Wiebe Kaspers
Wiebe Kaspers | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1990 | |
berteplak | Jorwert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
sjenre | jazz, pop | |
sjongtaal | Frysk | |
ynstrumint | piano | |
jierren aktyf | 2015 - no | |
offisjele webside | ||
Webstee Wiebe Kaspers |
Wiebe Kaspers (Jorwert, 1990) is in Fryske pianist, sjonger en multy-ynstrumintalist út Ljouwert.
Wiebe Kaspers slagge yn 2010 foar de piano jazz&pop-oplieding oan it ArtEZ konservatoarium. Yn 2012 slagge er by ArtEZ foar de masteroplieding 'Muzykteäter'. Dêrnei spile hy mei syn muzykteäterduo Hammer & Kaspers en trede op mei syn solokonsert Muziek!
Yn 2013 presintearre Kaspers yn it radioprogramma Noardewyn fan Omrop Fryslân syn debútsingle It Gouden Fjild. It wie in bewurking fan Fields of gold fan Sting en waard opnomd troch Nico Outhuijse, mei Syb van der Ploeg as produsint. Wiebe wie yn de kunde komd mei Syb van der Ploeg doe’t dy it earste solokonsert fan Wiebe bywenne yn de tsjerke fan Wiebe syn bertedoarp Jorwert, dêr’t Syb him koart dêrfoar nei wenjen setten hie. Yn 2015 treden Syb en Wiebe op mei it programma De toon van de tijd. [1]
Band WIEBE
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn belangrykste beuzichheid is de band WIEBE dy't progressive popmuzyk makket, mei Ingelske en Fryske teksten. De bandleden kenne elkoar fan it ArtEZ konservatorium yn Swol. Wiebe Kaspers skriuwt de teksten en mei har trijen skriuwe se de muzyk. Wiebe docht lead vocals en keys, Daan Slagter (1993, Uithuizermeeden) spilet op drums en docht backing vocals lykas Florian den Hollander (1991, Capelle aan de IJssel) dy ’t bas en moog-syntesizer spilet.
Nei sa'n dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Harren debútalbum Nei sa’n dei ferskynde yn febrewaris 2015. Mei dit album gie Wiebe dat jier op toernee mei syn teäterkonsert It Frije Lân. [2]
∆ELTA
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme fan it twadde album ∆ELTA ferwiist nei de Grykske letter delta, dy ’t symboal stiet foar it sifer fjouwer. It is ek it ferburgen fjirde diel fan de op de hoes ôfbylde trijehoek. Op ∆ELTA steane 12 tracks, 3 x 3 tracks en in ferburgen suite fan ek 3 nûmers. De lietsjes hawwe allegear te krijen mei de 'problemen fan 25-jierrigen. Dêrom stiet in ôfbyld fan de Piramide fan Rubik op de foarkant fan de albumhoes. Op it album binne trije ferhaallinen of tema’s te ûntdekken: leafde, freonskip en karrière. Boppedat hawwe alle lietsjes in titel dy ’t út trije wurden bestiet, op ien liet nei, nammentlik Three. Yn dat liet komme de ferhaallinen gear en dat duorret dan wer krekt 3 minuten en 33 sekonden. Op de plaat stiet in gastbydrage fan Elske DeWall, en in liet dat skreaun waard yn gearwurking mei Syb van der Ploeg. [3]
Erkenning
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neidat Wiebe ûnder oare by de 3FM Serious Talent-band When We Are Wild spile hie, kaam hy yn 2015 mei syn band WIEBE yn de finale fan de Lytse Priis fan Fryslân. [4] Yn 2016 en 2017 waarden se nominearre foar de Bernlefpriis. Foar harren fernijende 360º klip Help, help, help krige de band de Omrop Fryslân Klipkar Award by de Fryske Popawards. Yn 2018 waard it nûmer Wat is er mis met luisteren fan Kaspers mei Syb van der Ploeg en Gé Reinders nominearre foar de Annie M.G. Schmidtpriis. [5]
Teäter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wiebe Kaspers wie jierrenlang op paad as iene helte fan it teäterduo Hammer & Kaspers. Mei teätermakster Inez Timmer spile Wiebe yn 2017 de teäterthriller Stockholm! Of in inkele reis Sabeare yn hûskeamers en lytse poadiums. [6] Yn it stik wurdt in jonge tweintiger ûntfierd troch in âldere dame. It skript foar dy teäterfoarstelling waard skreaun troch Tjerk Kooistra, winner fan meardere Gouden Gurbes foar syn rezjy by de iepenlofstspullen fan Jorwert. [7]
Greidebern
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2017 makke Wiebe Kaspers mei skoalbern út de Greidhoeke it liet Nim my mei dy mei. It wie ûnderdiel fan in projekt oer de efterútgong fan de skries en it ferlies oan bioferskaat yn it lânskip. It liet giet oer in jonge dy’t op bêd leit en bûten de skries roppen heart. It liet waard yn 2017 de heechste binnenkommer yn de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sjoch it ljocht (single, jannewaris 2018)
- On and on (single, maaie 2017)
- ∆ELTA (album, desimber 2016)
- Help, help help (single, oktober 2016)
- Nei sa’n dei (album, febrewaris 2015)
- Jorwert (single, maaie 2014)
- It Gouden Fjild (single, novimber 2013)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|