iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Edikt_fan_Tessaloniky
Edikt fan Tessaloniky - Wikipedy Springe nei ynhâld

Edikt fan Tessaloniky

Ut Wikipedy

It Edikt fan Tessaloniky of "Cunctos populos" fan de trije keizers Theodosius I, Gratianus en Falentinianus II waard yn Tessaloniky ôfkondige op 27 febrewaris 380. It dekreet makket in ein oan de godstsjinstfrijheid dy't yn de 4e iuw hearske hie en jildt as in wichtige stap om fan it (katolike) kristendom de steatsreligy fan it Romeinske ryk te meitsjen .

Nei de dea fan keizer Falentinianus, wurdt troch syn soan en opfolger Gratianus it ôfhâldende bewâld tsjinoer ynterne kristlike konflikten loslitten. Alle eardere biskopsferbanningen fan syn heit wurde troch him weromroppen, en healwei 379 wurdt ûnder ynfloed fan de biskop fan Milaan Ambrosius by edikt alle foarm fan krityk op de lear fan it Konsily fan Nicea ferbean.

Yn febrewaris 380 sprekt Teodosius him út fia it edikt. Yn it foarste plak rjochtet hy him op de befolking fan de eastlike haadstêd Konstantinopel, mar wie ek bedoeld foar it hiele ryk. Foarop stie in polityk doel: de ienheid fan it ryk fersterke. Oerlis mei tsjerklike en teologyske fertsjintwurdigers wie der net by. It jier derop folgjend waard it edikt oanfolle mei bepalingen tsjin ketters.

It Roomsk-Aleksandrijnske leauwen yn de trije-ienheid fan God waard ta grûnslach fan it kristlike leauwen ferklearre. Alles wat dêrfan ôfwike waard as ketterij sjoen mei alle gefolgen fan dien. Biskoppen dy't harren opfettings net feroarje woenen waarden út de tsjerke jeie en ferfongen troch katoliken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • P. Barceló en G. Gottlieb, 'Das Glaubensedikt des Kaisers Theodosius vom 27. Februar 380. Adressaten und Zielsetzung', yn: Klassisches Altertum, Spätantike und frühes Christentum. Adolf Lippold zum 65. Geburtstag gewidmet, hrsg. von Karlheinz Dietz, Dieter Hennig und Hans Kaletsch (Würzburg 1993) 409 - 423.
  • Wim Jurg, De vierde eeuw, of hoe het christendom staatsgodsdienst werd, 2011, siden 145-148.