iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Jild
Jild - Wikipedy Springe nei ynhâld

Jild

Ut Wikipedy
Papierjild en munten.

Jild is in ding dat yn in bepaald lân of binnen in sosjaal-ekonomyske kontekst algemien akseptearre wurdt as betelling foar guod of tsjinsten en de werombetelling fan skulden. As wichtichste funksjes fan jild wurde ûnderskieden: ruilmiddel, rekkenienheid, oppotmiddel en ynsidinteel ek as ienheid foar útstelde betellings.

As ekonomysk ruilmiddel ûnderskiedet jild him fan oare ruilmiddels trochdat it de wjertsjinst, dy't oan de ruilpartner ferskuldige is, net daliks foldocht, mar op grûn fan algemiene en wetlike erkenning brûkt wurde kin foar fierdere ruiltransaksjes.

Jild is ûntstien as commodityjild, mar hast alle hjoeddeiske jildsystemen binne basearre op fidusiêr jild. Fidusiêr jild hat gjin yntrinsike brûkwearde as in fysike goed en ûntlient har wearde allinnich oan it feit dat in oerheid dit jild as in wettich betelmiddel oantsjut; dat wol sizze dat dit jild akseptearre wurde moat as in foarm fan betelling binnen de grinzen fan it lân, foar "alle skulden, publike- likegoed as private".

De jildhoeveelheid fan in lân bestiet út gartaal jild (bankbiljetten en munten) en direkt opfreechbere depositorekkeningen of 'bankjild' (de balâns yn betel- en sparrekkeningen). Dizze direkt opfreechbere depositorekkeningen binne hast altiten folle grutter as de hoeveelheid gartaal jild. Bankjild is net taastber en bestiet allinnich yn de foarm fan ferskate bankrecords. Nettsjinsteande it feit dat bankjild net taastber en ymmaterieel is fiert bankjild noch altiten de basisfunksjes fan jild út, omt bankjild algemien as in foarm fan betelling akseptearre wurdt.

De rol fan jild

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ekonomen binne it der tsjintwurdich oer iens dat jild in wichtige rol spilet yn it ekonomysk systeem. De jildhoeveelheid beynfloedet de konjunktuer. Soe der bygelyks tefolle jild wêze dan soenen konsuminten mear besteegje as dat der produsearre wurde kin. De prizen geane dan omheech, der treedt ynflaasje op, en de ekonomy rekker oerferjitte. It omkearde kin ek, as der bygelyks te min jild is, kinne konsuminten te min keapje en sil de wurkleazens tanimme: de ekonomy giet efterút en der ûntstiet in resesje. It belied fan de sintrale bank om dit tsjin te gean wurdt jildpolityk of monetêr belied neamd: as de ynflaasje tefolle tanimt, ferheget de sintrale bank de rintetariven, sadat de ekonomy 'ôfkuollet'; as de ekonomy tefolle ôfkuollet, ferleget de sintrale bank de rintetariven as stimulâns.

De funksjes fan jild binne: