iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Kokoseilannen
Kokoseilannen - Wikipedy Springe nei ynhâld

Kokoseilannen

Ut Wikipedy
Kokoseilannen
Cocos Islands
flagge wapen
Maleisk: Maju pulau kita ("Us ûntwikkele eilân")
geografyske lokaasje
algemien
gebietsdiel fan Austraalje
pol. status ekstern territoarium
haadstêd Westeilân
offisjele taal Ingelsk (de facto)
sifers
ynwennertal 596 (2009)
befolkingstichtens 43 / km²
oerflak 14,2 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
muntienheid Australyske dollar (AUD)
tiidsône UTC+6½
tillefoan +61
ynternetekstinsje .cc
webside www.shire.cc

De Kokoseilannen (Ingelsk: Cocos Islands), ek wol bekend as de Keelingeilannen (Keeling Islands) binne in tropyske arsjipel yn 'e noardeastlike Yndyske Oseaan, likernôch healwei tusken Austraalje en Sry Lanka. De eilannen foarmje in ekstern territoarium fan Austraalje, en hawwe in tige beheinde foarm fan selsbestjoer. Se beslane in lânoerflak fan goed 14 km², en hiene yn 2009 in befolking fan krapoan 600 minsken, dy't foar it meastepart út etnyske Maleiers bestiet. It haadplak is Westeilân, op it eilân mei deselde namme. Oant 1978 foarmen de eilannen in keninkrykje dat feitlik selsstannich wie. De Kokoseilannen moatte net betize wurde mei Kokoseilân, in eilân yn 'e eastlike Stille Oseaan dat ta Kosta Rika heart.

De namme "Kokoseilannen" komt fan 'e kokosplantaazjes dêr't de arsjipel alteast yn it ferline om bekend stie. De alternative namme fan "Keelingeilannen" is in ferneaming nei de Ingelske seekaptein William Keeling, dy't de eilannen yn 1609 ûntdiek.

Lânkaart fan 'e Kokoseilannen.

De Kokoseilannen besteane út twa atollen en 25 ûnderskate koraaleilannen mei in mienskiplik lânoerflak fan 14,2 km². De eilannen lizze yn it noardeastlike part fan 'e Yndyske Oseaan, likernôch healwei tusken Austraalje en Sry Lanka. De tichtstbye gruttere lânmassa is it Yndonezyske eilân Sumatra. De Kokoseilannen hawwe mei-inoar in kustline fan 26 km en binne ticht oerdutsen mei kokospalmen en oare plantegroei. It heechste punt leit mar 5 m boppe de seespegel.

De Súdlike Keelingeilannen binne 24 eilannen en eilantsjes dy't mei-inoar ien fan 'e beide atollen foarmje. De eilannen hawwe in mienskiplik oerflak fan 13,1 km². Allinnich Westeilân (Maleisk: Pulau Panjang) en Home-eilân (Pulau Selma) binne permanint bewenne, mar de befolking ûnderhâldt wykeinwenten op 'e measte oare gruttere eilannen. It ûnbewenne Noard-Keeling, dat likernôch 25 km noardliker leit, is in atol dat bestiet út mar ien C-foarmich eilân. It wurdt foarme troch in atolring dy't krekt net sletten is mei in iepening nei de lagune fan sa'n 50 m breed oan 'e eastkant. It eilân mjit 1,1 km² en is mei in stripe see deromhinne fan oardel km breed yn 1995 útroppen ta it Nasjonaal Park Pulu Keeling. Net ien fan beide atollen hat rivieren of marren, en de swietwetterfoarrieden binne sadwaande beheind ta ûndergrûnske opheapings fan reinwetter, dat op 'e gruttere eilannen op it swierdere sâlte wetter driuwt.

In loftfoto fan 'e Súdlike Keelingeilannen.

Iere kolonisaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kokoseilannen waarden yn 1609 ûndutsen troch de Ingelske seekaptein William Keeling, mar bleaune oant yn 'e njoggentjinde iuw ûnbewenne. Yn 1814 waarden de eilannen besocht troch in Skotske seeman dy't fan John Clunies-Ross hiet. It wie mar in tuskenstop fan 'e man op syn reis nei Britsk-Ynje, mar hy spikere in Britske flagge oan in beam by wize fan 'e Britske oanspraak op 'e eilannen, en makke plannen om syn gesin út Jeropa wei op te heljen en him der nei wenjen te setten.

Yn dyselde snuorje hie de rike Ingelsman Alexander Hare plannen yn deselde rjochting. Hy hierde in seekaptein yn (dy't tafalligerwize Clunies-Ross syn broer wie) om him mei in harem fan fjirtich Maleiske froulju nei de Kokoseilannen te bringen. Hare hie foartiid as gûverneur fan in Britske koloanje op Borneo tsjinne en miende dat er "himsels net mear beheine koe ta it soarte fan saaie bestean dat de prozayske beskaving biedt." Doe't Clunies-Ross yn 1816 weromkearde mei syn frou, bern en skoanmem ûntdiek er ta syn ôfgriis dat de Kokoseilannen al bewenners hiene. Der ûntstie fuortendaliks in fete tusken him en Hare, en Clunies-Ross en de acht seelju dy't er by him hie setten útein mei in "ynfaazje" fan Hare syn keninkrykje. Doe't meitiid de fjirtich froulju fan Hare syn harem him yn 'e steek begûnen te litten foar de seelju, joech Hare it mismoedich oer en sette er ôf nei Sumatra, dêr't er yn 1834 yn Benkulu stoar.

Arbeiders op in kokosplantaazje op 'e Kokoseilannen (foto fan foàr 1943).

In selsstannich steatsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Clunies-Ross sette op 'e eilannen in kokosplantaazje op, wêrfoar't er Kaapmaleiske arbeiders út 'e Kaapkoloanje (yn it hjoeddeiske Súd-Afrika) oanloek. Hy betelle harren yn Kokoseilânske rûpys, dêr't se inkeld yn syn winkel wat mei keapje koene. Yn 1827 rôp er de eilannen út ta in selsstannich keninkryk en himsels ta kening Ross I. Yn 1836 die it skip de Beagle, mei oan board de jonge wittenskipper Charles Darwin, de Kokoseilannen oan. Tsjin dy tiid libben der 65 oant 75 minsken op 'e arsjipel. Kening Ross I stoar yn 1854, en waard opfolge troch syn soan John George Clunies-Ross, oftewol kening Ross II.

Yn 1857 waarden de Kokoseilannen formeel anneksearre troch it Britske Ryk, troch kaptein Stephen Grenville Fremantle fan it marineskip de Juno. Fremantle stelde lykwols Clunies-Ross oan as superintendant, de heechste Britske bestjoersamtner yn 'e nije koloanje, dat yn 'e praktyk feroare der neat. Yn 1867 waarden de eilannen bestjoerlik yndield by de saneamde Strjittedelsettings (d.w.s. de feriene Britske koloanjes yn 'e Strjitte fan Malakka). Yn 1871 ferstoar Ross II en waard opfolge troch syn soan George Clunies-Ross, oftewol Ross III. Yn 1886 waard de steatkundige sitewaasje formalisearre doe't de Britske keninginne Fiktoaria de Kokoseilannen oant yn ivichheid oan 'e Clunies-Ross-famylje yn lien joech.

Yn 1901 waard der in tillegraaf kabelstasjon fêstige op it eilân Direction, dêr't ûnderseeske kabels wei rûnen nei de Britske koloanje Mauritsius, yn 'e Yndyske Oseaan; nei Batavia, yn Nederlânsk-Ynje; en nei Fremantle, deunby Perth, yn West-Austraalje. Yn 1910 waard der ek in stjoerder boud, om te kommunisearjen mei passearjende skippen. Troch it kabelstasjon wiene de Kokoseilannen yn dy tiid fan grut belang foar de wrâldwide kommunikaasje; úteinlik soe it stasjon yn 1966 sletten wurde. Ek yn 1910 stoar Ross III, en waard opfolge troch syn soan Sydney Clunies-Ross, oftewol Ross IV.

