iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Synisme_(psychology)
Synisme - Wikipedy Springe nei ynhâld

Synisme

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Synisme (psychology))
Dizze side giet oer de negative psychyske hâlding. Foar de filosofyske streaming, sjoch: synisme (filosofy).

Mei synisme wurdt in hâlding bedoeld dy't faak yn taal ta utering komt, mar dy't ek ymplisyt bliuwe kin. It is in hâlding fan wantrouwen tsjin goede bedoelings, of tsjin it nut fan ynstitúsjes of fan grutte ûngefoelichheid foar de gefolgen fan de eigen dieden. In pear foarbylden fan synyske útspraken binne:

  • Hy sit allinnich mar yn de kommisje om't er earne foarsitter fan wêze wol.
  • Wêrom soe ik stimme? It binne dochs allegearre ynklauwers, dy politisy.
  • As wy dy diktators gjin wapenark leverje, dan docht in oar lân it wol!
  • Of se tefreden binne? Kin my neat skille, as ik myn jild mar krij!

Yn it earste foarbyld giet it om wantrouwen tsjin in oar syn goede bedoelingen oer, yn it twadde foarbyld giet it om wantrouwen tsjin in ynstelling (de steatsfoarm) oer, yn it tredde foarbyld is it in hâlding fan wantrouwen tsjin it hiele minskdom oer en yn it fjirde tsjin klanten oer (of, yn feite, it konsept "wurkjen").

Yn synyske hâlding kin ek non-ferbaal ta utering komme, bygelyks mei in synyske blik of in synyske laits. Ek yn humor kin synisme him foardwaan.