iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Aleksander_I_(paus)
Aleksander I (paus) - Wikipedy Springe nei ynhâld

Aleksander I (paus)

Ut Wikipedy
Aleksander I
   kristlik lieder
amt en titulatuer
amt paus fan Rome
tsjerke Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom bisdom Rome
sit Hillige Sit
amtsperioade 107-115
foargonger Evaristus
opfolger Sikstus I
persoanlike bysûnderheden
berteplak Rome)
stjerdatum 3 maaie 115
stjerplak Rome
etnisiteit Italjaansk
hillichferklearring
hjeldei 3 maaie

Aleksander I wie fan it jier (±) 107 oan syn dea yn (±) 115 de sechde biskop fan Rome. Hy folge paus Evaristus op en waard sels opfolge troch paus Sikstus I. Aleksander is ien fan de hilligen dy't neamd wurdt yn it sintrale misgebed, de saneamde kanon.

Libben en oerlevering

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens it Liber Pontificalis brocht Aleksander I it nachtmiel yn de liturgy fan de Hillige Misse. In artikel oer Aleksander I fan Thomas Shahan yn de Katolike Ensyklopedy fan 1907 oardielt lykwols dat soks net krekt is, in miening dy't troch katolike en net-katolike saakkundigen dielt wurdt.

De yntroduksje fan de wenst om wijd wetter mei sâlt te mingen om sa kristlike hûzen fan ferkearde ynfloeden te suverjen en dy fan it mingen fan wetter mei de sakramintele wyn wurdt taskreaun oan paus Aleksander I. Dat wol guon boarnen net oan, mar it is hiel goed mooglik dat Aleksander in wichtige rol spile hat yn de iere ûntwikkeling fan de liturgyske en bestjoerlike tradysjes fan de Tsjerke fan Rome.

In lettere tradysje wol ha dat Aleksander I yn de tiid fan keizer Hadrianus nei in mirakel it hiele hûs fan de romeinske prefekt Hermes ta it kristendom bekearde. Ek Quirinus, de bewaker dy't Aleksander nei syn arrestaasje beweitsje moast, bekearde him nei't Aleksander syn dochter better makke hie.

Guon edysjes fan it Romeinske Missaal (lykas de Algemiene Romeinske kalinder fan 1954) idintifisearje paus Aleksander I mei de Aleksander dy't op 3 maaie mei Eventius en Theodulus (dy't preesters wiene fan Aleksander) betocht wurdt. Der is fan dy trije hilligen lykwols hielendal neat bekend, útsein harren nammen en dat hja op 3 maaie fan in jier de marteldersdea ferstoaren en begroeven waarden oan de Via Nomentana. Om dy reden brûkte paus Jehannes XXIII by in oanpassing fan 1960 de beskriuwing fan de Tridintynske kalinder fan 1570, dêr't de trije hilligen gewoanwei as "Hilligen Aleksander, Eventius en Theodulus Martelders" beskreaun wurde, sûnder in suggestje dat ien fan harren in paus wie. De Romeinske Martyrology neamt se Eventius, Aleksander en Theodulus, de folchoarder weryn't de nammen yn histoaryske dokuminten neamd wurde.

De hillige Aleksander wurdt oanroppen by lêst fan de klieren, fergrutting fan de skildklier en hûdoandwanings.

De reliken fan Aleksander waarden yn 834 nei Freising brocht. Ek yn de stiftstsjerke fan Petrus en Alksander fan Aschaffenburg (D) wurde reliken fan Aleksander bewarre. De kopskryn fan Aleksander út de abdij fan Stavelot (B) stiet tsjintwurdich yn it Cinquantenaire Museum fan Brussel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Pope Alexander I