iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Arras
Arras - Wikipedy Springe nei ynhâld

Arras

Ut Wikipedy
Arras
Bestjoer
Lân Frankryk
Regio Opper-Frankryk
Departemint Pas-de-Calais (62)
Boargemaster Frédéric Leturque
Sifers
Ynwennertal 41.973 (2016)
Oerflak 11,6 km²
Befolkingsticht. 36,16 / km²
Stêdekloft 124.206
Hichte 52 - 99 m
Oar
Postkoade 62041
Offisjele webside
Offisje webside

Arras (Nederlânsk, histoarysk: Atrecht, Pikardysk: Aros) is in stêd yn it noarden fan Frankryk, it haadplak fan it departemint Pas-de-Calais. De ynwenners wurde Arrageois neamd. It plak by de gearrin fan de rivieren de Scarpe en de Crinchon, is fanâlds it sintrum fan de regio Arteezje; pleatslik wurdt it Pikardysk sprutsen.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Grand'Place (Grutte Merk) fan goed 1 hektare, is al sûnt de 11e iuw it plak yn de stêd dêr't merk hâlden wurdt. Yn de 17e iuw waarden de houten huzen om de merk hinne ferfongen troch stiennen gebouwen. It meast âlde gebou is fan 1467 en hjit Les Trois Luppards.

Grutte merk, Arras

It belfort fan Arras stiet op de Place des Héros ('heldenplein'). Dy namme krige it nei de Twadde Wrâldkriich om de fusillearre ynwenners te betinken. De folksmûle seit lykwols lytse merk. Dêr steane benammen de gildehuzen.

De eardere Abdij fan Sint-Vaast, dat no in museum en mediateek is.

De eardere abdijtsjerke is no de Us-Leaffrou-en-Sint-Fedastuskatedraal.

De bibleteek fan Arras hat ien fan orizjine, mei de hân skreaune dielen fan de ridderroman Karel ende Elegast.

Yn it súdwesten fan de stêd is it Britske militêr begraafplak Faubourg d'Amiens mei sneuvelden fan de Earste Wrâldkriich.

De stêd waard oarspronklik troch de Atrebaten, in Keltysk-Gallyske stamme, en wie harren haadstêd Nemotecenna, nei nemeton, dat yn it Keltysk "hillich plak" betsjut. Nei't it troch de Romeinen ferovere waard, waard it it plak fan in Romeinsk garnisoen. Hja neamden it Atrebatum. It lei op in hearwei dy't Boulogne-sur-Mer ferbûn mei Cambrai.

Yn 499 waard Sint-Fedastus biskop fan de stêd en de Abdij fan Sint-Vaast, dy't nei him neamd waard, waard yn 667 boud.

Yn 843 waard it it haadplak fan de pagus Atrebatensis. Yn 898 waard it in part fan it greefskip Flaanderen en yn 1180 waard Arteezje fannijs in greefskip.

De ûndergrûnse gongen fan de stêd ("les bôves"), de saneamde krytdjipten, waarden fan de tsiende iuw útgroeven. Hja tsjinnenas kelder, silo, ensfh. It gongestelsel dat him ûnder gâns de stêd en sels derbûten útstrekt, tsjinne as in skûlplak fan de Alliearden, dy't yn 1917 by it ôfwachtsjen fan it offensyf yn de Slach by Arras legere waarden.

Yn 1136 en 1189 fûnen der grutte stedsbrannen plak yn Arras.

Yn de iuwen dernei waard Arras it striidtoaniel tusken Frankryk en de Nederlannen. Yn 1460 fûn de earste heksejacht fan de Nederlannen plak: Vauderie d'Arras. Yn 1579 waard de Uny fan Arras sletten, dêr't in tal Waalske gewesten, dy't yn 1576 harren by de Pasifikaasje fan Gint oansletten hiene, harren fermoedsoenen mei de Spaanske kening. Yn andert dêrop ferienigen de noardlike gewesten harren yn itselde jier yn de Uny fan Utert. Arras hearde ûnt dan by de Spaanske Nederlannen en bleau dat oant 1659, doe't neffens de Frede fan de Pyreneeën it tenei by Frankryk kaam.

Yn de njoggentjinde iuw waard Arras in wichtich sintrum fan it ferbouwen en ferwurkjen fan sûkerbiten. De stêd rekke skansearre troch besjittings yn de Earste Wrâldkriich. Neitiids waard de stêd wer opboud.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]