iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Renate_Groenewold
Renate Groenewold - Wikipedy Springe nei ynhâld

Renate Groenewold

Ut Wikipedy
Renate Groenewold
sporter
Renate Groenewold (2007)
Renate Groenewold (2007)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Renate Titzia Groenewold
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 8 oktober 1976
berteplak Musselkanaal
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
O.S. Salt Lake City 2002,
Turyn 2006,
Vancouver 2010
debút 1993
karriêre-ein 2010
wichtige prestaasjes
2x sulver Olympyske Spullen 2002, 2006
1x goud WK Allround 2004
1x brûns WK Allround 2001

Renate Titzia Groenewold (Musselkanaal, 8 oktober 1976) is in earder Nederlânsk reedrydster.

Groenewold die njoggen kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, alve kear oan it Europeesk kampioenskip en trije kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 2002, 2006 en 2010). Sy waard by dizze kampioenskippen ien kear wrâldkampioen allround. Sy waard ek trije kear Nederlânsk allround kampioen. Nei de spullen fan 2010 hold Groenewold op mei it reedriden op heech nivo.

Nei har karriêre as reedrydster waard se trainer by in troch harsels oprjochte ploeg. Ek is se mei-eigener fan in boubedriuw yn Stedskanaal. Yn 2016 waarden al har gouden medaljes stellen[1] . It Ynternasjonale reedriidbûn ISU liet fiif fan de stellen allround medaljes neimeitsje en Groenewold krige de medaljes yn maart 2017 opnij útrikt by it WK shorttrack yn Rotterdam[2].

Persoanlike rekôrs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 39,48 26 jannewaris 2002 flagge fan Kanada Olympic Oval, Calgary
1000 meter 1.17,16 24 febrewaris 2001 flagge fan Kanada Olympic Oval, Calgary
1500 meter 1.55,29 20 novimber 2005 flagge fan de Feriene Steaten Utah Olympic Oval, Salt Lake City
3 km 3.55,98 16 novimber 2007 flagge fan Kanada Olympic Oval, Calgary
5 km 7.01,21 27 novimber 2004 flagge fan Nederlân Thialf, It Hearrenfean
jier NK
Allround
NK
Sprint
NK
Ofstannen
EK
Allround
WK
Allround
WK
Ofstannen
Olympyske
Spullen
1993 1000 m, 11e
1500 m, 12e
3 km, 13e
1994 1500 m, 16e
1995 500 m, 7e
1500 m, Brûns
3 km, 5e
5 km, 6e
1996 5e 1500 m, 5e
1997 7e
1998 9e 1500 m, 16e
3 km, 5e
5 km, Brûns
1999 1500 m, 6e
3 km, 4e
5 km, Sulver
7e 12e
2000 Goud 500 m, 6e Brûns 5e 1500 m, 10e
3 km, 6e
2001 Sulver 1000 m, 5e
1500 m, Goud
3 km, Goud
5 km Sulver
Diskwalifisearre Brûns 1500 m, 4e
3 km, 7e
5 km 4e
2002 500 m, 6e
1000 m,Sulver
Brûns 6e 1500 m, Net finisht
3 km, Sulver
2003 Goud 1000 m,Sulver
1500 m, Goud
3 km, Brûns
Brûns 8ste 1500 m, 6e
2004 Goud 1500 m, 4e
3 km, Goud
5 km, Brûns
Brûns Goud
2005 Sulver 8ste 500 m, 7e
1000 m, Sulver
1500 m, Goud
3 km, Sulver
5e 7e 1500 m, 8ste
3 km, 10e
2006 1500 m, Brûns
3 km, Sulver
5 km, Sulver
Sulver 1500 m, 9e
3 km Sulver
5 km 9e
ploege-efterfolging, 6e
2007 Sulver 1500 m, Sulver
3 km, Goud
Brûns Net finisht 3 km, Sulver
5 km, 13e
ploege-efterfolging, Sulver
2008 Sulver 1500 m, 7e
5 km, Goud
7e 3 km, 7e
5 km, 6e
ploege-efterfolging, Goud
2009 Diskwalifisearre 3 km, Goud
5 km, Goud
5e 8ste 3 km, Goud
5 km, 7e
ploege-efterfolging, Sulver
2010 3 km, Sulver
5 km, Goud
3 km, Sulver
ploege-efterfolging, 6e

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL