iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Hauken_en_sparwers
Hauken en sparwers - Wikipedy Springe nei ynhâld

Hauken en sparwers

Ut Wikipedy
Hauken en sparwers
Hauk (Accipiter gentilis)
Hauk (Accipiter gentilis)
Taksonomy
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
rangleas: bitterfûgels (Afroaves)
skift: haukeftigen (Accipitriformes)
famylje: haukfûgels (Accipitridae)
ûnderfamylje: hauken en sparwers (Accipitrinae)

De hauken en sparwers (Accipitrinae) binne in ûnderfamylje fan rôffûgels út de famylje fan de haukeftigen (Accipitridae). De ûnderfamylje hat 11 skaaien en 73 soarten. Hoe dan ek is de ûnderfamylje fan de hauken en sparwers de grutste ûnderfamylje fan de famylje fan de haukfûgels en fan it skift fan de rôffûgels.

De hauken en sparwers libje meast yn of by wâlden oer de hiele wrâld, mei útsûndering fan Antarktika. Se binne betreklik lytse oant middelgrutte rôffûgels mei slanke romp, betreklik koarte en rûne wjukken en lange sturt. De wyfkes binne ornaris grutter as de mantsjes. De lytste sparwer, de Súdamerikaanske dwerchsparwer (Accipiter superciliosus) is sa’n 22 sm lang, sa grut as in lyster, en de grutste hauk is ‘ús’ (Noardlike) hauk fan sa’n 63 sm lang.

De omfieming fan de ûnderfamylje fan de hauken en sparwers is noch in saak fan ûndersyk en diskusje. Neffens guon saakkundigen heart it skaai Harpagus by de ûnderfamylje fan de gleeën (Milvinae) en it skaai Kaupifalco by de mûzefalken (Buteoninae) en foarmje de skaaien Micronisus en Melierax in eigen ûnderfamylje fan de sjonghauken Melieracinae of Melieraxinae. De ûndersteande skaaien wurde ta de hauken en sparwers rekkene.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]