iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Wâl
Wâl - Wikipedy Springe nei ynhâld

Wâl

Ut Wikipedy
De rotsige igge fan in beekje.

In wâl, igge of oere is de râne fan in oerflaktewetter, lykas in rivier, beek, kanaal, feart, sleat, greppel, fiver, poel of mar. By de see wurdt sa'n râne de kust neamd. Wâlen kinne fan natuere foarkomme of keunstmjittich (d.w.s. troch de minske makke) wêze. Yn Nederlân binne frijwol alle wâlen keunstmjittich, mei't frijwol alle wetterwegen hjir yn meardere of mindere mjitte troch de minske yn har streaming oanpast binne, of sels hielendal fan minsklike makkelei binne. Faak wurdt der noch in trêde soart fan wâl ûnderskaat, de natoerfreonlike wâl, dy't dan wol troch minsken oanlein is, mar op sa'n manear dat de natoer, it lânskip en de ekology dertroch stimulearre wurde.

Keunstmjittige wâlen wurde gauris tsjin ôfbroazeling beskerme troch wâlhout of oare foarmen fan beskoaiïng. Dêrtroch wurdt de natoerlike wurking fan 'e ûnderwâl as biotoop sterk beheind. By grutte rivieren ferfolje strekdammen en rivierhaden deselde funksje as beskoaiïng. Tsjintwurdich is der in trend geande om yn natoergebieten al sokke keunstmjittige eleminten út it lânskip te ferwiderjen, sadat de rivieren wer meänderje kinne.

By rivieren hat men it gauris oer de rjochterigge en de lofterigge; dat hat der neat mei te krijen hoe't men derfoar stiet, mar is bûn oan 'e streamrjochting. As men mei de rêch nei de boarne fan 'e rivier stiet (en dus streamôf sjocht), hat men de rjochterigge rjochts en lofter lofts, mar as men mei de rêch nei de riviermûning stiet (en dus streamop sjocht), hat men de rjochterigge lofts en de lofterigge rjochts.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.