Miami
Miami | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Floarida | |
County | Miami-Dade County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 413.892 (2012) | |
Oerflak | 143,1 km² (ynkl. wetter) 92,4 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 4.687,1 / km² | |
Stêdekloft | 5.564.635 (2012) | |
Hichte | 2 m | |
Oar | ||
Stifting | 1825 | |
Tiidsône | UTC-5 | |
Simmertiid | UTC-4 | |
Koördinaten | 25°47′16″N 80°13′27″W | |
Offisjele webside | ||
www.miamigov.com | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Miami yn Miami-Dade County en yn 'e steat Floarida. |
- Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Floarida. Foar oare betsjuttings, sjoch: Miami (betsjuttingsside).
Miami is in stêd dy't oan 'e Atlantyske kust fan 'e súdwestlike Amerikaanske steat Floarida leit. It is it haadplak fan Miami-Dade County, en hie, neffens in offisjele skatting út 2012, in befolking fan krapoan 415.000 minsken. Hoewol't de stêd dus net iens sa oergrut is, foarmet Miami de grutste stêd en it sintrum fan 'e Súdflorideeske Stêdekloft (South Florida Metropolitan Area), mei yn totaal mear as 5½ miljoen ynwenners, dy't bestiet út in protte lytsere stêden, lykas Fort Lauderdale, West Palm Beach, Boca Raton, Miami Beach, North Miami en South Miami. In oar bekend plak yn Súd-Floarida, South Beach, is feitliken in wyk fan Miami.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Miami leit op in útstrutsen flakte tusken it moerasgebiet fan 'e Everglades yn it westen en de Baai fan Biscayne, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Atlantyske Oseaan, yn it easten, op it plak dêr't de rivier de Miami útmûnet yn 'e see. De hichte fan it lân leit foar it meastepart om 'e 2 m boppe seenivo hinne, en komt yn elts gefal nea boppe de 12 m út. De legere parten fan 'e stêd lizze oan see, wylst de hegere stikken op 'e saneamde Miami-rotsrichel boud binne. Yn 'e Baai fan Biscayne lizze ferskate hûnderten keunstmjittich oanleine barriêre-eilannen, om by min waar de weagen te brekken, en op 'e grutste beide dêrfan binne de wyk South Beach en de selsstannige stêd Miami Beach boud. Trochdat de Golfstream, in waarme oseaanstreaming, net mear as 24 km út 'e kust fan Miami noardoan rint, bliuwt it klimaat fan 'e stêd it hiele jier troch waarm en myld.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De streek dêr't no Miami leit, waard al tûzenen jierren bewenne ear't de earste kolonisten fan Jeropeesk komôf har dêr fêstigen. Tusken de Iere Midsiuwen en 1566, doe't de ûntdekkingsreizger Pedro Menéndez de Avilés de krite út namme fan kening Filips II ta Spaansk gebiet ferklearre, libben der de Tekwesta-Yndianen. Yn 1567 waard der in Spaanske missy oanlein. Iuwenlang hiene Spanje en Grut-Brittanje it om bar foar it sizzen yn Floarida, en yn 1821 stie Spanje it gebiet ôf oan 'e Feriene Steaten.
Miami waard fjouwer jier letter stifte, yn 1825, en neamd nei de rivier de Miami, dy't wer ferneamd wie nei de histoaryske Mayaimy-Yndianen, dy't ienris om 'e Okeechobeemar hinne libben. Yn 1836 leine de Amerikanen Fort Dallas as legerbasis yn it gebiet oan, as ûnderdiel fan harren strategy om it Floarida-territoarium te kolonisearjen en de lânseigen Seminoale-Yndianen derûnder te krijen en te deportearjen. Under de Twadde Seminoalske Oarloch waard der om Miami hinne fûleindich fochten.
Miami stiet derom bekend dat it de iennichste grutte Amerikaanske stêd is dy't ta stân kommen is troch de ynspannings fan in frou, Julia Tuttle, in rike dame út Cleveland, yn Ohio, dy't har yn Miami nei wenjen sette om dêr sitrusfruchten te kweken. Oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw oertsjûge hja Henry Flagler, in spoarmagnaat, derfan om syn Florida East Coast Railway troch te lûken nei Miami. Tegearre mei de strange winter fan 1895 op 1896 wie dat yn fan 'e krúsjale eleminten dy't de groei fan Miami ta in wrâldstêd mooglik makken. Op 28 july 1896 krige Miami offisjeel de status fan stêd; it hie doe krekt justjes mear as 300 ynwenners.
Yn 'e earste desennia fan 'e tweintichste iuw, benammen yn 'e tweintiger jierren, draaide de ekonomy fan Miami as in tierelier, wylst de stêd in eksplosive befolkingsgroei koe fanwegen alle noarderlingen dy't har der nei wenjen setten. Hoewol't der tebeksetters wiene, lykas de Orkaan fan Miami, yn 1926, en de Grutte Depresje, yn 'e tritiger jierren, hiene sokke dingen gjin bliuwend effekt. Tsjin 1940 hie Miami in befolking fan goed 170.000 minsken. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard de stêd in marinebasis dêr't de Amerikanen de Dútske dûkboaten wei besochten oan te pakken.
Nei't Fidel Castro en syn kommunisten yn 1959 op Kuba oan 'e macht kommen wie, folge der foar Miami in nije befolkingseksploazje, diskear fan rike Kubanen dy't harren eilân ûntflechten. Letter folge in eksodus fan minder rike Kubanen, en fan 'e sechstiger jierren ôf sette him yn Miami ek in grutte Portorikaanske mienskip nei wenjen. Sadwaande is Miami no de op ien nei grutste Amerikaanske stêd (nei it Teksaanske El Paso) mei in Spaansktalige mearderheid. Fan 'e njoggentiger jierren ôf ûntstie der ek in grutte Haïtiaanske mienskip yn Miami, mar dy bestiet foar in grut part út yllegalen, en hat net de maatskiplike gearhing en politike macht dêr't benammen de Kubaanske mienskip om bekendstiet.
