Buchenwald
Appearance
Dit artikel is in stobbe oer twadde wrâldkriich.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Buchenwald wie ûnder de Twadde Wrâldoarloch in konsintraasjekamp yn nazy-Dútslân yn de boskige omkriten fan de stêd Weimar yn Tueringen. It kamp waard yn 1937 oanlein troch SS'ers en finzenen. Buchenwald waard 11 april 1945 befrijd troch de sechde pantserdifyzje fan it tredde Amerikaanske leger. Yn 't earstoan hiet it kamp Konzentrationslager Ettersberg nei it plak, mar waard al gau omneamd ta Konzentrationslager Buchenwald/Post Weimar op voorspraak fan de kultuerkommissy fan Weimar.
Deadetal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Salang't Buchenwald bestie hawwe dêr 238.979 minsken fêstsitten. Dêrfan ferlearen 56.545 it libben, dêr't 11.000 Joaden ûnder wiene.[1]
Bekende finzenen yn Buchenwald
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Marcel Dassault, fleantúchbouwer.
- Henri Pieck, keunstner en broer fan Anton Pieck
- Elie Wiesel, as bern rêden troch it ynternasjonale ferset yn it kamp.
- Anton Constandse, (sjoernalist, auteur en anargist)
- Willem Drees, (politikus)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- K.R. van Staal: De Hel van Buchenwald; Utjefte "Nieuwe Wieken" Amsterdam 1945.
- Fritz Löhner-Beda/Hermann Leopoldi: Buchenwaldlied; Utjefte DIZ Papenburg; ISBN 978-3-926277-14-5
- Tadeusz Sobolewicz: Het Nederlandse Horloge; ISBN 978-83-60210-83-3
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gedenkstätte Buchenwald
- De befrijding fan Buchenwald sjoen troch de Amerikaanske soldaat Harry J. Herder
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Buchenwald fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |