iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Grumman_J2F_Duck
Grumman J2F Duck - Wikipedy Springe nei ynhâld

Grumman J2F Duck

Ut Wikipedy
Grumman J2F Duck


Rol Ferkenning, rêding op see, algemiene taken
Makker Grumman
Columbia Aircraft Corporation
Earste flecht 1936
Yn tsjinst 1936
Ut tsjinst
Tal makke 584
Grutste brûkers United States Navy, United States Army Air Forces
United States Coast Guard
United States Marine Corps
Farianten J2F-1 oant J2F-6.
In J2F-5, 1942

De Grumman J2F Duck (bedriuwsoantsjutting G-15) wie in Amerikaansk ienmotoarich amfibyske twadekker. It tastel operearre sawol fan fleanfjilden as fleandekskippen.

De J2F wie in ferbettere ferzje fan de eardere JF Duck, waans prototype al yn 1933 fleach en yn 1936 oan United States Navy levere waard. De J2F-1 gie ym 1937 mei in sterkere 760 hk(559 kW) Wright R-1820-stjermotor yn searjeproduksje. Meiïoar kamen der seis farianten fan de J2F (J2F-1 oant J2F-6). De lêste ferzje J2F-6 mei in 1.050 hk Wright R-1820-54-stjermotor waard yn 1940/41 boud. Totaal waarden 567 stiks makke, alle farianten meirekkene.

It tastel tsjinne by alle grutte ûnderdielen fan de Amerikaanske Striidkrêften fan mids tritiger jierren oant in skoftke nei de Twadde Wrâldoarloch, foaral noch foar algemiene tsjinsten en rêdingen op see. It tastel waard ek brûkt troch de Argentynske Marine fan 1937 ôf oan. Nei de oarloch bedarren de J2F Ducks by partikulieren, mar ek by de striidkrêften fan Kolombia en Meksiko.

De lêste tastellen wiene noch oant 1955 operasjoneel.

Technyske gegevens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Gegevens Grumman J2F-6
Bemanning Piloat en waarnimmer
Langte 10,40 m
Spanwiidte 11,90 m
Draachoerflak fleugels 38 m²
Hichte 4,40 m
Gewicht leech 2.485 kg
Startgewicht 3.043 kg
Topfaasje 305 km/o
Tsjinstplafond 7.848 m
Fleanberik 2.408 km
Oandriuwing Ien Wright R-1820-54 stjermotor, 1.050 HK (783 kW)
Bewapening 1 .030 beweechber masinegewear, 295 kg bommen/djiptebommen

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: