Air Force One (ropletter)
Air Force One is de ropletter foar alle fleanmasines fan de Amerikaanske loftmacht mei de Amerikaanske presidint oan board. Wylst de ropletter faak brûkt wurdt foar de namme, as wie it in beskaat fleantúch, tsjut it wier de namme oan fan hokfoar loftmacht fleantúch ek dêr´t de Amerikaanske presidint op dat stuit ek yn fleant.
Doe't de presidint troch in marine fleanmasine meinaam waard, waard dat Navy One; soe er mei in boarger-fleantúg gean, dan wurdt dat Executive One. De presidintiele helikopter is Marine One. It systeem wurket ek foar grûnferkear, mei de wein fan staat Cadillac One, en de bus Ground Force One.
Yn teory soe soks ek foar op it wetter jilde, at de presidint wier transportearre wurdt. Yn dat gefal soe dat skip Navy One wurde. Lykwols is de besite fan de presidint ornaris net omreden fan transport, mar as besite op it skip. Dat it systeem dêr't it ferfiermidddel fan de presidint mei oantsjut wurdt, is dan net aktyf.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|