iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Kongres_fan_Wenen
Kongres fan Wenen - Wikipedy Springe nei ynhâld

Kongres fan Wenen

Ut Wikipedy
Steatslju op it Kongres fan Wenen. Foarsitter Metternich stiet links foar de stoel. De Frânske diplomaat Talleyrand sit rjochts mei de earm op tafel. Op it skilderij oan de muorre is keizer Frans I fan Eastenryk te sjen.
Tekening troch Jean-Baptiste Isabey (1767–1855)
Jeropa na het Kongres fan Wenen

It Kongres fan Wenen waard yn 1814 en 1815 holden troch Prusen, Eastenryk, Ruslân en Ingelân. De oanlieding wie it ferlies fan Napoleon Bonaparte, dy't wilens syn tiid as keizer de Jeropeeske grinzen gâns feroare hie.

It kongres hie ûnder mear ta doel de ferienfâldigings fan de steatsgrinzen, dêr't Napoleon al mei útein setten wie, fêst te hâlden en troch te fieren, sûnder dat der op steatnivo neidielen fan wienen. Dat doel waard foar it meastepart helle, mar it gefolch wie dat der op leger nivo foar grinsgebieten grutte gefolgen wienen, mear noch om't steaten yn guon gefallen gebieten as kompensaasje tawiisd krigen.

It houlik tusken it Keninkryk fan de Nederlannen en Belgje

Op 11 novimber 1807 waard it East-Fryske gebiet, mei East-Fryslân ûnder Prusysk en it Jeverlân ûnder Russysk bewâld, ferovere troch de Frânske koalysje fan de Fjirde Koalysjekriich. Yn 1808 waard yn Auwerk in feest ta eare fan Loadewyk Napoleon Bonaparte organisearre troch Tileman Dothias Wiarda. Tileman Wiarda liet mei dat feest sjen dat de Friezen tige wiis wiene mei it gearkommen fan de Nederlânske en Dútske Friezen yn ien naasje, de Frânsk fazalsteat Keninkryk Hollân, en ek it begryp 'Tota Frisia' waard besocht op 'e nije stal te jaan. [1]

De ûnderhannelings fan it Kongres fan Wenen hawwe der ta laat dat East-Fryslân by it keningryk Hannover kaam.

Poalsk-Saksyske Konflikt

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ien fan de dregere saken fan it kongres wie it saneamde Poalsk-Saksyske Konflikt. Dat wie in diplomatysk konflikt wêrby't de dielnimmende lannen fan it kongres, troch de belangen fan dat stuit nije groepen foarmen. Ruslân en Prusen wienen troch it krewearjen fan de Prusyske kening, diplomatyk tige meiïnoar ferbûn. Dêrtroch kaam der in alliânsje tusken Ingelân en Eastenryk dy't njonkelytsen de Frânske kant neist wie. De dêrmei gearhingjende erkenning fan Frankryk as grutmacht wie it diplomatike wurk fan Charles-Maurice de Talleyrand-Périgord.

It konflikt begûn om it útstel fan Ruslân en Prusen dêr't de oare dielnimmers fan it kongres net mei akkoard woenen. Neffens dat útstel soe Poalen Russysk wurde en Saksen Prusysk. Frederik August I fan Saksen hie Napoleon stipe wilens de Napoleontyske oarloggen. Prusen woe as fergoeding Saksen ha as diel fan it Prusyske Ryk. Tsjin Ruslân en Prusen kaam der op 3 jannewaris 1815 in oerienkomst tusken Ingelân, Frankryk en Eastenryk dy't stipe waard troch Nederlân, Hannover en Beieren. Nei't Frederik II fan Prusen seach dat der diplomatysk gjin mooglikheid mear wie, akseptearre Prusen twa-fyfde part fan Saksen. In twadde útkomst wie it nijfoarme Keninkryk Poalen wat rûchwei it gebiet fan it Hartochdom Warsjau besloech.

Ferwizing nei boarne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. Der Upstalsboom als Gedächtnisort sjoch by: 'Aufklärung und Krise des Absolutismus' Dútsk