iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Amnon
Amnon - Wikipedy Springe nei ynhâld

Amnon

Ut Wikipedy
Amnon oerweldiget Tamar (troch in ûnbekende skilder, ca. 1650-1700, High Museum of Art te Atlanta)

Amnon wie yn it Alde Testamint van de Bibel de âldste soan fan kening David. Fan Amnon is net folle bekend. Hy waard berne yn Hebron en syn mem wie de út Jizreël stammende Achinoäm. As earste soan fan kening David wie Amnon de troanopfolger. Amnon kaam lykwols nea op de troan en bleau yn it oantinken de persoan dy't syn healsuster Tamar te nei kaam en ferkrêfte.

De ferkrêfting fan Tamar

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens 2 Samuël 13 barde it dat Amnon ferlangst krige nei syn kreaze healsuster Tamar. Dat waard sa slim, dat hy der raar fan wie. Yn de strang fan inoar skieden paleisromten koe Amnon net samar kontakt ha mei Tamar. Dêrom joech syn neef Jonadab him de rie om op bêd te gean en him siik te hâlden. As kening David dan komme soe te sjen, dan koe Amnon syn heit freegje Tamar te stjoeren, sa't hja foar him in miel klearmeitsje koe. It plan slagge en de kening joech tastimming.

Sa kaam Tamar yn de fertrekken fan Amnon om iten foar him te meitsjen en doe't it ree wie brocht hja it nei de yn bêd lizzende Amnon. Amnon die doe in ûnfatsoenlik foarstel en frege har by him lizzen te gean. De skrokken Tamar seach har penibele sitewaasje yn en besocht noch te ûnderhanneljen mei Amnon: as hy no ris mei de kening prate soe, dan soe de kening him fêst neat wegerje. Mar Tamar's taktyk die gjin fertuten, Amnon grypte Tamar en misbrûkte har. Fuortendaliks nei de misdied bekrûpte Amnon in gefoel fan walging foar syn healsuster en hy liet har alhiel oerstjoer syn fertrekken útsette.

Tamar fûn treast by har broer Absalom. Doe't de kening fan it foarfal hearde wie er sa lilk as in sage, mar hy ûndernaam fierder neat tsjin Amnon.

De dea fan Amnon

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der gyngen twa jier foarby sûnder dat der wat barde. Mar doe't de skiep yn Baäl Chazor knipt wurde moast, like dat Tamar's broer Absalom in moaie gelegenheid om mei de troch him hate Amnon ôf te weven. Hy liet in feest organisearje en krige fan de kening tastimming dat de keningssoannen it feest bywenje mochten. It feest rûn lykwols wat oars as de keningssoannen tocht hiene, want Absalom hie syn mannen opdracht jûn om Amnon tidens it feest te deadzjen. Doe't Amnon fleurich genôch wie fan de wyn sloegen hja ta en fermoarden Amnon. Nei twa jier hie Absalom wraak nommen op it ûntearjen fan syn suster.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • 2 Samuël 13