Home-eilân.

Earste Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 9 novimber 1914 fûn by de arsjipel de Slach by de Kokoseilannen plak, ien fan 'e earste seeslaggen fan 'e Earste Wrâldoarloch. In detasjemint fan 'e bemanning fan 'e Dútske kruser de SMS Emden gie oan lân op it eilân Direction om it tillegraafkabelstasjon te sabotearjen, mar it personiel dêrfan hie noch krekt de tiid en stjoer in needoprop út. De Australyske kruser de HMAS Sydney, dy't deunby in konfoai keapfarders begelate, reägearre dêrop, en yn it folgjende treffen rekke de Emden sa slim skansearre dat de bemanning it skip op it strân fan Noard-Keeling sette moast om't it oars sonken wie.

Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch wie it kabelstasjon op Direction wer fan fitaal belang, en it Britske garnizoen op 'e eilannen besocht sadwaande sa min mooglik de oandacht fan 'e Japanners te lûken. Nei de Fal fan Singapoer, yn 1942, waarden de eilannen formeel út Seylon (it letter Sry Lanka) wei bestjoerd. Yn 'e nacht fan 8 op 9 maaie fan dat jier fûn der in rebûlje ûnder de Seyloneeske soldaten fan it garnizoen plak, wêrby't twa deaden foelen foar't it ferset de kop yndrukt wurde koe. Neitiid waarden sân fan 'e muiters, dy't nei't it skynt ta harren die kommen wiene troch anty-ymperialistyske oertsjûgings, feroardiele ta de deastraf. Hoewol't der, nei't letter sein waard, by harren proses ferskate ûngeregeldheden plakfûn hiene, waarden trije fan 'e mannen ek wier-wier eksekutearre, wylst de fûnissen fan 'e oaren omset waarden yn finzenisstraffen.

Yn desimber 1942 waarden de Kokoseilannen besketten troch in Japanske dûkboat, mar dêrby waard gjin skea oanrjochte. Letter yn 'e oarloch waarden der twa fleanfjilden op 'e eilannen oanlein, dêr't Alliëarde bommesmiters missys wei ûndernamen om bombardeminten út te fieren op Japanske doelen yn Súdeast-Aazje. Ien fan 'e earste ienheden dy't op 'e Kokoseilannen stasjonearre waard, wie it Nû. 321 Squadron RAF, dat bestie út piloaten fan 'e Keninklike (Nederlânske) Loftmacht yn ballingskip.

Noard-Keeling.

Op 23 novimber 1955 waarden de Kokoseilannen troch de Britten formeel oerdroegen oan Australysk bestjoer. Tsjin dy tiid wie John Cecil Clunies-Ross syn heit Ross IV, dy't yn 1944 stoarn wie, opfolge as kening Ross V. It Australyske federale regear stelde in fertsjintwurdiger op 'e eilannen oan, mar yn 'e praktyk feroare der frijwol neat; it bestjoer bleau yn 'e hannen fan 'e Clunies-Ross-famylje. Pas yn 'e 1970-er jierren krige it regear yn Canberra sa njonkelytsen syn nocht fan 'e feodale wize fan bestjoer dy't kening Ross V foar de moade hie. Yn 1978 twong Austraalje de famylje Clunies-Ross om al har rjochten op 'e eilannen te ferkeapjen foar de som fan Au$ 6.250.000. As de famylje dêr net mei akkoart gie, soene de eilannen ûnteigene wurde, en krigen de Clunies-Ross' neat.

