iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Katedraal_fan_Rouen
Katedraal fan Rouen - Wikipedy Springe nei ynhâld

Katedraal fan Rouen

Ut Wikipedy
Us-Leaffrouwekatedraal

Cathédrale Notre-Dame

Lokaasje
lân flagge fan Frankryk Frankryk
regio Normandje
departemint Seine-Maritime
plak Rouen
adres Place de Cathédrale
koördinaten 49° 26' N 1° 41' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Rouen
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 12e-15e iuw
boustyl Gotyk
monumintale status histoarysk monumint
Webside
Side katedraal
Kaart
Katedraal fan Rouen (Frankryk)
Katedraal fan Rouen

De Katedraal fan Us-Leaffrouwe fan Rouen (Frânsk: Cathédrale Notre-Dame de Rouen) is ien fan de grutste goatyske katedralen fan Frankryk. Mei de bou waard yn de 12e iuw begûn en einige yn de 16e iuw. Yn de 19e iuw fûn in restauraasje plak. Yn dy tiid krige de katedraal ek syn 151 meter hege smei-izeren spits, de heechste tsjerketoer fan it lân. De katedraal is de sit fan de aartsbiskop fan Rouen.

De hjoeddeiske katedraal stiet op de fûneminten fan de 11e-iuwske romaanske tsjerke. Fan dy tsjerke binne de trije ûnderste ferdjippings fan de noardlike Tour Saint-Romain, de sydportalen fan de gevel en in diel fan it skip bewarre bleaun. Rouen waard yn de 3e iuw de sit fan it bisdom en om 390 hinne waard der in basilyk foar de stêd boud.

Goatyske nijbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hugo fan Amiens begûn mei de ferbouwing fan de romaanske tsjerke mei it ferheegjen fan de Tour Saint-Romain. Doe wie de toer noch in frijsteande klokketoer, dy't los fan it romaanske tsjerkeskip stie. Op dat stuit waard der noch net oan de tsjerke wurke, sa't it liket wiene der doe noch gjin plannen om de tsjerke te fernijen.

Om 1180 waard úteinset mei de iergoatyske nijbou fan de katedraal, oars as wenst begûnen se net mei it koer mar mei it tsjerkeskip. De earste boufaze bestie út de bou fan de ûnderste dielen fan de westlike gevel mei de portalen, nei alle gedachten westlik fan de doe noch besteande romaanske foargonger. Mei it ûnstean fan de earste westlike traveeën yn de twadde boufaze ûntstie in ferbining mei de toer.

Ynterieur

Nei de stedsbrân yn de Peaskenacht fan 1200, dy't fierder net in soad skea oan de nijbou brocht, sette de tredde faze oant it fiifde pylderpear (út it westen wei teld) útein. Ek de boppedielen fan earste traveeën út de eardere boufaze, ynklusyf it trifoarium mei de wide segmintbôgen, waarden no foltôge. Yn de jierren 1206-1207 waard it skip foltôge mei de bou fan nochris fiif traveeën.

Pas nei de foltôging fan it skip waard fan 1210 ôf boud oan it dwersskip en de krusing en dêrop folgjend nei 1220 it koer. Sûnt 1230 waard der wurke oan de opbou fan de krusingstoer en de hegere dielen fan de westlike gevel. De kapellen oan de sydskippen waarden yn de jierren 1260 en 1270 tafoege en dêrnei waarden de gevels fan it dwersskip mei it Portail des Libraires (ferneamd nei de boekehandlers dy't dêr harren wurk ferkochten) fan it noardlike dwersskip en it Portail de la Calende (ferneamd nei de liturgyske kalinder dy't dêr hong) fan it súdlike dwersskip yn heechgoatyske styl fernijd. It Portail de la Calende is oerdiedich fersierd mei foarstellings fan de lijensskiednis fan Jezus en de kristlike heechfeesten, wylst it Portail des Libraires dekoraasjes sjen lit fan it Skeppingsferhaal, it Jongste Gerjocht en fantasyfigueren lykas in baarch dy't op de fioele spilet en in man mei in bokkekop mei in klokje.

Marijekapel

Oan it begjin fan de 14e iuw ûntstie de eastlike, op it koer oanslutende, Marijekapel. De Marijekapel is trije traveeën lang en hat in fiifsidige absis. It barokke alter fan fergulde hout waard makke troch Jean Racine (1643-1645) en hat in skilderij fan Philippe de Champaigne dat de Oanbidding fan de Hoeders (1629) foarsteld. De ramen fan û.o. it berteferhaal, de kroaning fan Marije en in rige biskoppen binne foar in grut part 14e- en 15e-iuwsk, dy't oarspronklik út de yn 1944 ferneatige Sint-Finsintiustsjerke (Eglise Saint-Vincent) komme en 19e-iuwske ramen ferfongen. Ek is dêr it yndrukwekkende grêfmonumint fan de kardinalen fan Amboise.

thumb|left|Roasfinster westlike gevel Fan de jierren 1370 ôf waard foar de westlike gevel in skermgevel mei in grut tal bylden boud, dy't yn 1450 foltôge wie. De Tour Saint-Romain waard yn de jierren 1460 mei in ferdjipping ferhege en nei 1480 waard der boud oan de toer oan de súdlike kant fan de gevel, de Tour de Beurre. De toer krige dy namme om't de boukosten betelle waarden út in ekstra heffing op bûter yn de fêsteltiid. Nei de foltôging fan de Tour de Beurre die bliken dat der skea wie oan de westlike gevel, sadat yn de jierren 1508-1511 in renovaasje fan it sintrale portaal plakfûn. Nei in brân fan de krusingstoer yn 1514 waard dy yn de jierren 1548-1557 troch in nije en hegere krusingstoer fan 128 meter.

