iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Romulus_Augustulus
Romulus Augustulus - Wikipedy Springe nei ynhâld

Romulus Augustulus

Ut Wikipedy
Romulus Augustulus.
It West- en Eastromeinske Ryk yn 476

Romulus Augustulus, ek wol Romulus Augustus of Flavius Romulus (om-ende-by 460 - nei 507?), wie de lêste keizer fan it Westromeinske Ryk. De namme Augustulus, eins in bynamme, is it ferlytsingswurd fan Augustus, en betsjut sokssawat as keizerke.

Romulus wie noch mar in bern fan tsien jier âld, doe't er op 30 oktober 475 troch syn heit Orestes op de keizerlike troan fan it Westromeinske Ryk setten waard. Syn heit wie legerlieder en makke diel út fan de senaat yn Rome, en hie feitlike de macht yn hannen.

De foargonger fan Romulus, keizer Julius Nepos, wie troch Orester fuortjeie nei Dalmaasje. Fan syn ferballingsoarde út wie dizze keizer altiten noch in macht fan betsjutting omdat Romulus troch Seno, de keizer fan it easten, net erkend waard as keizer fan it westen. Sûnder stipe út it easten line Orester foaral op syn Germaanske hierlingenleger. De sterke machtsposysje dy't de Germanen hjirtroch hienen soe der ta liede dat harren lieder Odoäker tsjin Orestes yn opstân kaam.

Op 23 augustus 476 waard Orestes fermoarde en Romulus Augustulus troch Odoäker ôfsetten. Romulus Augustulus waard út Rome ferballe en finzen holden op in eilân foar de kust fan Itaalje. Dat barren wurdt beskôge as de kulminaasje fan in iuw fan stadich ferfal dy't bekendstiet as de Fal fan it Westromeinske Ryk. Oer syn fierdere libben is net in protte ynformaasje beskikber, mar nei alle gedachten libbe er noch yn 508 of 510.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]