iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Oeral_(rivier)
Oeral (rivier) - Wikipedy Springe nei ynhâld

Oeral (rivier)

Ut Wikipedy
Kaartsje fan de Oeral

De Oeral is in rivier troch Ruslân en Kazachstan. De boarne fan de rivier leit yn it Oeralgebiet en rivier komt út yn de Kaspyske See. De rivier hat in lingte fan 2.428 km en in streamgebiet is 249.549 km².

De grutste stêden oan de Uralrivier binne

  • Orsk (Ruslân) - hjir komt de Or yn de rivier út;
  • Orenburch (Ruslân) - fan hjir ôf kinne grutte skippen op de rivier farre, en is de rivier in grut part fan it jier, 210 dagen iisfrij;
  • Oral (Kazachstan);
  • Atıraw (Kazachstan) - hjir komt de rivier yn de Kaspyske See út.

De Oeralrivier hiet oant 1775 Jaik. Katarina de Grutte hat de namme feroare doe't de Jaik-kozakken meidiene oan de Poegatsjov-opstân. Hja woe sa harren namme Jaik ferdwine litte. Dat is ek slagge, mar it hat neat úthelle om't de Jaik-kozakken mei de nammeferoaring meidien hawwe en no Oeral-Kozakken hjitte.