De katedraal waard yn 1562 plondere troch de hugenoaten. De ûntbrekkende bylden tsjûgje noch fan dy tiid. De tomben fan de hartoch fan Bedford en kardinaal d'Estouteville waarden fernield en de koppen fan de gevelbylden fan de aartsbiskoppen dêr ôf slein.

Yn 1683 ferneatige in orkaan it roasfinster. Ek trije tuorkes stoarten del troch it ferwulft, wat it oargel ferneatige.

De âlde krusingstoer waard yn 1822 troch de bliksem troffen. De hjoeddeiske 151,5 meter hege krusingstoer datearret út 1884 en waard fan smei-izer makke. Oant de foltôging fan de Keulske domtsjerke wie de katedraal it heechste bouwurk fan 'e wrâld. De krusingstoer is in ûntwerp fan de arsjitekt Jean-Antoine Alavoine, dat lang nei syn dea útfierd waard. Sûnt 2018 wurdt de toer restaurearre.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De katedraal nei de oanfallen fan de Amerikaanske luchtmacht

Yn de wiken foar de ynvaazje fan Normandje fierde de Royal Air Force loftoanfallen út om transportknooppunten te ferneatigjen, sadat it befoarriedzjen fan de Wehrmacht hindere waard en der minder Dútsk fermogen wie om wjerstân te bieden.

Yn 'e nacht fan 18 op 19 april foelen de bommesmiters Rouen oan mei as doel it ranzjearstasjon yn Sotteville-lès-Rouen en de tichteby lizzende spoarbrêge oer de Seine te reitsjen. It âlde sintrum fan Rouen waard slim troch de bombardeminten troffen en fiif bommen foelen op de katedraal. It skilde net folle of ien fan de pylders fan de sintrale toer waard rekke; dielen fan it súdlike sydskip en twa roasfinsters waarden fernield.

De loftoanfallen troch de bommewerpers fan de Amerikaanske loftmacht feroarsaken brannen yn de katedraal. Op 1 juny 1944 baarnde de noardlike toer út.

Brânskildere ramen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sân Sliepers fan Efeze

It finster fan de Sân Sliepers fan Efeze yn 'e Petrus- en Pauluskapel waard om 1204 makke troch in ûnbekende glesker en hiene yn 1832 noch it âlde plak yn it sydskip. Om 1870 hinne binne de ramen der úthelle fanwegen de minne steat en in kwalitatyf minne restauraasje. Yn de rin fan de tiid waarden fjouwer dielen ferkocht oan Amerikaanske musea. Yn de jierren 1980-1981 waarden de oare acht dielen restaurearre en oanfolle mei nije dielen op 'e nij ynbrocht yn de Petrus- en Pauluskapel. Fiif foarstellings stelle de leginde fan de Sân sliepers fan Efeze foar. De Marijekapel hat noch ramen dy't werom geane op de 14e iuw. Ek yn oare dielen fan de katedraal is noch âld glêswurk bewarre bleaun.

Haadoargel

De katedraal fan Rouen wie ien fan de earste katedralen dy't in oargel hie. It earste ynstrumint datearre noch foar it jier 1380. It stie ynearsten yn it noardlike dwersskip en ferhûze sûnt 1493 nei de westlike galerij. By in stoarm fan 1683 rekke it ynstrumint skansearre en yn 1686 boude de oargelbouwer Robert Clicquot wer in oargel op.

It grutte oargel op de westlike galerij ûnder it goatyske roasfinster giet foar in part werom op dat ein 17e-iuwsk ynstrumint. De oargelkas waard makke troch Joseph Pilon.

Ien fan de skilderijen fan de katedraal troch Claude Monet

Yn de rin fan de tiid hawwe ferskillende oargelbouwers it Clicquot-Instrument restaurearre en feroare, mar yn de Twadde Wrâldkriich gyng it ynstrumint folslein ferlern.

It hjoeddeiske oargel waard boud troch Jacquot-Lavergne neffens ûntwerpen fan de organisten Marcel Dupré en Marcelen yn 1956 ynwijd. It hat 68 registers op fjouwer manualen en pedaal.

It koeroargel is fan de ferneamde oargelbouwer Aristide Cavaillé-Coll en waard oarspronklik boud foar Albert Dupré, de heit fan de organist Marcel Dupré. It út 1896 datearjende ynstrumint waard troch Marcel Dupré skonken oan de katedraal, dêr't it sûnt as koeroargel tsjinnet. It besit alve registers op twa manualen en pedaal.

De Frânske ympresjonist Claude Monet makke yn de jierren 1890 in rige fan hast 30 skilderijen fan de katedraal. De katedraal is mei ferskillende ljochtynfloeden skildere en in diel dêrfan is te sjen yn it Musée d'Orsay yn Parys.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side