Nikosia
Nikosia Λευκωσία Lefkoşa | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Syprus Noard-Syprus (allinne troch Turkije erkend). | |
distrikt | Nikosia | |
Sifers | ||
Ynwennertal | gemeente: Súd: 55.014 Noard: 61.378 stêdekloft: Súd: 244,200 Noard: 82,539 | |
Oerflak | 51.06 km² | |
Hichte | 216 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +2 | |
Simmertiid | UTC +3 | |
Koördinaten | 35° 10' N 33° 21' E | |
Offisjele webside | ||
www.nicosia.org.cy | ||
Kaart | ||
Nikosia (Gryksk: Λευκωσία, Levkosía, Turksk: Lefkoşa) is de dielde haadstêd yn it sintrum fan it eilân Syprus en it haadplak fan it distrikt mei deselde namme. Nikosia is de haadstêd fan de Republyk Syprus en de haadstêd fan 'e ynternasjonaal net-erkende Turkske republyk Noard-Syprus.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Untstean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Pedieos, de langste rivier fan Syprus, spile in grutte rol by it ûntstean en de groei fan 'e stêd. Mei de fruchtbere boaiem, it tuskenbeiden klimaat en de beskerming dy't de omlizzende bergen biede is de rivier ien fan 'e redenen wêrom't it dêr foar minsken gaadlik wie om harren nei wenjen te setten. De earste delsettings yn it gebiet ûntstienen yn 'e kopertiid (4000-2500) v. BC), in soad argeologyske fynsten wize ek op bewenning yn 'e brûnstiid (2500-1050 f.Kr.) en yn it geometryske tiidrek (1050-750 f.Kr.).
De stêd bestiet sûnt de 7e iuw f.Kr. ûnder de antike namme Ledra. De earste bekende delsetting út 'e 7e iuw f.Kr. waard oan 'e noardlike kant fan 'e Pedieos stifte en groeide letter oer de súdlike kant hinne. Yn 'e Byzantynske tiid (650 oant 1191 n.Kr.) groeide de stêd en oan 'e kant fan 'e rivier ûntstiene de lannelike útbuorrens Strovolos en Lakatamia. Tsjin de ein fan 'e 11e iuw n.Kr wie Nikosia de haadstêd fan it Byzantynske eilân Syprus en foar it earst waard de stêd mei ferdigeningswurken fersterke.
Keninkryk Syprus
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1191 ferovere Richard Liuwehert Syprus yn it ramt fan 'e Tredde Krústocht, dy't it eilân yn 1192 ferkocht oan Guido fan Lusignan, dy't sûnt it lân bestjoerde. Sa stie it eilân fan 1192 oant 1489 bekend as it Keninkryk Syprus ûnder it Hûs fan Lusignan. Yn dy tiid wie Nicosia omklamme mei ferdigeningswurken en de Pedieos streamde noch troch it sintrum fan Nikosia, de hjoeddeiske histoaryske stêd. It wie ek de tiid dat de stêd syn grutste bloei yn 'e ûntwikkeling meimakke: de Lusignans makken fan Nikosia in stêd, dy't tsjinne as de sit fan 'e keningen fan Syprus en de Latynske Tsjerke. Der waarden prachtige goatyske gebouwen boud, lykas de Sofiakatedraal, dy't de Ottomanen letter ombouden ta in moskee. Nikosia wie foar dy tiid in grutte stêd mei sa'n 25.000 ynwenners.
Floed fan 1330
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn novimber 1330 waard it hiele eilân troch in grutte ramp troffen. Nei swiere stjalprein waard de Pedieos in wylde rivier, dy't in soad beammen en pún mei nei Nikosia fierde. Yn Nikosia lei yn it sintrum in brêge en mei't it pún en de beammen dêr de trochfier ferstoppe, ûnstie der yn 'e binnenstêd in 9 meter hege floed, dy't net allinne in soad gebouwen ferneatige mar ek tusken de 2.000 en 6.000 slachtoffers koste. De ramp makke grutte yndruk op 'e befolking en kening Hugo IV stelde in fêsteltiid fan trije dagen en in prosesje yn, dy't alle jierren holden waard ta neitins fan 'e slachtoffers.
