iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Kurt_Gödel
Kurt Gödel - Wikipedy Springe nei ynhâld

Kurt Gödel

Ut Wikipedy
Kurt Gödel

Kurt Friedrich Gödel (Brno, 28 april 1906Princeton (New Jersey), 14 jannewaris 1978) wie in Eastenryksk-Amerikaansk wiskundige, logikus en filosoof. Hy wurdt sjoen as ien fan de belangrykste logisy fan alle tiden.

Gödel hat in tige grutte ynfloed hân op it wittenskiplike en filosofyske tinken fan de 20e iuw, meidat hy it eardere wurk fan Bertrand Russell, A.N. Whitehead en David Hilbert om de wiskunde op in formele basis fan in slutend oerkoepeljend aksiomatysk systeem te basearjen, tige ûndergroef.[1]

Yn 1931 bewiisde Gödel nammentlik dat binnen elk selskonsistint rekursyf aksiomatysk systeem, dat krêftich genôch is om de rekkenkunde fan de natuerlike getallen te beskriuwen (Peano-rekkenkunde), der tenminste ien wiere stelling oer de natuerlike getallen bestiet, dy't net bewiisd wurde kin op basis fan de aksiomata fan dit systeem. By de bewiisfiering fan dizze stelling ûntwikkele Gödel in technyk dy't tsjintwurdich bekend stiet as de Gödel-nûmering, dy't oan eltse formele útspraak in natuerlik getal takent. Dizze stelling stiet bekend as de earste ûnfolsleinheidsstelling fan Gödel. Dat resultaat betsjutte de ein fan it logysk positivisme fan de Wiener Kreis.

Yn syn twadde ûnfolsleinheidsstelling toande Gödel letter oan dat de kontinuümhypoteze net werlein wurde kin binnen de konsistinte aksioma’s fan de samlingenlear. Kurt Gödel levere fierder belangrike bydragen oan de bewiisteory troch de ferbannen te ferdúdlikjen tusken de klassike logika, de yntuïsjonistyske logika, en de modale logika.

De Kurt Gödel Society, oprjochte yn 1987, waard nei him ferneamd. It is in ynternasjonale organisaasje foar it stypjen fan ûndersyk op it mêd fan de logika, filosofy en de skiednis fan de wiskunde.

De freonskip tusken Albert Einstein en Gödel wie legindarysk, wat ek blykte út de wannelingen dy't se tegearre ûndernommen fan en nei it IAS. De aard fan harren petearen wie foar de oare leden fan it ynstitút in geheim. De ekonoom Oskar Morgenstern ferhellet dat Einstein him oan de ein fan syn libben yn betrouwen sei dat syn “eigen wurk net folle mear betsjutte, mar dat hy allinnich noch mar nei it ynstitút gie om it foarrjocht te hawwen tegearre mei Gödel op hûs oan rinne te kinnen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Principia Mathematica (Stanford Encyclopedia of Philosophy)