iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Afganistan
Afganistan - Wikipedy Springe nei ynhâld

Afganistan

Ut Wikipedy
Afghanistan | افغانستان
Flagge fan Afganistan
Flagge
Lokaasje fan Afganistan
Offisjele taal Pashtu, Dari
Haadstêd Kabûl
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
647.500 km²
0­%
Ynwenners (2002) 28.717.213
Munt Afghani (AFA)
Tiidsône UTC +4.30
Nasjonale feestdei -
Lânkoade AFG
Ynternet .af
Tillefoan 93

Afganistan (Pasjtû, Perzysk: افغانستان), offisjeel it Islamityske Emiraat Afganistan is in lân mei likernôch 29 miljoen ynwenners yn Sintraal-Aazje. De haadstêd is Kabûl.

Afganistan wurdt begrinzge troch:

80 persint fan de befolking fan Afganistan libbet op it lân en mar 20 persint wennet yn 'e stêden. De grutste stêden binne Kabûl (mei in stêdekloft fan sa likernôch 4,9 miljoen minsken), Kandahar (339.200 ynw.), Mazar-e-Sjaryf (239.800 ynw.), Herat (166.600 Ew.), Djalalabad (158.800 ynw., 2002) en Kunduz (118.000 ynw., 2003).

Bercheftich lânskip yn it noardwesten.

Afganistan foarmet it noardeastlike part fan it Heechlân fan Iran. It lânskip is tige bercheftich, mei skean oprinnende bergen en de útrinners fan it Hindûkûsj-heechberchtme, (mei piken heger as 7300 meter) yn it sintrum fan it lân. In grut part fan it lân bestiet út steppen en grús-woastinen. Ek lizze der fruchtbere falleien en flaktes.

Yn it suden, en yn it bysûnder yn it súdwesten, binne grutte woastinen yn it Helmendbekken, wêrûnder de gebieten fan Seistan en Registan. Yn it noarden, tusken de sintrale berchrigen de rivier Amu Darja lizze de heechlannen fan Badachsjan, Afgaanske Turkistan, de flakte fan Amu Darja, en de rike fallei fan Hary Rud (Arius) yn de noardwesthoeke fan it lân (it hert fan it âlde Ariana).

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Provinsjes fan Afganistan.

Bestjoerlik is Afganistan opdield yn provinsjes (Dary velajât).

1 Badachsjan
2 Badghis
3 Baghlan
4 Balch
5 Bamijan
6 Daikûndi
7 Farah
8 Farjab
9 Ghazni
10 Ghûwr
11 Helmand
12 Herat
13 Dzjowzdjan
14 Kabûl
15 Kandahar
16 Kapisa
17 Chost
18 Konar
19 Kûndûz
20 Laghman
21 Lowgar
22 Nangarhar
23 Nimroez
24 Noerestan
25 Oroezgan
26 Paktia
27 Paktika
28 Pandjsjir
29 Parvan
30 Samangan
31 Sar-e Pol
32 Tachar
33 Vardak
34 Zabol

Ut prehistoarysk ûndersyk troch de Amerikaanske Universiteit fan Pennsylvania, it Smithsonian ynstituut docht bliken dat de minsk 50.000 jier lyn al yn Afganistan wie.

Sûnt de klassike âldheid hie Afganistan te krijen mei oanfallen fan oare folken, lykas de Perzen, Arabieren, Turken en Mongoalen. De Afgaanske stammen ferienen harren yn 'e 18e iuw ûnder ien autoriteit. Yn 1737 brocht de sjah fan Perzje Nadir hiel Afganistan ûnder syn bewâld. Tsien jier letter makke steedhâlder Ahmed Kan fan it gebiet in selsstannich emiraat

Yn 1838 arrivearre de earste Ingelske ekspedysje fanút India. Fan 1878 oant 1881 duorre de Afgaansk-Ingelske Oarloch dy't troch de Ingelsken wûn waard en meitsje fan Afganistan in Britsk protektoraat.

