iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Basilikata
Basilikata - Wikipedy Springe nei ynhâld

Basilikata

Ut Wikipedy
Basilikata
Basilicata
Flagge Wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd Potenza
Oerflakte 10.073 km²
Befolking 532.088 (30.06.2024)
Befolkingstichtens 52,82 ynw./km²
Oare ynformaasje
Heechste punt Monte Pollino: 2.197 m
Oantal gemeenten 131
Provinsjes Matera, Potenza

Basilikata (ek wol Lûkaanje neamd) is in regio yn it suden fan Itaalje. De regio waard yn 1948 oprjochte. De regio grinzget oan Kampaanje yn it westen, Apûlje yn it easten en Kalaabrje yn it suden. It hat in koarte kuststripe mei de Tyrreenske See en mei de Golf fan Tarente (part fan de Ioanyske See) oan de súdeastkant.

Oer it algemien is de regio bercheftich, mei as heechste punt op de súdlike Apeninen, de Monte Pollino (2.197 m). Monte Fulture, yn de noardwestlike hoeke, is in útdôve fulkaan (1.310 m). Basilikata is nei de regio Aostadelling yn it noarden fan it lân de tinst befolke regio fan Itaalje.

Nijsgjirrichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Timpel fan Metapontum.

Basilikata is in regio dy't noch net echt ûntdekt is troch it toerisme. De meast nijsgjirrichste stêd om te besjen yn de regio is Matera mei har Sassi di Matera, de prehistoaryske grotwenten. Fierders beskikt it gebiet oer in protte karakteristike lytse plakjes krektas Pistissi, Melfi, Verrandina en it ferlitten Craco. Tichtby de Ioanyske kust, mei syn sânstrânen, leit it archeologyske park fan Metaponto mei ruïnes fan in Grykske timpel út de 7e iuw f.Kr.

De regio bestiet út de twa provinsjes Matera en Potenza:

Kaart Wapen Provinsje Ofk. Haadstêd oantal gemeenten
Matera
MT
Matera 31
Potenza
PZ
Potenza 100

Grutste plakken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutste plakken neffens ynwennertal (sifers ISTAT desimber 2021) binne:

# Plak Ynwennertal
Provinsje Hichte
(m boppe seenivo)
Oerflak
(km²)
1 Potenza 64.786 PZ 819 175,43
2 Matera 59.869 MT 401 392,09
3 Policoro 17.779 MT 25 67,66
4 Melfi 17.108 PZ 530 206,23
5 Pisticci 16.832 MT 364 233,67
6 Lavello 12.996 PZ 313 134,67
7 Rionero in Vulture 12.620 PZ 643 53,52
8 Bernalda 12.005 MT 127 126,19
9 Lauria 11.993 PZ 430 176,63
10 Venosa 10.998 PZ 415 170,39
11 Avigliano 10.708 PZ 867 85,48
12 Montescaglioso 9.194 MT 365 175,79

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Basilikata fan Wikimedia Commons.
Regio's fan Itaalje
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje
· · Berjocht bewurkje