Koergan (oblast)
Koergan oblast
Курганская область | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Oblast |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Oeral |
ekonomyske regio | Oeral |
haadplak | Koergan |
grutste plak | Koergan |
taal | Russysk |
Etnyske groepen | Russen (92,5%), Tataren (1,9%), Basjkieren (1,4%) (stân: 2010) |
sifers | |
ynwennertal | 805.510 (2022) |
oerflak | 71.488 km² |
befolkingstichtens | 11,27 ynw./km² |
oar | |
stifting | 6 febrewaris 1943 |
tiidsône | UTC+5 (MSK+2)) |
koördinaten | 55° 34' N 64° 45' E |
webside | www.admobl.kurgan.ru |
De oblast Koergan (Russysk: Курганская область, transl.: Koerganskaja oblast) is in oblast yn Ruslân. Haadstêd fan de oblast is de stêd mei deselde namme, Koergan. Koergan is Russysk foar 'grêfheuvel' en hinget gear mei de Koergankultuer. Somtiden wurdt it gebiet ek oantsjut as de 'Transoeral' (Russysk: Зауралье; Zaoeralje).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De russyske kolonisaasje sette yn de 17e iuw útein. De earste delsettings wiene Dalmatovo (1644), Kataisk (1655), Koergan en Sjadrinsk (1662). Dielen fan de oblast hearden op ferskate mominten by de gûverneminten Tobolsk, Perm en Orenburg. Yn de tiid fan de Sovjet-Uny hearde it gebiet by de oblasten Oeral, Omsk en Tsjeljabinsk. Nei de Dútske oanfal op Ruslân yn 1941 waarden meiïnoar 16 grutte bedriuwen út it westen fan it lân nei it gebiet fan it takomstige oblast evakuëarre. De oblast Koergan waard op 6 febrewaris 1943 stifte.
De oblast waard op 30 oktober 1959 mei de 'Oarder fan Lenin' ûnderskieden.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oblast leit yn it súdwesten fan it Sibearyske Leechlân. It gebiet hat de foarm fan in trijehoek en de haadstêd leit yn it sintrum dêrfan. Yn it suden grinzget de oblast oan Kazachstan, yn it westen oan de oblast Tsjeljabinsk, yn it noarden oan de oblast Sverdlovsk en yn it easten oan de oblast Tjûmen. Fan noard nei súd is de oblast 290 km lang en fan west nei east mear as 430 km. It lânskip wurdt oerhearske troch flakke steppen, dy't tsjintwurdich foar de lânbou brûkt wurde. Likernôch in fyfte diel bestiet út bosk. Yn de oblast lizze mear as 3000 marren en 400 rivieren. De grutste rivieren binne de Tobol en de Isset.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gebiet hat in kontinintaal klimaat mei kâlde winters en waarme simmers. De trochsnit temperatueren binne yn jannewaris −18 °C en yn july +19 °C. De delslach is 400 mm yn 't jier; de tiid dat der wat groeit 160 oant 165 dagen.
Bestjoerlike yndieling en stêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oblast is ûnderferdield yn 24 rajon's en twa stedsdistrikten. De twa stedsdistrikten binne Koergan en de stêd Sjadrinsk. Meiïnoar hat de oblast njoggen steden en seis plakken mei in stedsk karakter.
Stêd | Russysk | Rajon | Ynwenners | Wapen | Lokaasje |
---|---|---|---|---|---|
Dalmatovo | Далматово | Dalmatovski rajon | 11.938 (2021) | 56° 16' N 62° 55' E | |
Joergamysj | Юргамыш | Joergamysjski rajon | 7.518 (2021 ) | 55° 22' N 64° 28' E | |
Kargapolje | Каргаполье | Kargapolski rajon | 8.005 (2021) | 55° 57' N 64° 26' E | |
Kataisk | Катайск | Kataiski rajon | 12.341 (2021) | 56° 18' N 62° 34' E | |
Krasny Oktjabr | Красный Октябрь | Kargapolski rajon | 4.230 (2021) | 55° 38' N 64° 48' E | |
Koergan | Курган | Stedsdistrikt | 304.727 (2022) | 55° 26' N 65° 20' E | |
Koertamysj | Куртамыш | Koertamysjski rajon | 16.401 (2021) | 54° 54' N 64° 26' E | |
Lebjazje | Лебяжье | Lebjazjevski rajon | 5.425 (2021) | 55° 16' N 66° 30' E | |
Makûsjino | Макушино | Makûsjinski rajon | 7.680 (2021) | 55° 12' N 67° 15' E | |
Misjkino | Мишкино | Misjkinski rajon | 7.392 (2021) | 55° 20' N 63° 55' E | |
Petûchovo | Петухово | Petûchovski rajon | 9.916 (2021) | 55° 04' N 67° 53' E | |
Sjadrinsk | Шадринск | Stedsdistrikt | 74.400 (2021) | 56° 05' N 63° 38' E | |
Sjtsjûtsje | Щучье | Sjtsjûtsjanski rajon | 9.346 (2021) | 55° 13' N 62° 46' E | |
Sjûmicha | Шумиха | Sjûmichinski rajon | 17.141 (2021) | 55° 14' N 68° 17' E | |
Vargasji | Варгаши | Vargasjinski rajon | 9.080 (2021) | 55° 22' N 65° 49' E |
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1926 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1.236.000 | 976.000 | 999.170 | 1.085.560 | 1.080.459 | 1.103.665 | 1.019.532 | 805.510 |
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Transsibearyske Spoar ferbynt de oblast mei de ekonomyske sintra fan de Europeeske en Aziatyske dielen fan Ruslân. Troch de ûnôfhinklikheid fan Kazachstan leit de oblast lykwols mear oan it rânegebiet fan Ruslân as foarhinne. De wichtichste sektoaren binne de masjinebou (foar de lânbou, oanlis fan strjitten en gemy-yndustry), foedselferwurking en lânbou. Oars as yn de omlizzende gebieten hat de oblast gjin grutte oaljefoarrieden yn 'e grûn. Wol is de oblast ryk oan boumaterialen; yn it suden wurdt ek izererts fûn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Tjumen
|