iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Fisjnû
Fisjnû - Wikipedy Springe nei ynhâld

Fisjnû

Ut Wikipedy
Fisjnû en syn Avatars

Fisjnû of Vishnu (IAST viṣṇu, Devanagari विष्णु), ek wol Narayana, Fasûdeva, Mádhava en Trikrama neamd (trije stappen), is binnen de Trimurty it ûnderhâldende, soargjende of beskermjende aspekt fan God yn 'e skepping. Fisjnû is it aspekt fan God dat alle dingen yn it universum trochkringt en ûnderhâldt. It skeppende en kreative diel fan God wurdt fertsjintwurdige troch Brama en it transformative of destruktive aspekt troch Sjiva. Op Baly waarden Sjiva en Fisjnû soms as ien god fereare. Foar de Faisjnavas (Fisjnû-oanbidders) is Fisjnû de beskermgod.

Tegearre mei syn frou Laksjmy, de goadinne fan 'e leafde, hat Fisjnû Kamadeva as syn neisiet.

Mytologyske foarstelling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fisjnû wurdt meastentiids ôfbylde sittend op in grutte earn, Garûda, mei syn frou Laksjmy, de goadinne fan oerfloed, skientme en lok. Fisjnû wurdt dan yn swart of blau ôfbylde mei fjouwer earms, wêrmei't hy in dungkhar, in loatusblom, in diskus en in kneppel fêsthâldt, dy't ferskate kwaliteiten fan dizze god fertsjintwurdigje.

Binnen it Faisjnavisme wurdt Fisjnû sjoen as de oergodheid dêr't alle skepping en alle oare goaden út ûntstien binne. Yn dizze hoedanichheid wurdt hy faak ôfbylde yn 'e oseaan fan molke, in diel fan it kreative proses. De blauwe kiel (Nilakantha) komt fan it fergif Halahala, dat frijkomt by it tsjernjen.

Neffens bepaalde hindû-bewegingen (benammen binnen it Faisjnavisme) soe Fisjnû tsien kear nei de ierde komme yn 'e foarm fan tsien saneamde avatars (ynkarnaasjes fan God), om de wrâld en it minskdom yn ferskate perioaden fan 'e skiednis fan ferneatiging te rêden. De tsien avatars fan Fisjnû binne neffens dizze streamings:

  • Matsya, de fisk
  • Koerma, de skyldpod
  • Faraha, de wylde baarch
  • Narasimha, de mantsje-liuw
  • Famana, de dwerch
  • Parasjûrama, de strider
  • Rama, de ideale soan, man en kening
  • Krisjna, kijhoeder, fertelt de manier fan it libjen
  • Bûda
  • Kalky, de ruter op it wite hynder, de ienige ynkarnaasje dy't noch komme moat.

De twa wichtichste fan dizze avatars yn it moderne Faisjnavisme binne Krisjna en Rama.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Foar boarnen, noaten en referinsjes sjoch nl:Vishnu