iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Slach_by_Adrianopel
Slach by Adrianopel - Wikipedy Springe nei ynhâld

Slach by Adrianopel

Ut Wikipedy

De slach by Adrianopel wie op 9 augustus 378 yn Adrianopel, (tsjintwurdich Edirne) en gie tusken Romeinske en Fisigoatyske troepen. It leger fan de Romeinen stie ûnder befel fan keizer Falens en dat fan de Fisigoaten waard oanfierd troch kening Fritigern. De swiere nederlaach dy't de Romeinske leger oprûn wurdt sjoen as it begjin fan de delgong fan it West-Romeinske Ryk. It wie sadanich, dat al gauris sprutsen waard oer in twadde Cannae'. De oerwinning fan de Fisigoaten soe de earste oanset foarmje ta grutte oermasteringstochten dy't hja sûnt dy tiid troch Jeropa ûndernommen.

De oanlieding foar dizze slach is dúdlik. Inkele jierren earder hienen de Fisigoaten tastimming krigen fan de Romeinen om harren yn it Romeinske Ryk te festigjen. Hja wienen troch de Hunnen út harren wengebieten ferdreaun, mar de yntegraasje yn it Ryk ferrûn lykwols min. De Fisigoaten waard swiere belestingen oplein en waarden as twadderangs boargers beskôge. De frustraasjes hjiroer late yn 378 ta de Slach by Adrianopel.

De Romeinske keizer Falens fierde sels it befel oer it Romeinske leger dat út likernôch 12.000 oant 15.000 soldaten bestie. It advys fan syn riedsmannen om te wachtsjen op fersterkings sloech hy yn de wyn. Hy miende him foarôf al oerwinner. De Goaten wienen by dizze fjildslach yn de mearderheid, alhoewol dizze mearderheid wierskynlik letter troch Romeinske skiednisskriuwers oerdreaun is. By it earste treffen wie de Goatyske (swiere) kavalery sels hielendal net oanwêzich, omdat dizze de moarns tefoaren it kamp ferlitten hie. De efterbleaune Goatyske ynfantery hie har ferskânze yn in saneamd 'Laager', in sirkel fan weinen. Doe't de Romeinen der net yn slaggen om dizze ynfantery te ferslaan kearde de striid him tsjin de Romeinen troch de komst fan de werom roppen Goatyske kavalery.

De slach sels barde yn de heuvels by de stêd. It Romeinske leger rekke al gau ynsletten troch de nûmerike sterkere tsjinstanner en úteinlik einige de striid yn in ferskuorrende nederlaach foar de Romeinen. De oerwinning wie folslein omdat keizer Valens sels by de deaden hearde. Amper in tredde fan de Romeinen soe de slach oerlibje.

De Fisigoaten koenen lykwols net fuortendaliks profitearje fan harren oerwinning. Hja koenen Adrianopel net oermasterje en harren oanfal op Konstantinopel waard in komplete mislearring. Dochs beskikten sy wol oer in enoarme machtsposysje. Uteinlik wienen sy tefreden mei it opnij befestigjen fan de ôfspraak mei de Romeinen oer harren festigingsrjochten yn it Romeinske Ryk.

De gefolgen fan de slach op lange termyn wie lykwols illendich foar it Romeinske ryk. Se soenen de slach nea wer teboppe komme. Benammen it leger soe it grutte ferlies oan mankrêft net mear op rêde.

Boarne en Literatuerferwizing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Ammianus Marsellinus, Rerum gestarum libri XXXI, jout in wiidweidige beskriuwing fan de Slach by Adrianopel.
  • Hermann Schreiber, De Goten, vorsten en vazallen, Amsterdam - 1979.