Under de oerienkomst behold John Cecil Clunies-Ross syn eigendom fan it Oceania House, de famyljewente op 'e Kokoseilannen, mar yn 1983 kaam it Australyske regear dêrop werom en waard Clunies-Ross oansein dat er op 'e Kokoseilannen net mear wolkom wie. It jiers dêrop die it Heechgerjochtshôf fan Austraalje de útspraak dat de ûnteigening fan it Oceania House ûnwettich wie, mar dêrop oardere it regear dat der tenei troch gjin inkele oerheidsynstânsje noch saken dien wurde mochten mei Clunies-Ross syn rederij, wat úteinlik late ta it fajyt fan dat bedriuw. De lêste kening fan 'e Kokoseilannen libbet no yn in boargerhúske yn in foarstêd fan Perth, mar syn soan, de eardere kroanprins John Clunies-Ross, wennet noch altyd op 'e Kokoseilannen, dêr't er libbet fan it kweken fan reuzemoksels, foar de ferkeap oan akwaria yn Jeropa en de Feriene Steaten. BBC-ferslachjouwer Nick Squires socht him dêr yn 2007 op en skreau oer him it nijsgjirrige stik The Man Who Lost a 'Coral Kingdom' ("De Man Dy't in 'Koraalkeninkryk' Ferlear").[1]

De Kokoseilannen by sinne-ûndergong.

Nei de Australyske oername waard der nei wiidweidige risselwaasjes en ûnder tafersjoch fan 'e Feriene Naasjes yn april 1984 ûnder Kokoseilanners in referindum holden. Dêrby koe men kieze út trije takomstfyzjes: yntegraasje yn Austraalje; in ferdrach fan frije assosjaasje (likernôch de relaasje dy't Nederlân hat mei Arûba, Kurasau en Sint-Marten); of folsleine ûnôfhinklikheid. Der wiene 261 stimgerjochtige kiezers, de Clunies-Ross-famylje ynbegrepen. De útslach wie: 229 stimmen foar yntegraasje, 21 foar frije assosjaasje, 9 foar ûnôfhinklikheid en 2 blanko.

Sûnt de oername fan 1978 falle de Kokoseilannen as in ekstern territoarium streekrjocht ûnder it Australyske federale regear yn Canberra. Oant 2007 lei de ferantwurdlik foar it Kokoseilânske bestjoer by it Ministearje fan Transport en Regionale Tsjinsten, fan 2007 oant 2010 by it Ministearje fan Binnenlânske Saken, en sûnt 2010 by it Ministearje fan Regionaal Austraalje, Regionale Untwikkeling en Pleatslik Regear.

In satellytfoto fan 'e Kokoseilannen.

Foar it deistich bestjoer stelde it Australyske regear fanôf 1958 op it eilân in fertsjintwurdiger oan, al wie dat de earste tweintich jier mear in waarnimmer. Oant 1968 waard dy funksje betitele as de "offisjele siktaris" (official secretary), wylst deselde funksjonaris neitiid de titel fan "bestjoerder" (administrator) droech. Sûnt 1 july 1992 jildt op 'e Kokoseilannen, njonken de federale Australyske wetten, de wetjouwing fan 'e dielsteat West-Austraalje "ynsafier't dy fan tapassing wêze kin op it territoarium". It federale regear bepaalt oft beskate Westaustralyske wetten of dielen derfan net fan tapassing binne. Fan deselde datum ôf hawwe de eilannen in tige beheinde foarm fan selsbestjoer fia de Shire of Cocos, in fertsjintwurdigjend orgaan mei sân leden dy't ienris yn 'e fjouwer jier troch de befolking fan 'e arsjipel keazen wurde (wat min ofte mear lykslein wurde kin mei in gemeenteried).

Yn 1997 waarden de Kokoseilannen mei Krysteilân gearfoege ta de bestjoerlike ienheid fan 'e Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan, dy't tegearre ien administrator diele. Kokoseilanners hawwe de Australyske nasjonaliteit, en stimme ek yn 'e federale Australyske ferkiezings (mar net yn 'e steatsferkiezings fan West-Austraalje). Yn it Australysk Parlemint wurde se fertsjintwurdige troch de ôffurdigen en senators fan it Noardlik Territoarium.

