iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Luchtpiip
Luchtpiip - Wikipedy Springe nei ynhâld

Luchtpiip

Ut Wikipedy
Nûmer 1 is (it ûnderste part fan) de luchtpiip, 2 en 3 binne de haadbrongussen

De luchtpiip[1] of tracheä[2] is in buisfoarmige ferbining tusken de stimbannen yn de larynks (strôt) en de karina (it plak dêr't de tracheä him spjalt yn de rjochter en linker haadbrongus). Lucht streamt troch de luchtpiip en de brongyen nei de longblaaskes (alveölen) yn de longen, dêr't gasútwikseling mei de bloedsirkulaasje is.

De trachea by folwoeksenen is 10-11 cm. lang. De trochsneed fan de trachea hat in D-foarm. Dat komt troch C-foarmige kraakbienstruktueren dy't foarkomme dat de trachea tichtklapt. De ôfstân tusken dy 'ringen' is sa'n 0,5 cm. By in sykte sa as tracheömalasy binne dy kreakbienringen slapper as normaal of drukt in oare anatomyske struktuer lykas in bloedfet it kreakbien nei binnen ta en kin dy tichtklappe by (fral) it sykheljen, mei benaudens fan gefolgen.

De tracheä is beklaaid mei trilhierepiteel (cilia). Dy hierkes binne tige gefoelich en bewege smoargens nei boppe ta. At smoargens of in foarwerp yn de luchtpiip te lâne, krijt it brein direkt in sinjaal, wêrnei't de luchtpiip troch hoastjen skjin makke wurdt.

Tracheïtis is in ûntstekking fan de luchtpiip dy't faak by ferkâldenens foar komt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Everdingen, J.J.E. van, Eerenbeemt, A.M.M. van den (2012). Pinkhof Geneeskundig woordenboek (12de druk). Houten: Bohn Stafleu Van Loghum.
  2. Federative Committee on Anatomical Terminology (1998). Terminologia Anatomica. Stuttgart: Thieme