Latynsk-Faliskyske talen
Latynsk-Faliskyske talen | ||
algemien | ||
lokaasje | westkust fan sintraal Itaalje | |
tal talen | ±4 | |
tal sprekkers | 0 (†) of 800 miljoen (sjoch tekst) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Italysk ● Latynsk-Faliskysk | |
subgroepen | ● Faliskysk † ● Lanûviaansk † ● Latyn † ● Prenestynsk † |
De Latynsk-Faliskyske talen foarmje in taalgroep fan 'e Italyske talen mei in fersprieding dy't yn healwei it earste milennium f.Kr. beheind wie ta de westkust fan it sintrale diel fan it Italjaansk Skiereilân. De talen waarden dêr fan likernôch 1200 f.Kr. ôf sprutsen, en binne fan 'e sânde iuw f.Kr. ôf skriftlik oerlevere yn Alditalyske skriften. De wichtichste taal fan 'e groep wie it Latyn, dat meitiid as de offisjele taal fan 'e stêdsteat Rome en letter fan 'e Romeinske Republyk en it Romeinske Ryk alle oare talen yn Itaalje ta útstjerren ferkrong. It Faliskysk stoar sadwaande yn 'e twadde iuw f.Kr. út. De oare beide talen fan 'e groep, it Lanûviaansk en it Prenestynsk, wurde troch saakkundigen faak as argayske dialekten fan it Latyn beskôge. Hoewol't de Latynsk-Faliskyske talen sûnt it begjin fan 'e Midsiuwen, nei it útstjerren fan it Latyn, net mear as memmetaal sprutsen wurde, hawwe de Romaanske talen, dy't har út it Latyn ûntwikkelen, tsjintwurdich sa'n 800 miljoen sprekkers.
Taalbesibskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de oarspronklike teory fan Antoine Meillet (1866-1936), dy't noch altyd de measte oanhing hat, binne de Latynske-Faliskyske talen ien fan 'e twa of trije haadgroepen fan 'e Italyske talen, yn 'e mande mei de Oskysk-Umbryske talen en mooglik de Fenetyske talen, hoewol't de tafoeging fan dy lêste groep kontroversjeel is. De Italyske talen soene dan ien fan 'e subgroepen fan 'e grutte Yndo-Jeropeeske taalfamylje wêze. De oertaal dêr't alle Latynsk-Faliskyske talen út fuortkomme, it Proto-Latynsk-Faliskysk, soe yn dy optyk ûntstien wêze út it Proto-Italysk.
Dizze unitaryske opbou is yn 'e tweintichste iuw oanfochten troch ferskate taalkundigen, ûnder wa Alois Walde (1869-1924), Vittore Pisani (1899-1990) en Giacomo Devoto (1897-1974), dy't hawwe woene dat de Italyske taalgroep in keunstmjittich konstrukt wie, foarme troch it op ien bulte te smiten fan alle Yndo-Jeropeeske talen op it Italjaanske Skiereilân dy't net dúdlik ta in oare Yndo-Jeropeeske taalgroep hearden. Sy stelden ynstee foar dat de Latynsk-Faliskyske talen, de Oskysk-Umbryske talen en ek de Fenetyske talen selsstannige subgroepen fan 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje wiene, dy't op ien hichte stiene mei û.m. de Keltyske talen, de Germaanske talen en de Slavyske talen. Geandewei de tweintichste iuw krige dy teory mear oanhing, mar de unitaryske teory is noch altyd it meast akseptearre.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarspronklike fersprieding fan Latynsk-Faliskyske talen wie beheind ta in oansjenlik diel fan wat no Latium is, de Italjaanske regio om 'e stêd Rome hinne. Eastlik en noardlik fan 'e Latynsk-Faliskyske talen waarden Umbryske talen út 'e Oskysk-Umbryske taalkloft fan 'e Italyske talen sprutsen, en noardwestlik fan 'e Latynsk-Faliskyske talen waard it pre-Yndo-Jeropeeske Etruskysk sprutsen. Yn 'e stêd Ardea en omkriten, dy't omjûn waarden troch it taalgebiet fan it Latyn, wennen de Rûtûljers, fan wa't de taalbesibskip ûnwis is. Moderne taalkundigen tinke dat harren taal mooglik besibbe wie oan it Etruskysk of oars oan it Liguerysk út noardwestlik Itaalje.
Yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste Latynsk-Faliskyske talen wiene it Faliskysk, dat fan 'e sânde oant de twadde iuw f.Kr. skriftlik oerlevere is yn ien fan 'e Alditalyske skriften, en it Latyn, dat oerlevere is fan 'e sechsde iuw f.Kr. ôf. De beide oare bekende Latynsk-Faliskyske talen, it Lanûviaansk en it Prenestynsk, dêr't net folle oer bekend is, wurde gauris sjoen as argayske dialekten út 'e iere ûntwikkeling fan it Latyn.
Dy ûntwikkeling sette útein mei it Aldlatyn, dat yn 'e twadde of earste iuw f.Kr. útinoarfoel yn in skriuwtaal en in sprektaal. De skriuwtaal wie it Klassyk Latyn, dat oant de trêde iuw yn gebrûk bleau en dêr't doe it Let Latyn út fuortkaam, dat noch brûkt waard oant de sechsde iuw om doe as taal fan 'e wittenskip oer te gean yn it Midsiuwsk Latyn. De sprektaal wie it Fulgêr Latyn, dat him tusken de trêde en de njoggende iuw yn 'e ûnderskate dielen fan it eardere Romeinske Ryk ûntjoech ta in stikmannich regionaal ferskillende sprektalen: de Romaanske talen.
Tsjintwurdich wurde de Romaanske talen (lykas it Spaansk, Portegeesk, Frânsk, Italjaansk en Roemeensk) sprutsen troch sa'n 800 miljoen minsken. It is lykwols wizânsje om 'e Latynsk-Faliskyske talen en de Romaanske talen los faninoar te sjen. As men it oer 'de Latynsk-Faliskyske talen' hat, wurdt dêrmei sawol yn 'e folksmûle as yn 'e wittenskip oer it algemien ferwiisd nei de útstoarne talen út 'e Aldheid, en net nei de noch libbene Romaanske talen fan no.
Taalkundige beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De klankynventaris fan 'e Latynsk-Faliskyske talen omfette de konsonanten /b/, /d/, /f/, /ɡ/, /gʷ/ (lykas de begjinklank "goarre"), /h/, /j/, /k/, /kʷ/ (lykas de begjinklank fan "koarre"), /l/, /m/, /n/, /p/, /r/, /s/, /t/ en /w/ (w fan "skowe").
De Latynsk-Faliskyske talen hiene de folgjende ynnovaasjes ûntwikkele yn ferliking mei de Italyske talen:
- de Let Proto-Yndo-Jeropeeske fokalen /*ə/ en /*eu/ wiene ferskood nei de útspraak /a/, resp. /ou/
- de Proto-Yndo-Jeropeeske syllabyske lateralen /*l̥/ en /*r̥/ hiene in bykommende epentetyske fokaal /o/ krigen: /ol/, resp. /or/
- de Proto-Yndo-Jeropeeske syllabyske nasalen /*m̥/ en /*n̥/ hiene in bykommende epentetyske fokaal /e/ krigen: /em/, resp. /en/
- der wie frikativisearring optreden fan 'e aspirearre plofklanken yn wurdinisjale posysje út it Proto-Yndo-Jeropeesk, fan /*bʰ/, /*dʰ/ en /*ɡʰ/ ta /f/, /f/, resp. /h/
- der wie assimilaasje optreden fan 'e Proto-Yndo-Jeropeeske sekwinsje /*kʷ…p/ ta /kʷ…kʷ/ (bgl. Proto-Yndo-Jeropeesk *penkʷe, "fiif", ta Latyn quinque)
In ferskil mei de Oskysk-Umbryske talen wie dat de ynterfokale aspirearre konsonanten út it Proto-Yndo-Jeropeesk (lykas yn *medʰyos, "midden" of "middel-") yn it Latyn foarkomme as b, d resp. h/g (medius), wylst sokke aspirearre konsonanten yn 'e Oskysk-Umbryske talen allegearre ferwurden wiene ta f (mefiai). Ek hiene de Latynsk-Faliskyske talen de Proto-Yndo-Jeropeeske *kʷ (kw fan "kwartsje") beholden (lykas yn it Latynske quattuor, "fjouwer"), wylst dy him yn 'e Oskysk-Umbryske talen ûntwikkele hie ta in p (lykas yn it Oskyske petora, "fjouwer"). Men sprekt dêrom wol fan Q-Italysk (Latynsk-Faliskysk) en P-Italysk (Oskysk-Umbrysk), krekt sa't yn 'e Keltyske talen ek Q-Keltysk (Gaelyske talen) en P-Keltysk (Brytoanyske talen) bestiet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further Reading, op dizze side. |