Fenesiaanske tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1489 kaam Syprus ûnder Fenesiaanske kontrôle. De útwreiding fan it Ottomaanske Ryk en syn oermastering fan Konstantinopel fergrutte it belang fan Syprus as in Jeropeeske bûtenpost. Dêrfandinne en as tarieding op in Osmaanske oanfal brieken de Feneesjers de midsiuwske ferdigeningswurken fan Nikosia ôf en waarden nije stedsmuorren boud, dy't hjoed-de-dei noch sichtber binne. It oansjen fan 'e stêd feroare dêrmei yngreven. De Pedieos waard tusken 1567 en 1570 omlaat en streamde tenei fierder noardliker bûten de stedsmuorren de stêd foarby. De neffens de ûntwerpen fan Giulio Savorgnano boude stedsmuorre mei alve bolwurken, in djippe grêft en trije stedspoarten koene de Osmaanske oanfal lykwols net opkeare. Nei in belegering fan seis wiken waard de stêd yn septimber 1570 troch troepen fan Lala Mustafa oermastere.
Ottomaanske tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 1 july 1570 kaam de stêd ûnder it bewâld fan 'e Ottomanen. Op 22 july, nei't Piyale Pasja Pafos, Limasol en Larnaka ferovere hie, marsjearren de Turkske troepen nei Nikosia om de stêd yn te nimmen. De stêd wist 40 dagen oant de fal op 9 septimber 1570 lang ferset te bieden. It ferslach fan 'e Syprioatyske martler en heldinne Arnaude de Rocas datearret fan 'e fal fan Nikosia. Sawat 20.000 ynwenners ferstoaren by it belis en alle tsjerken, iepenbiere gebouwen en it paleis waarden plondere. De befolking fan Nikosia hie neffens rûzing foar de Ottomaanske ferovering likernôch 21.000 ynwenners, mar neffens gegevens fan 'e Ottomaanske folkstelling fan 1572 wie de befolking sakke ta 1.100-1.200 ynwenners. De ferneatiging fan 'e stêd wie sa slim, dat nei de oermastering der doarpen op it eilân wiene mei in gruttere befolking as Nikosia. De wichtichste Latynske tsjerken waarden ferboud ta moskeeën, lykas de Sint-Sophiakatedraal.
Nikosia waard ûnder Ottomaansk bewâld de sit fan it Ottomaanske bestjoer en de Grykske aartsbiskop. It Feneesjaanske Palazzo del Governo waard de sit fan 'e pasja, de gûverneur fan Syprus en waard tenei Seraglio neamd (Saray). It plein foar it paleis krige de nije namme Seraglioplein of Sarayonu (letterlik 'foar de Saray') en sa stiet dat no ek noch bekend. De saray waard yn 1904 ôfbrutsen en ferfongen troch de hjoeddeiske oerheidsgebouwen.
Nei de Ottomaanske oermastering fan it eilân waarden Turken nei Syprus brocht en yn Nikosia setten hja harren yn 'e regel op 'e noardlike kant fan 'e rivier nei wenjen. De Grykske Syprioaten wennen fral oan 'e súdlike kant, dêr't ek de biskopssit fan 'e Otterdokse Tsjerke stie. Oare etnyske groepen, lykas de Armeenjers en de katoliken, krigen it gebiet by de westlike tagong fan 'e stêd tawiisd.
Lykas it hiele eilân, dat nei de ynname bot ferearme, belibbe Nikosia in tiid fan delgong. Nei de Russysk-Turkske Oarloch fan 1877-1878 moast de sultan Syprus oan Grut-Brittanje ôfstean.
Britske tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de Britske oername yn 1878 beskreaune de earste bûtenlânske besikers Nikosia as in smoarge en ferwaarleaze stêd. De stêd hie gjin rioelsysteem en waard pleage troch stilsteand wetter, dat in boarne fan ynfeksjes en malaria wie. De Britten modernisearren de stêd yn ferskillende fazes en de wichtichste feroarings wiene û.o. de reorganisaasje fan it bestjoer, it ferbetterjen fan 'e iepenbiere hygiëne en it oanlizzen fan ynfrastruktuer want oant 1878 lei der allinne in suterige dyk tusken Nikosia en Larnaka.
