iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://fy.wikipedia.org/wiki/Aartsfader
Aartsfader - Wikipedy Springe nei ynhâld

Aartsfader

Ut Wikipedy

In aartsfader,[1][2][3] of yn ferkoarte mar teminsten like gongbere foarm aartsfaar,[4][5][6] is yn 'e bibelske kontekst ien fan 'e stamheiten dêr't de âlde Israeliten fan ôfstammen. It byhearrende eigenskipswurd is aartsfaderlik.[7]

Yn 'e inge sin wurdt mei de term 'aartsfaders' ferwiisd nei Abraham, dy syn soan Izaäk en syn pakesizzer Jakob. Dy trije figueren libben yn it saneamde aartsfaderlike tiidrek (20e oant 18e iuw f.Kr.) en se spylje in wichtige rol yn it bibelboek Genesis, dat foar in grut diel harren libben beskiuwt. De abrahamityske religyen (dy't ferneamd binne nei Abraham), wêrûnder it joadendom, it kristendom en de islaam, trasearje harren oarsprong werom nei de trije aartsfaders.

Yn bredere sin kin de term 'aartsfaders' ek brûkt wurde foar de tweintich manlike stamheiten tusken Adam (de earste minske) en Abraham yn. De earsten dêrfan wurde ek wol de antediluvyske aartsfaders neamd, d.w.s. de aartsfaders fan foar de Sûndfloed. Fierders wurde ek de tolve soannen fan Jakob en de beide soannen fan Joazef wol ta de aartsfaders rekkene. De froulike wjergader fan 'e aartsfader is de aartsmem, in term dy't folle minder brûkt wurdt as 'aartsfader'.

Antediluvyske aartsfaders

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Postdiluvyske aartsfaders

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tolve soannen fan Jakob en twa soannen fan Joazef

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 23.
  2. Visser, W., Frysk Wurdboek: Nederlânsk-Frysk, Drachten/Ljouwert, 1985 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 418, s. 23.
  3. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 7.
  4. Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 228.
  5. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 400.
  6. It wurd 'aartsfaar' brûkt yn in lemma op Taalweb Frysk
  7. Visser, W., Frysk Wurdboek: Nederlânsk-Frysk, Drachten/Ljouwert, 1985 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 418, s. 23.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.