iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Newbery_Medal
Newbery Medal - Wikipedy Springe nei ynhâld

Newbery Medal

Ut Wikipedy
Newbery Medal
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar berneboeken
útrikt troch American Library Association
frekwinsje 1x jiers
ynsteld 1921
1e útrikking 1922
offisjele webside
ala.org/alsc/newbery

De Newbery Medal ("Newbery-medalje"), eins folút John Newbery Medal, is in Amerikaanske literatuerpriis dy't elts jier troch de Association for Library Service to Children, in ôfieling fan 'e American Library Association (ALA) takend wurdt oan in skriuwer foar it bêste wurk op it mêd fan 'e berneliteratuer fan it foargeande jier. De priis waard ynsteld yn 1921 en foar it earst útrikt yn 1922, wêrmei't it de âldste berneboekepriis fan 'e wrâld is. De Newbery Medal is ferneamd nei John Newbery, in achttjinde-iuwske Ingelske útjouwer dy't ien fan 'e earsten wie dy't boeken útjoech dy't folslein taspitst wiene op bern. Mei de Caldecott Medal (foar plaatsjeboeken) wurdt de Newbery Medal beskôge as ien fan 'e beide meast prestizjeuze Amerikaanske prizen foar berneliteratuer.

Allinnich Amerikaanske boargers en bûtenlanners dy't yn 'e Feriene Steaten wenje, kinne meidwaan om 'e Newbery Medal te winnen. De winner wurdt troch in faksjuery (wêrfan't de gearstalling elts jier feroare wurdt) útornearre út in stikmannich nominearden. Allinnich de winner kriget de medalje, mar de oare nominearden krije in oarkunde dy't offisjeel de Newbery Honor hjit, mar ek wol foar de Newbery Silver Medal (sulverne medalje) trochgiet. It tal nominearden ferskilt elts jier; soms binne der wol acht, mar it is ek wol foarkommen dat der mar ien wie, dy't dan automatysk de medalje wûn. Foar in folsleine list mei winners en nominearden, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.