iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Winst
Winst - Wikipedy Springe nei ynhâld

Winst

Ut Wikipedy
Dizze side giet oer it positive ferskil tusken opbringst en kosten. Foar oare betsjuttings, sjoch: winst (betsjuttingsside).

Winst is yn in kapitalistysk systeem it positive ferskil tusken opbringst en kosten. As dat ferskil negatyf is, is der sprake fan ferlies. Ornaris wurdt de winst oer in beskate perioade rapportearre, bgl. de jierwinst of de kwartaalwinst. Winst kin sjoen wurde as fergoeding foar it gebrûk fan kapitaal, as opbringst fan goed management of as risikopreemje.

De fergoeding foar it gebrûk fan kapitaal en de opbringst fan goed management bedraacht oer it algemien mar inkele prosinten fan it kapitaal. By in grut finansjeel risiko (lykas in ynvestearring yn in ûnwis projekt) kin de fergoeding dêrfan lykwols oprinne ta tsientallen prosinten fan it kapitaal. By lytsere bedriuwen, lykas ienmanssaken, wêrby't de eigner gjin lean ûntfangt, spilet winst ek in rol as fergoeding foar ferrjochte arbeid.

By in mear as normale winst wurdt sprutsen fan surpluswinst of ekonomyske rinte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.