd is in koarte, krêftige útspraak dy't in (folks)wiisheid, in kollektive ûnderfining of in morele opfetting werjout. Guon sprekwurden binne mei-inoar yn tsjinspraak. Sa binne der sprekwurden dy't oanfiterje ta dapperens, wylst oaren krekt riede om foarsichtich te wêzen. In foarbyld is it Fryske sprekwurd: "Jild moat rôlje, dêrom is it rûn." Mar der bestiet ek in sprekwurd dat krekt it tsjinstelde seit: "Jild moatst op sitte, dêrom is it plat." Yn tsjinstelling ta in tiidwurdlike útdrukking, dy't nei it ûnderwerp ferbûgd wurdt, brûkt men by in sprekwurd altyd persiid deselde formulearring. Faak besteane sprekwurden út twa dielen, wêrby't it earste diel in oarsaak of betingst beskriuwt, en it twadde diel in gefolch of konklúzje. De wittenskiplike stúdzje fan sprekwurden is de paremiology.

Der besteande ferskate sprekwurdboeken dêr't sprekwurden yn sammele en ferklearre wurde. Al yn 1480 waard der yn 'e Nederlannen in bondel mei sprekwurden útjûn ûnder de titel Proverbia Communia ("Algemiene Sprekwurden"). By elts sprekwurd wie de Latynske oersetting tafoege foar it learen fan it Latyn, dat doedestiden de taal fan 'e wittenskip wie. De earste printinge fan 'e Adagia fan Erasmus, wêryn't dyselde Latynske en Grykske sprekwurden fan útlis foarseach, datearret út 1500. De bekendste sprekwurden wurde ek yn gewoane wurdboeken opnommen. Dêrby wurde se yn 'e regel alfabetisearre ûnder it earste haadwurd of tiidwurd yn it sprekwurd.

Noch inkele foarbylden fan sprekwurden binne: "Praten is sulver, mar swijen is goud" en "It moat al in goed prater wêze dy't in stilswijer ferbetterje sil." In bysûndere foarm fan it sprekwurd is it apologyske sprekwurd, wêrmei't de sprekker faak syn eigen dieden bekommentariëarret, en dat de foarm "sei de ..." hat. Foarbylden dêrfan binne: "Alle bytsjes helpe, sei de duvel, en smiet in flie yn 'e hel," of: "De wierheid is hurd, sei de man, en sloech syn wiif mei de Bibel op 'e kop."

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.