iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Riviermûning
Riviermûning - Wikipedy Springe nei ynhâld

Riviermûning

Ut Wikipedy
De mûning fan 'e Ebro yn 'e Middellânske See.

In riviermûning of koartwei mûning is it plak dêr't in rivier yn in grutter oerflaktewetter streamt, ornaris in gruttere rivier, in mar of kearmar, de see of in ôfskutte diel fan 'e see lykas in baai, ynham of golf. Trochdat der by riviermûnings, benammen oan see, almeast net folle reliëf is, streamt de rivier dêr relatyf stadich. Dêrtroch wurdt der faak sedimint ôfsetten dat troch it wetter streamop fuortspield en oer de tuskenlizzende ôfstân meidroegen is. De ôfsetting fan sedimint makket de rivier ûndjipper, mei as gefolch dat der noch mear sedimint ôfset wurdt. By riviermûnings is dêrom op lânkaarten en loftfoto's faak in dúdlike útstulping fan it lân yn 'e see te sjen, dy't ûntstien is troch de iuwenlange opbou fan sok sedimint. Op deselde wize wurde ek sânbanken oanmakke en rivierdelta's, wêrby't de rivier troch de opbou fan sedimint twongen wurdt om ferskate fertûkings te foarmjen.

By in protte riviermûnings feroaret de streamrjochting fan it wetter twa kear deis mei it tij. By êb, as de see leech stiet, streamt it rivierwetter yn see, mar by floed streamt it sâlte seewetter in ein de riviermûning op en blokkearret dêrmei de frije útstream fan rivierwetter. Dat betsjut dat de wetterstân by riviermûnings fluktuëarret en dat it wetter brak is. In riviermûning dêr't soks foarkomt, wurdt in estuarium of tijmûning neamt.

As it rivierwetter in hegere tichtens hat as it wetter yn it ûntfangende oerflaktewetter, sil it rivierwetter ûnder it wetteroerflak fan dat oerflaktewetter dûke en in ûnderstreaming foarmje. Soks komt wol foar by marren, en it is in ferskynsel dat gefaarlik is foar (minsklike) swimmers, dy't meiskuord wurde kinne nei de boaiem. It komt lykwols folle mear foar dat it rivierwetter krekt in legere tichtens hat as it ûntfangende oerflaktewetter, fral as it giet om in rivier dy't útmûnet yn see. It rivierwetter sil dan oer it seewetter hinne driuwe en in boppelaach foarmje oant it him mei it seewetter fermingt.

Faak lizze der havenstêden oan of deunby riviermûnings, mei't sokke kontreien fan belang binne foar de hannel. Der arrivearje seeskippen út oare dielen fan 'e wrâld mei guod dat oerladen wurde moat yn binnenfeartskippen om it streamop oer de rivier nei it efterlân fan 'e havenstêd te ferfieren. Oarsom komt der guod mei binnenfeartskippen út it efterlân, dat oerladen wurde moat yn seeskippen om it oersee te transportearjen. Histoarysk waard oer dat oerladen, de oerslach, faak belesting heft, wat sokke havenstêden ryk makke, ek al produsearren se sels neat om te ferhanneljen. Foarbylden fan havenstêden oan of deunby riviermûnings binne Rotterdam oan 'e Ryn, Antwerpen oan 'e Skelde, Bremen oan 'e Wezer, Hamburch oan 'e Elbe, Londen oan 'e Teems, Le Havre oan 'e Seine, Bordeaux oan 'e Garonne, Lissabon oan 'e Taach, Aleksanderje oan 'e Nyl en New Orleans oan 'e Mississippi.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.