Avitus
Marcus Maecilius Flavius Eparchius Avitus (berne tusken 380 en 395 – stoarn nei 17 oktober yn 456 of yn 457) wie West-Romeinske keizer fan 9 july 455 oant 17 oktober 456.
Avitus waard berne út in Gallo-Romeinske senatorsfamylje. Hy wie de skoanheit fan Sidonius Apollinaris en in pakesizzer fan him wie de dichter en biskop Avitus fan Fienne.
Opkomst en ûndergong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Romeinske leger makke Avitus as militêr opgong. Under it regear fan keizer Petronius Maksimus waard hy ta Magister militum beneamd. Yn 456 doe't Avitus op in diplomatike missy wie oan it hôf fan kening Diderik II fan de Fisigoaten, waard de Romeinske haadstêd Rome oanfallen troch de Fandalen ûnder lieding fan har kening Geiserik en 14 dagen plondere. De Romeinske keizer Maksimus kaam hjirtroch ta fal. Yn Toulouse trune Teodorik Avitus oan om de keizerskroan foar himsels op te easkjen. Dit barde ten oerstean fan de Gallo-Romeinse senatoren. Op 9 july 455, waard Avitus troch syn soldaten ta keizer útroppen en kaam hy yn septimber oan yn Rome.
Avitus trof fuortendaliks tariedings om de striid oan te binen mei de Fandalen, mar dizze oarloch ferrûn foar him teloarstellend. Yn 456 sleaten de Fandalen nammentlik mei har float Rome ôf, sadat de fiedselfoarsjenning fan de stêd gefaar rûn. Avitus dy't net populêr wie by it folk, kaam hieltyd mear yn de problemen doe't hy fanwege jildpine syn soldaten gjin soldij mear betelje koe. Op it lêst kaam it leger, laat troch Risimer en Majorianus, yn opstân en waard hy ten fal brocht. Avitus flechte nei Arles en skrabbe dêr sa folle mooglik troepen by inoar en gie werom nei Itaalje. Mar by de Placentia waard hy ferslein en finzenen nommen. Syn libben bleau sparre en hy waard ta biskop makke fan Placentia op 17 of 18 oktober 456; net hielendal seker fan syn libben, besocht hy nei Galje ta flechten en stoar ûnderweis.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]