iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Sedille
Sedille - Wikipedy Springe nei ynhâld

Sedille

Ut Wikipedy
¸ ç ş

Lêstekens:

punt
fraachteken
útropteken


skrapke of komma
dûbele punt
stipskrapke of puntkomma
ûnderbrekkingsstippen
gedachtestreekje
fuotnoatteken


heakje
klammerke


apostrof
keppelteken
ôfbrekstreekje


breedteken of kapke
dielteken of trema
klamteken (accent grave)
skerpteken (accent aigu)
sedille

In sedille (fia Frânsk cédille út it Spaansk cedilla, ferlytsingswurd fan ‘’ceta’’, de letter ‘z’) is in lêsteken dat ûnder oare yn de stavering fan it Albaneesk, it Katalaansk, it Frânsk, it Portegeesk en it Turksk brûkt wurdt. De sedillee is in heakje dat ûnder in bylûd set wurdt.

Yn it Frânsk, it Katalaansk en it Portugeesk komt de sedille allinnich foar ûnder in c dy’t folge wurdt fan in a, o of u, en jout dan oan dat dy c net as in k mar as in s útsprutsen wurde moat.

  • ca = /ka/ (cadeau)
    ça = /sa/ (ça va?)
  • co = /ko/ (comédie)
    ço = /so/ (garçon)
  • cu = /ku/ (culture)
    çu = /su/ (reçu)

Fan oarsprong wie de sedille in z dy’t efter in c skreaun waard. De z like wat op in 3 (sjoch ôfbylding). Dy z waard letter ûnder de c set, wêr’t dy it boppeste streekje kaam te missen.

De sedille ûnder de z.
De sedille ûnder de z.



Yn it Turksk wurdt de sedille brûkt ûnder de s en de c. De ç stiet foar de [tsj] lykas yn ‘’Tsjechië’’ (IPA: tʃ) en de ş foar de [sj] yn ‘’sjantelje’’ (IPA: ʃ). In c sûnder sedille jout it lûd [dzj] lykas yn ‘’jeans’’ (IPA: dʒ) oan en de s sûnder sedille de sisklank lykas dy ek yn ‘’splisse’’ foarkomt. Yn it Turkske alfabet nimme ç en ş in eigen plak yn.