Perigeum
Appearance
It perigeum, út it Latyn, fan peri ("tichtby") en gea ("Ierde"), is it plak yn in omrin om de Ierde wat it tichtst by it swiertepunt fan de Ierde leit. Op dat stee fan de omrin, tichteby dat fan de Ierde, is de faasje fan it objekt it heechst. Lykwols is foar de Moanne de baan net sa presys beskreaun dat krekt sein wurde kin wêr't it perigeum leit.
Meer yn it generaal, hat in objekt dat om in oar draait, in periapsis, in punt fan de bôge wat it tichtst by dat fan it draaipunt leit. Oarsom, is by in omrin om de Ierde it punt dêr't de Moanne it fierst fan de Ierde komt it apogeum.