iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: https://en.wikipedia.org/wiki/fy:Rome
Rome - Wikipedy Springe nei ynhâld

Rome

Ut Wikipedy
Rome
Lokaasje yn Itaalje en Jeropa

Tiid sône :
UTC+1/Simmer UTC +2
Flagge Wapen
Flagge fan Rome
Flagge fan Rome
Wapen fan Rome
Wapen fan Rome
Basis ynformaasje
Gebiet 1285  km² Stêd
5253  km² Stêdekloft
Tal ynwenners 2,705,603Stêd
4,013,057Stêdekloft
Tal ynwenners km² 2,105.5  km² Stêd
Regear
Lân Itaalje
Konstituint lân Itaalje
Regio Lazio
Administratife yndieling 19 distrikten (stêdsdielen)
Boargemaster Virginia Raggi sûnt 2016
Webside www.comune.roma.it
Dizze side giet oer de haadstêd fan Itaalje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Rome (betsjuttingsside).

Rome (Italjaansk: Roma) is de haadstêd fan Itaalje en tagelyk haadstêd fan de regio Latium en de provinsje mei deselde namme Rome. Yn de Aldheid wie Rome ek de haadstêd fan it Romeinske Ryk. Earder waard der leaud dat Romulus en Remus de stéd stifte hiene.

Troch Rome streame de rivieren de Tiber en de Aniene. De stêd is oarspronklik boud op sân heuvels: Palatyn, Aventyn, Capitolyn, Quirinaal, Viminaal, Esquilijn en Caelius.

Neffens archeologen is Rome ûntstien yn fjouwer stappen.

Yn de 10e iuw f.Kr. kamen der inkele lytse delsettings fan Latinen, op de Palatyn en op de Esquilyn, twa fan de sân heuvels fan Rome.

Yn de 8e iuw f.Kr. kamen der nije delsettings, op de Palatyn, Esquilyn en op de Caelius. Troch it foarmjen fan in bûnsgenoatskip, Roma Quadrata, tusken de twa delsettings op de Palatyn waarden dy militêr sterker. Ek kamen der wâlen rûnom de Palatyn.

De tredde stap fûn plak yn de 6e iuw f.Kr. Doe kamen der noch mear delsettings op de trije hichten en foelen de Etrusken binnen. Sy oerweldigen Rome dat doe noch mar út inkele delsettings bestie. Se ferienigen de delsettings op de trije heuvels ta ien stêd.

Yn de lêste faze, yn de 4e iuw f.Kr., wreide de stêd him út nei de oare fjouwer heuvels, dêr't gjin delsettings wiene. Trochdat der in muorre om de sân heuvels boud waard, foarme de stêd in ienheid en groeide yn koarte tiid út ta de machtichste stêd fan de Aldheid en it Romeinske Ryk.

Mei it ferfal en it ein fan it West-Romeinske Ryk rûn it tal ynwenners fan Rome bot tebek, mar trochdat de paus yn Rome syn sit hie bleau de stêd belangryk. Ek in grut gebiet om de stêd hinne waard troch de paus bestjoerd, de saneamde Tsjerklike Steat.

Earst nei de Italjaanske ienwurding waard Rome wer de haadstêd fan Itaalje. De wrâldlike ynfloed fan de paus waard beheind ta de dwerchsteat Fatikaanstêd yn Rome.

Yn 330 hie Rome likernôch 1 miljoen ynwenners. Nei de ein fan it Romeinske Ryk gong it ynwennertal hurd omleech. It duorre oant om 1936 hinne foar't de stêd wer mear as 1 miljoen ynwenners hie.

It oantal ynwenners is no ûngefear 2,6 miljoen, mar de stêdekloft hat lykwols 4 miljoen. Dêrtroch binne Rome en Milaan de grutste stêden nei befolkingsoantallen yn Itaalje

It Italjaansk is de fiertaal yn Rome. Eartiids wie dat it Latyn, útsein it Fatikaan dêr't men it Latyn as offisjele taal hat.

De lofthaven fan Rome is Fiumicino Airport ek wol Leonardo da Vinci International Airport neamd en Ciampino International Airport.

De metro fan Rome hat twa lijnen, lijn A en B. De metro docht de wichtichste toeristeplakken, lykas it Fatikaan en it Kolosseum, oan. It âlde sintrum hat noch net in metrostasjon. Der binne plannen om dat te feroarjen, want der is út ein set mei de bou fan lijn C. Lijn B sil fierder útwreide wurde, en der binne plannen foar in fjirde lijn (D).

Rome hat in wiidweidich busnetwurk, laat troch Trambus SpA. Dêrmei is it histoaryske sintrum goed te berikken, bygelyks fan it sintraal stasjon Roma Termini ôf.

  • Stasjon Roma Termini is it wichtichste stasjon yn Rome. De treinen dy't ynternasjonaal ferfiere sette hjir ôf. It is ek in wichtich ferkearspunt foar bus en metro.

Rome hat in Middellânske see klimaat. De siswize Roman ottobrate (ottobrata kinst oersette as "moaie oktober dei") is ferneamd om har waarme dagen mei in protte sinne.

Trochsneed Jan. Feb. Maa. Apr. Maa. Jun. Jul. Aug. Sep. Okt. Nov. Des.
Maksimale deistige temperatoer (°C) 12 13 15 17 21 25 28 28 26 21 16 13
Minimale deistige temperatoer (°C) 3 4 6 8 12 16 18 19 16 13 7 5
Reinfal yn (sm) 8 7 6 6 5 3 1 2 6 11 11 9
Kranten Tydskriften Telefyzje Radio

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
>