iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Sint-Nikolaastsjerke_(Wyk_op_Feer)
Sint-Nikolaastsjerke (Wyk op Feer) - Wikipedy Springe nei ynhâld

Sint-Nikolaastsjerke (Wyk op Feer)

Ut Wikipedy
De Sint-Nikolaastsjerke fanút it easten

De Sint-Nikolaastsjerke (Dútsk: Kirche St. Nicolai) yn Wyk op Feer is ien fan de trije midsiuwske tsjerken op it Noard-Fryske eilân Feer (Föhr). Sûnt de ynfiering fan de reformaasje op Feer yn de jierren 1526 oant 1530 is de Sint-Nikolaas in protestânsk tsjerkegebou. De tsjerke leit oan de Sankt Nicolaistraße yn it doarp Boldixum.

Tsjerkegongster yn tradisjonele klaaiinge
Ynterieur

De oarsprong fan de oan de hillige Nikolaas wijde romaanske tsjerke stamt út de tiid fan 1240. Oan de eastkant fan de tsjerke slút in koar oan mei in apsis. De goed 28 meter hege goatyske toer is fan lettere tiid en waard yn de 15e iuw boud en fan in sealtek ôfsletten. Yn it begjin fan de 18e iuw waard in noardlik skip oanboud om it tanimmend tal tsjerkgongers bergje te kinnen.

Foar de Noard-Fryske skiednis is it bouwurk wichtich om't hjir yn âlde tiden politike gearkomsten plak fûne.

Doe't men de tsjerke restaurearre yn de jierren 1969-1970 waarden der oan de gewelven 13e-iuwske muorrebeskilderingen ûntdutsen. De beskildering waard renovearre en rekonstruearre. Fan it koar wie de orizjinele beskildering net mear foarhannen. Dêr binne let-goatyske fresko's te sjen. Njonken it altar (1643), de kânsel (1630), it doopfont (13e iuw), in byld fan de hillige Nikolaas (1300) en trije let-goatyske bylden heart it oargel ta de bysûnderheden dy't de tsjerke it besjen wurdich makket.

Yn de tsjerketoer hingje fjouwer klokken, de âldste klok stamt út 1767, ien út 1934 en de oare twa út 1962.

De Nikolaastsjerke leit yn it fermidden fan in grut hôf, dat omheind wurdt toch âlde muorren fan fieldstiennen, oan de grins fan de doarpen Boldixum en Wrixum. Op it hôf binnen tal fan barokke grêfstiennen de muoite wurdich om te sjen. In soad grêfstiennen tsjûgje fan in djip kristlik leauwe en binne fersierd mei ôfbyldings fan ferhalen út de Hillige Skrift of fan de ferstoarne sels. Ek jout mannich grêf in beskriuwing oer it libben fan de ferstoarne.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: