iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Qin_Shi_Huang
Qin Shi Huang - Wikipedy Springe nei ynhâld

Qin Shi Huang

Ut Wikipedy
Qin Shi Huang, de earste keizer

Qin Shi Huang ek: 'Qin Shi Huangdi (259 f.Kr.210 f.Kr.) wurdt wol de earste keizer fan Sina neamd. Hy feriene heul Sina ta ien ryk en wie de stichter fan de Qin-dynasty. Dizze dynasty telt mar twa keizers.

De earste keizer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neidat Qin Shi Huang de oare stridende steaten ferovere hie en dêrmei Sina feriene rôp hy himsels yn it jier 221 f.Kr. út ta de Earste Keizer fan Sina. Hy fierde dêrmei in legalistyske steatsfoarm yn. De earste keizer standarisearre it Sineeske skrift, de burokrasy, de wet, de munten, gewichten en maatregelen. Hy wreide it Sineeske ympearium út, lei in systeem fan wegen oan en boude massive festingwurken en paleizen.

Qin Shi Huang stie bekend as in wrede hearsker dy' maklik deade en minsken dy't net om lyk woenen liet hy ferbanne. Hy stie ek bekend om het ferbaarnen fan alle boeken út foarrige rezjyms, hy ferbiede sels dat syn gelearden sprutsen oer it ferline. Op 49-jierrige leeftiid stoar Qin Shi Huang hommels yn 210 f.Kr., grif oan kwikfergiftiging. Neffens de oerlevering hie hy kwikpillen ynnomd, dy't him neffens syn algemisten ûnstjerlik meitsje soenen. Syn soan soe de nij keizer fan de Qin-dynasty wurde. Mar twa jier nei de dea fan Qin Shi Huang waard syn soan yn 208 f.Kr. fan de troan stjitten.

Hjirop folge in tiid fan gaos en opstân. Yn 206 f.Kr. waard de Qin-dynasty ômsmiten troch rebellen ûnder lieding fan Liu Bang, de earste keizer fan de Han-dynasty.

Sineeske muorre

De Sineeske muorre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Qin Shi Huang woe Sina beskermje tsjin ynfallen fan nomadyske folken. Yn it noarden wienen al inkele muorren dy't troch oare steaten boud wiene, en Qin Shi Huang besluet dat dizze allegear mei elkoar ferbûn en útwreide wurde moasten sadat der in trochrinnende muorre ûntstie fan de Giele See nei Sintraal-Aazje. Alle draaien en bochten meirekkene hat de Grutte Muorre in lingte fan 6400 kilometer. De hichte is ûngefear njoggen meter. De bou hat ûngefear tsien jier yn beslach naam, fan 214 oant 204 f.Kr. De muorre waard boud fan ierde en stien. Op fêste ôfstannen waardeb útsjochtuorren boud dy't sa'n 12 meter heech wiene. Dizze wienen bedoeld om de muorren te beweitsjen en ek om sinjalen, oerdei mei reek, nachts mei fjoer, oer te bringen nei de haadstêd Ksianjang. De Grutte Muorre waard boud troch soldaten, feroardielden, kriichsfinzenen en slaven. Omdat de muorre boud waard yn in skreiershoek fan it ryk, moast der in spesjaal netwurk fan wegen oanlein wurde foar it ferfier fan de arbeiders, itensfoarrieden en ark.

It Terrakottaleger

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It opgroeven terrakottaleger, it grêf sels fan Qin Shi Huang waard noch net eksploitearre.

Doe't Qin Shi Huang oan de macht kaam begûn hy al gau mei it bouwen fan syn lêste rêstplak. Yn it jier 1974 fûnen boeren, dy't in put groeven, in terrakottasoldaat. By fierdere opgravings kamen tûzenen soldaten en hynders foar it ljocht, in heul leger dat blykber bedoeld wie om de keizer te beselskipjen yn syn ûnstjerlikheid. Dat wie de grutste archeologyske fûnst fan de 20e iuw yn Sina.

Hjoed de dei binne der hast 8000 figueren opgroeven yn trije ûndergrûnske hallen. Fuotfolk, krúsbôgesjitters, ruters mei weinen en hyns; allegear stienen se opsteld as foar in fjildslach. Se binne tusken de 1,60 m en 1,80 m grut. Se hawwe allegear ferskate skaaimerken. Guons steane, oaren sitte knibbbele mei spande pylk-en-bôge, lykas't se harren warden tsjin de oanslach. Guons drage in harnas en oaren drage in unifoarm. De wapens dy't se drage binne echt en de haadtugen fan de hyns binne makke fan brûns. De soldaten wienen earder grif skildere yn heldere kleuren, mar nei 2000 jier wacht hâlden binne de kleuren ferbleke of ferdwûn.

De wapens dy't fûn waarden binne noch altiten skerp. Dit komt grif troch de oerflaktebehanneling dy't de Sinezen - yn dy tiid - perfeksjonearre hiene. De pylkpunten befetsje in heech persintaazje lead, wa't net dea gie troch de pylk, waard wol fergiftige troch it hege persintaazje lead.

Figueren út it terrakottaleger.

It grêf sels fan Qin Shi Huang is bedekt mei in dikke laach grûn. Nimmen wit krekt wêr't de yngong is. Oant hjoed de dei is it grêf noch net bleatlein. Ut histoaryske ferslaggen blykt dat it út ferskate paleizen en paviljoens bestiet, fol mei seldsume edelstiennen en oare skatten. Ek wurdt ferhaald dat automatyske krúsbôgen ynstallearre binne dy't ôfgean soene sadree't it grêf iepene wurdt. It plafond soe ynlein wêze mei pearels om de sinne, de moanne en de stjerren út te byldzjen. De flier en de muorren soenen berape wêze mei brûns om it wetter te kearen. Kwiksulver soe yn beweging brocht wurde om in streamende rivier te lykjen. Koartlyn is, mei troch it finen fan in ferhege hoemannichte kwik yn de boaiem, de wierskynlike lokaasje fan it grêf bepaald. Men doart it grêf lykwols noch net bleat te lizzen út eangst weardefolle saken ûnwerstelber te beskeadigjen. Oan de ein fan de bou fan it grêf soenen de minsken, dy't holpen hiene, libben begroeven wêze yn it ûndergrûnske paleis sadat net ien fan de geheimen iepenbiere wurde koe. De eksploraasje fan it grêf sil in goed byld opleverje kinne en kin boppesteande ferhalen ûntkenne of befêstigje.

Yn de film 'Hero' fan de Sineeske regisseur Zhang Yimou, mei ûnder mear Jet Li, wurdt it ferhaal fan Qin Shi Huang yn grutte halen útien set. Yn syn dream om Sina ta in grut keizerryk te ferienjen makket Qin Shi Huang fijannen yn benammen Zhao. Dit resultearre yn meardere oanslaggen op syn libben. Qin Shi Huang sette in beleanning op de holle fan syn trije meast freze fijannen. Op in dei komt in frjemdling oanspraak meitsjen op de beleanning. Mar wat is syn wiere bedoeling?