iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Death_Valley
Death Valley - Wikipedy Springe nei ynhâld

Death Valley

Ut Wikipedy
Death Valley
polityk
soarte gebiet delling
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
county Inyo County
sifers
oerflak 7.800 km²
oar
tiidsône UTC –8
simmertiid UTC –7
koördinaten 36°14′49″ N 116°49′01″ W

Death Valley (Ingelsk foar "Deadsfallei" of "Delling fan 'e Dea") is in delling yn it noarden fan 'e Mojavewoastyn en it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. It grutste part fan it gebiet leit rom ûnder seenivo. Death Valley stiet derom bekend dat it simmerdeis ien fan 'e hjitste plakken op 'e wrâld is. De rekôrtemperatuer yn it gebiet bedraacht 56,7 °C, wat de heechste temperatuer is dy't ea lykfolwêr op 'e Ierde metten is.

Death Valley leit yn it súdeastlike part fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, eastlik fan 'e Sierra Nevada, deunby de grins mei Nevada. De delling rint yn noard-súdrjochting oer in lingte fan goed 225 km en is 8 oant 24 km breed. Yn it easten wurdt er omsletten troch it Amargosaberchtme en yn it westen troch it Panamintberchtme. De noardlike en súdlike tagongen wurde ôfsletten troch it Grapevineberchtme, resp. it Owlsheadberchtme. Death Valley hat in oerflak fan rûchwei 7.800 km².

De lokaasje fan Death Valley yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje.

De delling makket diel út fan 'e Mojavewoastyn en grinzgjend oan 'e Woastyn fan 'e Grutte Dobbe. De Badwaterdobbe, yn Death Valley, is it leechste punt fan hiele Noard-Amearika en leit 86 m ûnder seenivo. Opmerklik genôch befynt dat punt him mar 136 km eastsúdeastlik fan 'e Mount Whitney, dat it heechste punt yn 'e legere 48 steaten is. Geografysk makket Death Valley diel út fan 'e Grutte Dobbe. Bestjoerlik falt de delling foar it meastepart ûnder Inyo County. Death Valley foarmet fierders it grutste part fan it Nasjonaal Park Death Valley.

Histoarysk waard Death Valley teminsten inkele tûzenen jierren bewenne troch de Timbisha-stamme fan 'e Westlike Sjosjoanen. Hja neamden de delling Tümpisa, wat "Rotsferve" betsjut en ferwiist nei de readokerôfsettings yn 'e klaai yn in diel fan it gebiet. Guon Timbisha wenje noch altyd yn 'e delling, te Furnace Creek. In oar âld doarp, yn 'e neite fan 'e hjoeddeistige filla Scotty's Castle, is no ferlitten.

Death Valley sjoen út 'e romte.

Yn 1849, yn 'e tiid fan 'e Kalifornyske Goudkoarts, krige de delling syn Ingelske namme. Dy waard betocht troch goudsikers en oaren dy't de delling oandiene, nei't trettjin kolonisten fan in iere karafaan kapweinen der omkamen fan 'e hjitte. Yn 'e 1850-er jierren waard der yn Death Valley nei goud en sulver dold, dat ek yn beheinde mjitte fûn waard. Grutter wiene de foarrieden natriumtetraboraat, dy't yn 'e 1880-er jierren yn 'e delling ûntdutsen en opdold waarden om yn fan mûldieren lutsen weinen fuortfierd te wurden.

Op 11 febrewaris 1933 rôp presidint Herbert Hoover Death Valley út ta in nasjonaal monumint, sadat it gebiet ûnder federaal tafersjoch kaam te stean om 'e wrede natoerskientme te beskermjen. Yn 1994 waard it nasjonaal monumint omfoarme ta it Nasjonaal Park Death Valley, dêr't ek de folle lytsere Saline- en Eurekadellings yn opnommen waarden.

Death Valley is ferneamd as ien fan 'e hjitste plakken fan 'e wrâld. It gebiet hat in subtropysk woastynklimaat mei ekstreem hjitte simmers, koarte mylde winters en mar in hiel lyts bytsje delslach. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 47,4 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat 18,7 °C.

De rekôrtemperatuer yn Death Valley wie 56,7 °C op 10 july 1913 op 'e Greenland Ranch (no Furnace Creek). Dat is de heechste temperatuer dy't ea op 'e wrâld metten is. (Berjochten oer in temperatuer fan 58 °C yn Lybje yn 1922 waarden letter ornearre ûnsekuer te wêzen). Death Valley kriget jiers trochinoar mar 56 mm rein.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.