James Finlayson
James Finlayson | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 27 augustus 1887 | |
berteplak | Larbert (Stirlingshire) | |
stoarn | 13 july 1953 (65 jier) | |
stjerplak | Los Angeles | |
etnisiteit | Skotsk | |
jierren aktyf | 1910–1951 | |
offisjele webside | ||
(in) Finlayson yn de IMDb |
James (Jim) Finlayson (Larbert, Skotlân, 27 augustus 1887 - Los Angeles, 9 oktober 1953) wie in Skotsk-Amerikaansk komysk akteur.
Hy wie in soan fan Alexander and Isabella (berne Henderson) Finlayson,[1]. Foar't er mei aktearjen út ein sette, yn it teäter, wie er leadjitter.[2] Nei't sy âlden beide weirekke wiene emigrearre er mei syn broer Robert yn 1911 nei de Feriene Steaten; hy wie doe 24 jier. Yn de FSA waard er fral bekend troch syn optredens yn ferskate Laurel & Hardy-films. Hy spile sawol in stomme- as in lûdfilms.
Ien fan syn hannelsmerken wie dat er de wynbrau boppe syn linkereach omheech sjitte litte koe en tagelyk syn rjochtereach ta in spjalt fernauje koe. In oare wie syn útrop dohhhhhhh!, in eufemisme fan 'ferdomme'. Yn de measte films hie er ek in - falske - walrussnor.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|