iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Spionaazjefilm
Spionaazjefilm - Wikipedy Springe nei ynhâld

Spionaazjefilm

Ut Wikipedy

De spionaazjefilm of spionnefilm is in sjenre fan films dat faak as subsjenre ûnderbrocht wurdt by de skrillerfilm. It ûnderskiedt him fan oare skrillers troch spionaazje as ûnderwerp te hawwen, wylst it haadpersonaazje yn 'e regel in spion is. Oare eleminten dy't yn in soad spionaazjefilms weromkomme, binne undercoverynfiltraasjes; spannende sênes wêryn't de spion hàst troch de fijân ûntdutsen of ûntmaskere wurdt; finzennimmings folge troch riskante ûntsnappings; de nijste technologyske snufkes; eksoatyske plakken; en kalmte ôfwiksele mei hommelse aksje.

Spionaazjefilms kinne serieus op it ferskynsel 'spionaazje' yngean, lykas yn The Spy Who Came in from the Cold, nei in roman fan John le Carré, mar faak beljochtsje se it ûnderwerp ek op in net alhiel reälistyske manear (lykas de James Bond-films), op in humoristyske mar net hielendal ûnreälistyske wize (lykas Kingsman: The Secret Service) of lûke se it folslein yn it ridikule (lykas de Austin Powers-searje). De bekendste haadpersoan fan spionaazjefilms is sûnder mis James Bond, in skepping fan 'e Britske skriuwer Ian Fleming, dy't al sûnt 1962 oanhâldend yn nije films ferskynt en troch oare akteurs spile wurdt.

bekende spionaazjefilmsearjes


bekende spionaazjefilms


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.