Fan âlds moat de ekonomy fan 'e Kokoseilannen it fierhinne hawwe fan 'e kokosplantaazje en fan 'e fiskerij. De measte saken (en ek de measte itenwaren) moatte lykwols ymportearre wurde fan it fêstelân fan Austraalje. Der is in lytse, mar groeiende toeristyske sektor op 'e eilannen, dy't lju besiket te lokjen foar strânfakânsjes, djipseedûken en snorkeljen.

It fleanfjild fan 'e Kokoseilannen.

Fia de satellyt kin men op 'e Kokoseilannen radio- en tillefyzje-útstjoerings fan alle grutte Australyske stjoerders folgje, en sûnt 2013 ek fan fjouwer Maleizyske stjoerders. Teffens is der in lokaal radiostasjon, mei de namme 6CKI. De eilannen hawwe trieleas ynternet fia de satellyt, fersoarge troch de Christmas Island Internet Administration (CIIA). Tillefoanferbinings op en nei de eilannen wurde fersoarge troch it Australyske telekombedriuw Telstra.

De Kokoseilannen hawwe in eigen fleanfjild op Westeilân. Dêrwei wurde fêste loftferbinings ûnderholden mei Perth, yn West-Austraalje, mei in tuskenstop op Krysteilân. De eilannen hawwe gjin haven, mar yn 'e lagune fan 'e Súdlike Keelingeilannen is tusken de eilannen Horsburgh en Direction in ankerplak foar seeskippen. Fierders hat de arsjipel in eigen legere skoalle en middelbere skoalle. Foar heger ûnderwiis moat men nei de fêstewâl.

It Nasjonaal Park Pulu Keeling, op Noard-Keeling.

Neffens gegevens út 2009 hiene de Kokoseilannen doe 596 ynwenners, mei in befolkingstichtens fan 43 minsken de km². It haadplak is Westeilân, op it eilân mei deselde namme, en it grutste plak is Bantam, op Home-eilân. Yn etnysk opsjoch bestiet de befolking fan 'e Kokoseilannen út twa mienskippen: sa'n 500 Kokosmaleiers (83,3%), dy't op Home-eilân libje, en likernôch 100 (blanke) Angelsaksyske Australiërs (16,7%), dy't op Westeilân wenje.

It Kokosmaleisk, in relatyf sterk ôfwikend dialekt fan it Maleisk, is op 'e eilannen de meast sprutsen taal. Hoewol't der gjin offisjele taal by wet fêstlein is, fungearret it Ingelsk as sadanich. De Kokosmaleiers binne tradisjoneel moslims, mar net mear as 65% fan harren praktisearret dy godstsjinst ek wier-wier. Fan 'e blanke befolking binne de measten itsij kristenen, itsij ateïsten of agnosten.

Op 'e Kokoseilannen, dêr't in tropysk klimaat hearsket, bestiet net folle fariaasje tusken de jiertiden. De hjitte wurdt likernôch njoggen moannen fan it jier ôfswakke ta in oangename waarmte troch de súdeastlike passaatwinen, dy't teffens evenredige hoemannichten rein bringe. Yn it foarjier kinne der tropyske sykloanen foarkomme.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. Squires, Nick, The Man Who Lost a Coral Kingdom, 2007 (http://news.bbc.co.uk/2/hi/programmes/from_our_own_correspondent/6730047.stm)

boarnen:
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
              Austraalje
Flagge fan Austraalje
steaten
Fiktoaria • Nij-Súd-Wales • Queenslân • Súd-Austraalje • Tasmaanje • West-Austraalje
territoaria
Australysk Haadstedsk Territoarium • Jervis Bay Territoarium • Noardlik Territoarium
eksterne territoaria
Ashmore- en Cartiereilannen • Australysk Antarktysk Territoarium • Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan (Kokoseilannen - Krysteilân) • Heard en de McDonaldeilannen • Koraalsee-eilannen • Norfolk
oare eksterne gebietsdielen
Lord Howe • Macquarie • Torresstrjitte-eilannen
· · Berjocht bewurkje