iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Grienlân
Grienlân - Wikipedy Springe nei ynhâld

Grienlân

Ut Wikipedy
Kalaallit Nunaat
Grønland
Flagge fan Grienlân Wapen fan Grienlân
Flagge Wapen
Lokaasje fan Grienlân
Offisjele taal Kalaallit Nunaat
Grønland
Haadstêd Nuuk (Godthåb)
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
2.166.086 km²
81­%
Ynwenners 56.081 (2021)
Munt Deenske kroan (DKK)
Tiidsône UTC -4, -3, -1
Nasjonale feestdei 21 juny
Lânkoade GL
Ynternet .gl
Tillefoan 299
Grienlân
Oan de westkust
Fleanfjild Thule

Grienlân (Grienlânsk: Kalaallit Nunaat, Deensk: Grønland) is in eilân yn de noardlike Atlantyske Oseaan, noardeast fan Kanada. Mei in oerflakte fan 2.166.086 km2 is it it grutste eilân fan 'e wrâld. Grienlân makket diel út fan it keninkryk Denemarken. Sûnt 1979 hat it lykwols in ûnôfhinklike posysje tsjinoer Denemarken (status aparte) en it makket sûnt 1985 gjin diel mear út fan de Europeeske Uny. De haadstêd is Nuuk.

Grienlân heart geografysk besjoen by Noard-Amearika, en geologysk ta it Kanadeeske skyld. Goed 80% fan it lân is bedekt mei in tsjokke iislaach fan maksimaal 3 km dikte. Allinnich de kuststreek fan 15-150 km breed, foaral yn it suden en westen kin bewenne wurde, mei troch de ynfloed fan de Golfstream. De kusten binne ynkerve mei ûnbidige fjorden en gletsjers, dêr't regelmjittich iisbergen fan ôfbrekke. Grienlân hat in poalklimaat.

De oarspronklike ynwenners binne de Inuit (ek Eskimo's neamd). Sy wienen fanâlds nomaden en foarmje lykwols noch in lytse groep. It grutste part fan de ynwenners libbet yn it súdwesten en sy binne de Grienlanners, in griemmank fan Denen en Inuit. De taal dy't sy sprekke is Grienlânsk, dat is in Inuit dialekt. It Deensk en it Grienlânsk binne de offisjele talen. In tredde groep ynwenners bestiet út Europeanen, foaral Denen. Fierders binne der yn de basis Thule Amerikaanske soldaten legere.

De wichtichste religy is lykas yn Denemarken it luteranisme. It kristendom is om it earste millennium hinne troch de Yslânske kolonisten brocht.

It grutste diel fan de Grienlanners is Kristen. Goed 64,2% fan de Grienlânners heart ta de Evangelysk-Luterske Tsjerke. De Pinkstertsjerke is tige aktyf. Likernôch 2,8% fan de befolking heart dêr ta. Fierders heart 27,4% fan de Grienlanners by in oare Kristlike Tsjerke. 3,4% is net religieus.

  • Neffens archeologen hawwe parten fan Grienlân sûnt 2500 foar Kr. benei allegeduerigen bewenne west troch ien fan de ferskate, elkoar opfolgjende, Inuit-kultueren, dy't út Noard-Amearika kamen.
  • 981 - Erik de Reade lannet fia Yslân op de Grienlânske kust
  • 987 - fêstiging fan de earste kolonisten.
  • Likernôch 1000 - ynfiering fan it kristendom troch Leif Eriksson.
  • 1261 - Grienlân ûnder Noarsk bestjoer
  • 1397 - Grienlân offisjeel Deensk gebiet (Uny fan Kalmar).
  • 15e iuw - De Fikingkoloanjes ferdwine as it eilân troch de klimaatferoarings fan de Lytse Iistiid kâlder wurdt.
  • 1721 - Begjin werkolonisearring troch Denemarken.
  • 1774-1951 - De hannel mei Grienlân is in steatsmonopoalje.
  • 1951 - Ofsluten fan it Deensk-Amerikaansk ferdrach oer de mienskiplike ferdigening fan Grienlân.
  • 1953 - Grienlân kriget beheind selsbestjoer yn it Deenske keninkryk.
  • 1979 - Grienlân wurdt hielendal selsstannich yn it Deenske keninkryk.
  • 1982 - Grienlân stimt middels in referindum yn foar úttreding út de Europeeske Mienskip.
  • 1985 - Grienlân ferlit de Jeropeeske Mienskip.

De Grienlânske ekonomy leunt benammen op de fiskfangst, de jacht, skiephâlderij en mynbou. Men eksportearret û.a. walfiskprodukten, pelzen. Mynbouprodukten as kryolyt, kwarts, glimmer, lead, sink en izererts wienen ek de wichtichste eksportprodukten, mar de lêste myn waard yn 1990 sletten.

Grienlân is sûnt 1953 selsstannich fan Denemarken. Yn 1979 waard dizze selsstannigens fierder útwreide. It haad fan 'e steat Grienlân is de Deenske keninginne Margaretha II. In gûverneur ferfolt ynstee fan de keninginne de rol fan lânfâd.

Grienlân is in parlemintêre demokrasy mei algemien stimrjocht en hat in parlemint mei 31 setels (Landsting). Der is in kabinet mei in premier en faak soarget de grutste partij yn it parlemint foar de premier.

Grienlân is - yn tsjinstelling ta Denemarken - gjin lid fan de Europeeske Mienskip.

Politike partijen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grienlân telt inkele belangrike politike partijen:

  • Atássut (A) - Gefoel fan Minskipsolidariteit (konservatyf, foarstanner fan de uny tusken Denemarken en Grienlân)
  • Siumut (S) - Foarút (sosjaal-demokratysk, foarstanner fiergeande selsstannigens, mar mei behâld fan de uny tusken Denemarken en Grienlân)
  • Inuit Ataqatigiit - Inuit Mienskip (links, foarstanner komplete selsstannigens)
  • Demokraatit (D) - Demokraten (liberale partij)
  • Kattusseqatigiit (K) - Unôfhinkliken (fraksje fan ûnôfhinklike kandidaten yn it Grienlânske parlemint)

Gemeenten fan Grienlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Noardske Ried Flagge fan de Noardske Ried
Lannen:
Flagge fan Denemark DenemarkFlagge fan Finlân FinlânFlagge fan Yslân YslânFlagge fan Noarwegen NoarwegenFlagge fan Sweden Sweden
Autonome gebieten:
Flagge fan de Ålâneilannen ÅlâneilannenFlagge fan de Fêreu-eilannen Fêreu-eilannenFlagge fan Grienlân Grienlân
· · Berjocht bewurkje