Yn 'e 82 jier fan Britsk bestjoer fûnen de grutste feroaringen yn 'e skiednis fan Nikosia plak. Yn dy tiid naam Nikosia de posysje fan 'e hannelsstêd Larnaka oer, dêr't yn 'e Turkske tiid de Europeeske konsulaten stiene, en de posysje as it edukative en kulturele sintrum fan Limasol.
Yn 'e jierren 1930 waarden de Fenesiaanske stedsmuorren as in soarte fan wurkferskaffingsprojekt ûnder lieding fan Peter Megaw restaurearre troch it Ministearje fan Aldheid. Yn 1949 waard it lúkse Ledra Palace Hotel iepene. It Britske bestjoer duorre oant 1960, doe't Syprus in ûnôfhinklike steat waard.
Unôfhinklikens en de ferdieling fan 'e stêd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1960 waard Nikosia de haadstêd fan 'e nije Republyk Syprus. Yn 1963 stelden de Gryksk Syprioaten grûnwetswizigingen út, dy't troch de Turkske minderheid ôfwiisd waarden. Dat brocht in krisis yn it lân en der ûnstiene gewelddadigheden tusken Grykske en Turkske Syprioaten. Nikosia waard ferdield yn Grykske en Turkske wiken mei in Griene Line, neamd nei de kleur fan 'e pen dy't de amtner fan 'e Feriene Naasjes brûkte om in grins te lûken op 'e kaart fan 'e stêd. Dat late ta it weromlûken fan 'e Turkske Syprioaten út it regear en mear geweld yn 1964, wylst in oantal Turksk Syprioaten ferhûzen nei de Turkske dielen fan 'e stêd.
Op 15 july 1974 besocht de Grykske militêre junta mei in steatsgreep it eilân mei Grikelân te ferienigjen. President Makarios III waard ôfset en ferfongen troch de nasjonalist Nikos Sampson, dy't foarstanner fan in ferieniging mei Grikelân wie. Op de steatsgreep folge in pear dagen letter de ynvaazje fan it eilân troch it Turkske leger en in besetting fan goed 37% fan Syprus, ynklusyf it noardlike diel fan Nikosia. De striid feroarsake oan beide kanten in ûnbidich grut flechtlingenprobleem. Yn it gebiet dat de Turken besetten rôp de Turksk Syprioatyske mienskip de Turkske Federale Steat fan Syprus út. Op 15 novimber 1983 proklamearren de Turkske Syprioaten harren ûnôfhinklikens as de Turkske Republyk fan Noard Syprus. Allinne Turkije erkend dat lân, de ynternasjonale mienskip beskôget dat diel as in ûnderdiel fan 'e Republyk Syprus.
Op 3 april 2008 waard yn 'e Ledrastrjitte foar it earst sûnt 1974 in iepening makke troch de Griene Line.
Sûnt 30 oktober 2016 waard Nikosia de iennige haadstêd fan 'e wrâld mei twa tiidsônes nei't it parlamint fan Noard-Syprus de Turkske tiid oannaam. Nei protesten fan 'e Turksk Syprioatyske ynwenners waard dat beslút in jier letter werom draaid en wer oanpast oan 'e Europeeske tiid.
Folkerjochtlike status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under ynternasjonaal rjocht heart Nikosia yn syn gehiel by de Republyk Syprus, dy't lykwols de fakto gjin soevereine rjochten útoefenje kin oer Noard-Nikosia mei't de Turkske troepen nei de Turkske ynvaazje fan 1974 en de besetting fan 38% fan it eilân yn novimber 1983 de Turkske Republyk Noard-Syprus útrôpen. Sûnt dy tiid wurdt de stêd troch in Griene Line dield, dy't fan in fredesmacht fan 'e Feriene Naasjes, de United Nations Peacekeeping Force in Cyprus (UNFICYP), bewekke wurdt.
Oan 'e Dimostheni Severi 34 stiet de Nederlânske ambassade.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It súdlike diel fan Nikosia is in tige libbene stêd mei restaurants en kafee's, fral yn 'e omjouwing fan 'e Famagusta-poarte (πύλη Αμμόχωστου). Yn de hiele histoaryske binnenstêd binne de tradisjonele winkels en hânwurksaken te finen. Oan 'e Ledrastrjitte, dy't oan it Platía Eleftherías (Frijheidsplein; Πλατεία Ελευθερίας) begjint en nei de Griene Line rint, steane gruttere en moderne saken. De Laikí Jitoniá (Λαϊκή Γειτονιά) is in stedsdiel dat fral troch toeristen brûkt wurdt.
Nei de opdieling fan 'e stêd hiene de gebieten fan 'e histoaryske stêd by de grins sawol oan 'e noardlike as oan 'e súdlike kant te meitsjen mei ferfal. Sûnt in jier of wat wurde histoaryske gebouwen wer restaurearre. Op 3 april 2008 waard yn 'e Ledrastrjitte de earste grinsoergong (allinne foar fuotgongers) fan 'e binnenstêd iepene.
De likernôch fiif kilometer lange Fenesiaanske fêstingmuorre waard yn 1567-1568 boud en omklammet yn in stjerfoarm mei alve bolwurken de histoaryske binnenstêd. Fiif fan 'e bolwurken lizze yn it suden; mei de klok mei binne dat: Caraffa, Podocataro, Constanza, D’Avila, Tripoli. De fiif bolwurken yn it noarden binne: Roccas (Turksk: Kaytazağa), Mula (Zahra), Quirini (Cephane), Barbaro (Musalla), Loredano (Cevizli). It alfte bolwurk Flatro wurdt dielt troch grinswachten fan beide kanten en in post fan 'e Feriene Naasjes.
Súd-Nikosia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De yn 1872 boude Agia Faneromeni-tsjerke is de grutste tsjerke binnen de muorren fan Nikosia.
- Njonken de Agia Faneromeni-tsjerke stiet de Araplar-moskee út de 16e iuw.
- De Jehanneskatedraal waard yn 1662 boud en krige yn 'e 18e iuw de status fan katedraal.
- De âldste tsjerke fan Nikosia is de Panagia Chrysaliniotissa-tsjerke út 1450.
- De Famagustapoarte is ien fan 'e trije stedspoarten en fersierd mei seis Fenesiaanske wapens.
- De Tripiotistsjerke stiet yn in gebiet dêr't eartiids rike famyljes wennen. De tsjerke datearret fan 1695 en is wijd oan 'e ingel Gabriel.
- De Omeriye-moskee is in oarspronklik yn 'e 14e iuw boude en oan Marije wijde goatyske kleastertsjerke fan Augustynske bruorren.
- By de Armeenske katedraal yn it stedsdiel Strovolos is ta neitins oan 'e folkemoard op de Armeenske ynwenners fan it Ottomaanske Ryk in monumint oprjocht.
- De roomske Hillich-Krústsjerke stiet yn 'e Griene Line fan 'e stêd. De yngong is oan 'e kant fan Súd-Nikosia.
- Op it Podokataro-bolwurk waard nei de befrijing fan it Britske koloniale bestjoer yn 1960 it Frijheidsmonumint oprjochte.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hûs fan 'e dragoman Hadjigeorgakis Kornesios (adres: Patriarchou Grigoriou 20): in 18e-iuwske stedsfilla; no in etnologysk museum dat lit sjen hoe't de boppelaach fan Syprus eartiids libbe.
- Syprus Museum (adres: Mouseiou 1): it belangrykste argeologyske museum fan it eilân mei fynsten fan it Neolitikum oant de Byzantynske tiid
- Byzantynsk Museum (adres: Πλ. Αρχιεπισκόπου Κυπριανού): ûnderbrocht yn in sydfleugel fan it aartsbiskoplike paleis. De tentoanstelling Trésors de Chypre wurdt presintearre, dy't yn 1967 yn Parys holden waard en dêrnei ferskillende Europeeske stêden oandie. Tanksij dy tentoanstelling binne belangrike ikoanen út it hjoeddeiske besette diel fan Syprus rêden en kinne se tsjintwurdich yn it Byzantynsk Museum útstald wurde.
- Museum fan 'e Nasjonale Striid (adres: Πλ. Αρχιεπισκόπου Κυπριανού): toant saken fan 'e wapene striid fan 'e EOKA tsjin de koloniale macht fan Grut-Brittanje.
