iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Soekarno
Soekarno - Wikipedy Springe nei ynhâld

Soekarno

Ut Wikipedy
Soekarno.

Soekarno (of Sukarno) (Soerabaja 6 juny 1901Djakarta, 21 juny 1970) wie in Yndonezysk steatsman en de earste presidint fan de nije Republyk Yndoneezje. Nei de Javaanske wizânsje hie hy mar ien namme. De foarnamme "Achmed", dy't wol tafoege wurdt, is in folslein fiktyf betinksel fan in Britske sjoernalist, dy't ornearre dat de Britske krantlêzers yn betizing reitsje soene fan immen dy't mar ien namme hie. Yn Yndoneezje waard Soekarno meastentiids Bung Karno neamd (faak tegearre mei Mohammad Hatta, dy't Bung Hatta neamd waard).

Soekarno waard berne yn Soerabaja en wie al op jonge leeftyd aktyf yn de nasjonale beweging. Hy slute him oan by it ferset tsjin de Nederlânske oerhearsking fan it doe noch Nederlânsk-Ynje, dêr't er in hieltiten prominintere rôle yn spile oant hy lieder fan it ferset wurden wie. Troch him waard yn 1927 de "Partai Nasionalis Indonesia" stiften. Fan 1929 oant 1932 ferbleau er yn de finzenis en fan 1933 oant 1942 yn ballingskip, dêr't er troch de Jappaners út befrije waard. Alhoewol't hy net fel anty-Nederlânsk wie, wie hy wol oertsjûge pro-Aziatysk. Om dy reden wurke er yn de Twadde Wrâldkriich mei de Japanners gear, dat him nei de oarloch op it ferwyt kaam te stean dat er in kollaborateur wie.

Nei de Japanske kapitulaasje rôp Soekarno op 17 augustus 1945 de Republyk Yndoneezje út, dêr't er de earste presidint fan waard. Yn 1948 tidens de polisjonele aksjes waard er troch de Nederlanners arrestearre, mar ûnder druk fan de Feiligensried fan de Feriene Naasjes frijlitten. Nei de soevereiniteitsoerdracht yn desimber 1949 waard er presidint fan Yndoneezje en soe dat amt oant 1967 beklaaie.

Under syn regear wienen der spannings tusken kommunisten en moslims. Om de oanhâldende binnenlânske swierrichheden better ûnder kontrôle te krijen, wende er him hieltyd mear ta it leger. Fierders fierde Soekarno in sterke nasjonalistyske polityk om alle ferskate folken fan Yndoneezje oan 'e leie te hâlden. Fan 1959 ôf kaam Yndoneezje yn diktatoriaal farwetter en lit er him yn 1963 ta presidint foar it libben beneamen. Mei buorlân Maleizje, dat er derfan beskuldige de islamityske krêften yn syn lân te ûnderstipen, kaam it sawat ta in kriich.

Yn 1965 ferlit Yndoneezje de Feriene Naasjes en datselde jier komt it ta grutte rebûljes dêr't hûnderttûzenen minsken by om it libben komme. De kommunisten ferlieze de slach en Soekarno syn posysje komt yn gefaar. Yn 'e maaitiid fan 1966 wurdt er twongen om de macht oer te dragen oan generaal Soeharto en yn 1967 rekke er syn foegens as presidint kwyt. Troch it nij regear wurdt er ûnder húsarrest set, dat oant syn dea yn 1970 yn stân hâlden wurdt.