Nei de tredde Afgaansk-Ingelske oarloch, fan 1919, waard Afganistan in eigen steat; in grûnwet waard ôfkundige en yn 1925 de monargy útroppen. Yn de beide wrâldkrigen wie it lân neutraal. Yn 1973 waard kening Mohammed Zahir Sjah troch syn neef Mohammed Dawoed ôfsetten en waard de republyk ynsteld. Op 27 april 1978 plige pro-kommunistyske militêren in kûp en de presidint mei syn hiele famylje fermoarde. De nije regearing waard stipe fan de Sowjet-Uny.

Troch opkomst fan it religieusk-islamityske fundamintalisme en de striid fan de Mûdjaheddin, de islamityske fersetstriders, rekke it Afgaanske rezjym yn swierrichheden. Hja dienen yn 1979 in berop op de Sowjet-Uny foar hulp. Dat wie it begjin foar in lange en ferskriklike kriich, dy't ek wol it Russyske Fietnaam neamd wurd. Goed 85.000 man Sowjet-troepen loeken Afganistan yn. It ferset krige stipe fan de omhinne lizzen lannen Irak, Iran en, Pakistan en fanút de FS en Jeropa.It waard in djoere en hopeleaze striid. De nije sekretaris-generaal fan de Sowjet-Uny Gorbatsjov makke in ein oan de kriich troch syn troepen werom te lutsen. Op 14 febrewaris 1989 ferlitten de lêste soldaten Afganistan.

Yn 2001 wie der in ynvaazje fan de Feriene Steaten yn Afganistan. Direkte oanlieding wie in terroristyske oanslach troch Al Kaida op it World Trade Center yn New York. De lieder fan Al Kaida, Osama bin Laden, waard net oppakt, mar it wie wol de ein fan it Talibanregear yn Afganistan. Yn 2004 waard in nije grûnwet skreaun. Yn desimber 2001 karden de Feriene Naasjes it útstel fan de International Security Assistance Force (ISAF) yn Afganistan goed. Dizze troepemacht, gearstald troch de NAFO, is der om Hamid Karzai syn autoriteit oer Afganistan te befoarderjen.

Moskee yn Mazar-e Sjaryf
Kabûl

Etnyske groepen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Afganistan wennet in grut ferskaat fan etnyske groepen. Trochdat der yn Afghanistan oant no ta gjin systematyske folkstelling dien is, binne de oantallen basearre op in ferwachting. Yn 2006 hat it BBC-nijsagintskip, CIA- en Feriene Naasjes-ynformaasje gearfetten om in better idee te krijen fan it tal etnyske groepen.

De Encyclopædia Britannica hat krekt wat oare sifers oangeande etnyske groepen yn Afganistan:

Yn Afganistan wurde 200 ferskate dialekten praat, en 57 ferskillende talen sprutsen.

It Pasjtûns is ien fan de twa offisjele talen yn Afganistan. De oare offisjele taal, it Darysk (mei it Perzysk besibbe taal) is foar likernôch de helte fan de Afganen memmetaal. It is foar Afganistan it Lingua franca en 85% fan de Afganen behearsket dizze taal.

Njonken dizze twa talen mei nasjonale erkenning binne der ek fiif minderheidstalen yn de regio's erkend. De wichtichste is it Ûzbekysk. Mar ek Turkmenysk, Belûtanysk, Paschai en Noeristany hawwe ûnder it regear fan Hamid Karzai in hegere status krigen. Mei help út Jeropa wurdt no besocht op 'e nij wurdboeken en lesmateriaal te skriuwen, yn it ramt fan it learprogram besibbe oan it weropbouwen fan Afganistan.

99% fan de befolking is Moslim: Likernôch 74-89% Sûnyt en 9-25% Sji-yt. Der binne tusken de 30,000 en 150,000 Hindûstanen en Sikhs yn de stêden Jalalabad, Kabûl, en Kandahar. Der wie oant 1979 in lytse Joadske mienskip yn Afganistan, hokker flechte is nei de Sowjet ynvaazje, en allinnich ien persoan, Zablon Simintov, wennet der no noch.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikiatlas Wikimedia-atlas: Afganistan – geografyske en histoaryske kaarten
Commons Commons: Afganistan – foto, fideo en harktriemmen