Yn 'e tachtiger en njoggentiger jierren hie Miami, yn 'e mande mei hiele Súd-Florida, te krijen mei slimme sosjale swierrichheden, feroarsake troch drugssmokkel en drugsoarloggen, eat dat buorkundich makke waard troch de ikoanyske plysjesearje op 'e tillefyzje út 'e jierren tachtich, Miami Vice. Yn 1992 waard der fierders noch foar miljarden dollars skea oanrjochte en foelen der ferskate deaden, doe't de Orkaan Andrew oer de stêd hinne raasde. Hoewol't der soms rasiale spannings wiene, ûntjoech Miami him yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw dochs ta in wrâldstêd fan betsjutting
Miami hjoed de dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjoed de dei is Miami in tige wichtich ynternasjonaal sintrum, benammen op it mêd fan hannel, finânsjes, kultuer, de media, de film- en tillefyzjeyndustry en keunst. It waard yn 2008 troch it toanoanjaande Amerikaanske tydskrift Forbes útroppen ta "Amearika's Skjinste Stêd". Yn it sintrum fan Miami en omlizzende kriten fan Súd-Floarida is de grutste konsintraasje fan ynternasjonale banken húsfêste fan 'e hiele Feriene Steaten. De haven fan Miami is al jierrenlang de wichtichste en meast besochte haven fan krûsskippen fan 'e wrâld.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Miami 13,6% âlder as 65 jier en 18,8% jonger as 18 jier. Fierders bestie 44,6% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 27,3% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 11,9% blanken; 70,0% Latino's; 1,0% Aziaten; 16,2% swarten; 0,3% Yndianen; 0,6% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Fierwei de grutste etnyske groep yn Miami wurdt foarme troch de Kubanen, mei 34,4% fan 'e befolking. Oare oansjenlike groepen binne Nikaragûanen (7,2%), Haïtianen (4,4%), Kolombianen (3,2%) en Portorikanen (3,2%). Yn 2010 wie 58,1% fan 'e ynwenners fan Miami bûten de Feriene Steaten berne (wêrfan't 41,1% him ta Amerikaan naturalisearje litten hie). Fan dy 58,1% kaam 95,4% út Latynsk-Amearika. Op taalkundich mêd waard fêststeld dat yn 2010 70,2% fan 'e befolking fan Miami yn 'e hûs Spaansk spriek, wylst it Ingelsk mei 25,5% op it twadde plak kaam. De op twa nei grutste taal wie it Haïtiaansk-Kreoalsk, mei 5,2%.
Berne yn Miami
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sidney Poitier (1927), akteur en regisseur
- William H. Macy (1950), akteur
- JT Money (1967), rapper
- Eva Mendes (1974), aktrise
- Mary Jane (1975), pornoaktrise
- Steve Aoki (1977), live-discjockey en muzykprodusint
- Rhylee Richards (1980), pornoaktrise
- Wilmer Valderrama (1980), akteur
- Diamond Kitty (1985), pornoaktrise
- Kacie Castle (1987), pornoaktrise
- Katee Owen (1992), webcamgirl
- Skyla Novea (1994), pornoaktrise
- Ada Sanchez (1994), pornoaktrise
- Nicole Bexley (1997), pornoaktrise
- Harmony Wonder (1999), pornoaktrise
Stoarn yn Miami
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Irene Cara (1959-2022), akstrise en sjongster
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Miami hat in tropysk moessonklimaat ("Am" yn 'e klimaatklassifisearring fan Köppen), dat foarme wurdt troch fjouwer dingen: de lizzing op seenivo; de sitewearring oan 'e kust; de geografyske posysje krekt boppe de Kreeftskearkring; en de neite fan 'e waarme Golfstream. Sadwaande hat Miami hjitte en dampige simmers en koarte, waarme winters, wêrby't it winterdeis trouwens dúdlik drûger is as by 't simmer. Hertsje winter, yn jannewaris, is it yn Miami yn trochsneed 24,5 °C, wylst de temperatuer sels by ekstreem waar frijwol nea ûnder de 2 °C komt.
It moessonseizoen begjint yn maaie en einiget yn oktober; yn dat part fan 't jier leit de temperatuer yn trochsneed tusken de 29 en de 35 °C, mank geand mei in hege luchtfochtichheidsgraad, dy't it folle waarmer oanfiele lit as dat it eins is. Middeis saksearret de hjittens yn 'e regel wat troch it ûntstean fan swierwaar of in seestrûzerke dat fan 'e Atlantyske Oseaan ôf troch de stêd hinne waait. De temperatuer giet dêrtroch omlegen, mar it bliuwt noch altyd sa near as in podde.
De kjeld- en hjittensrekôrs binne yn Miami –2,8 °C op 3 febrewaris 1917 en 38 °C op 21 july 1940. Sniefal is yn Miami noch nea fêstlein, al besteane der bewearings dat der wat fallen is op 19 jannewaris 1977; as dat echte snie wie, teide it lykwols sa fluch wei, dat der gjin bewiis fan fêstlein wurde koe. It orkaanseizoen, ta einbeslút, rint fan begjin juny oant ein novimber, al kinne der ek orkanen bûten dy tiid fan 't jier foarkomme. De heechste kâns op orkanen hat Miami tusken mids augustus en ein septimber. Yn septimber 2017 hie Miami te krijen mei oerstreamings dy't it gefolch wiene fan 'e trochtocht fan 'e orkaan Irma.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|