- Motorfytsmuseum fan Syprus (adres: Γρανικού 44): wijd oan 'e skiednis fan de motorfyts fan 1914 oant 1983 .
- Folkekundich Museum (Adres: Square of Archbishop Kyprianos, Πλ. Αρχιεπισκόπου Κυπριανού): yn in 15e-iuwsk goatysk gebou is in museum foar folkskeunst ûnderbrocht. Aartsbiskop Kyprianos, dy't yn 1821 troch de Turken ophongen waard, waard oppakt en fanút dit gebou nei it eksekúsjeplak brocht.
- Post Museum fan Syprus (adres: Ayiou Savva 3Β): museum mei in tentoanstelling oer de ûntwikkeling fan 'e posttsjinst op Syprus en in postsegelsamling fan 'e 18e iuw oant hjoed-de-dei, dy't ta de bêste fan 'e ynternasjonale filately heart.
- Leventismuseum. (adres: Hippocratous 15-17): registrearret de skiednis en ûntwikkeling fan 'e stêd Nikosia.
- Museum Hjoeddeiske Keunst (adres: Stasinou Ave. 1): museum oer fernijende byldhou- en skilderkeunst fan Syprioatyske keunstners út de 19e en 20e iuw.
Noard-Nikosia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn 'e Arabahmetwyk binne in soad Ottomaanske hûzen te sjen.
- Yn 'e 17e-iuwske Arabahmet-moskee wurdt in hier bewarre, dy't út it burd fan Mohammed komme soe.
- De Selimiye-moskee waard yn 'e 13e iuw boud as de Sint-Sofiakatedraal en yn 1571 troch de Turken yn in moskee feroare.
- De Bedesten wie oarspronklik ek in Byzantynsk tsjerkegebou, dy't oan Sint-Nikolaas wijd wie. Yn 'e Osmaanske tiid feroaren de Turken de tsjerke yn in nôtpakhûs en bazaar. It wurd bedesten betsjut soks as in ôf te sluten bazaar.
- De 14e-iuwske goatyske Sint-Katarinatsjerke waard nei de Osmaanske oermastering ek yn in moskee feroare en hat hjoed-de-dei gjin religieuze funksje mear.
- It fuort nei de Osmaanske oermastering boude Büyük Han is in karavaanseray en nei alle gedachten it âldste Turkske bouwurk op it eilân.
- Op it sintrale Atatürk-plein stiet de Fenesiaanske pylder.
- De Büyük Hamam is it grutte stedsbadhûs, dat foar de Ottomaanske oermastering de Sint-Joaristsjerke wie.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Turksk Etnografysk Museum (Mevlevi Tekke): in lyts museum dat eartiids in moslimkleaster (tekke) wie fan 'e Mevlevioarder, bekender as de dûnsjende dervisjen.
- Sultan Mahmut II-bibleteek: ûnderbrocht yn in lyts koepelfoarmich gebou mei in kolleksje islamityske manuskripten.
- Derviş Paşa-filla: folkekundich museum.
Berne yn Nikosia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Peter I fan Syprus (1328-1369), kening fan Syprus, Armeenje en titulêr kening fan Jeruzalem
- Jan II fan Syprus (1418-1458), kening fan Syprus
- Jacobus II fan Syprus (1439-1473), kening fan Syprus
- Charlotte fan Syprus (1444-1487), keninginne fan Syprus
- Glafkos Klerides (1919), Gryksk-Syprioatysk politikus en earder presidint fan Syprus
- George Syrimis (1921-2010), Syprioatisch minister fan finânsjen
- Tassos Papadopoulos (1934-2008), presidint fan de Republyk Syprus (2003-2008)
- Christopher Pissarides Syprioatysk-Britsk wittenskipper, ekonoom, en Nobelpriiswinner
- Mick Karn (1958-2011), Britsk basgitarist (eks-lid fan Japan (band))
- Elena Patroclou (1968), Syprioatysk sjongster
- Alkinoos Ioannidis (1969), Gryksk-Syprioatysk komponist, lietskriuwer en sjonger
- Hussein Chalayan (1970), Britsk/Turksk-Syprioatyske moadeûntwerper
- Mélanie Georgiades (1980), Frânsk-Syprioatysk rapper, better bekend as Diam's
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|