iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.
iBet uBet web content aggregator. Adding the entire web to your favor.



Link to original content: http://fy.wikipedia.org/wiki/Richard_Nixon
Richard Nixon - Wikipedy Springe nei ynhâld

Richard Nixon

Ut Wikipedy
Richard Nixon
politikus
echte namme Richard Milhous Nixon
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 9 jannewaris 1913
berteplak Yorba Linda (Kalifornje)
stjerdatum 22 april 1994
stjerplak New York (New York)
etnisiteit Dútsk
Iersk
Ingelsk
Ulstersk
partij Republikeinske Partij
Presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade 19691974
foargonger Lyndon B. Johnson
opfolger Gerald Ford
Fise-presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade 19531961
foargonger Alben W. Barkley
opfolger Lyndon B. Johnson
Amerikaansk senator foar Kalifornje
amtsperioade 19501953
foargonger Sheridan Downey
opfolger Thomas Kuchel
Lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen
(foar it 12de Distrikt fan Kalifornje)
amtsperioade 19471950
foargonger Jerry Voorhis
opfolger Patrick J. Hillings

Richard Nixon (folút: Richard Milhous Nixon; Yorba Linda (Kalifornje), 9 jannewaris 1913New York (New York), 22 april 1994), wie in Amerikaansk politikus fan mingd Ulstersk-Dútsk- Ingelsk-Iersk etnysk komôf. Hy wie lid fan 'e Republikeinske Partij, dêr't er foar yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen en yn 'e Amerikaanske Senaat siet. Dêrnei wied er fise-presidint ûnder it regear fan Dwight Eisenhower, mar by de ferkiezings fan 1960, doe't er Eisenhower opfolgje woe as presidint, waard er ferslein troch John F. Kennedy. Yn 1968 wûn er dochs noch in kear de presidintsferkiezings, en doe wied er fan 1969 oant 1974 de 37ste presidint fan 'e Feriene Steaten. Healwei syn twadde amtstermyn seach er him as iennichste presidint ea twongen om ôf treden, mei't it Watergate-skandaal syn yntegriteit sa bot oantaast hie dat er net mear te hanthavenjen wie.

Jonkheid, oplieding en gesinslibben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Richard Nixon waard yn 1913 berne yn it plakje Yorba Linda, yn 'e steat Kalifornje, as de soan fan Francis A. Nixon, in boer en letter winkelman fan Ulstersk (Noardiersk protestantsk) komôf, dy't fjouwer fan syn fiif soannen ferneamde nei Ingelske keningen (Nixon sels wie ferneamd nei Richard Liuwehert), en dy syn frou Hannah Milhous, dy't Dútske, Ingelske en Ierske foarâlden hie. Nixon syn mem wie fan hûs út in quaker, en hoewol't syn heit metodistysk grutbrocht wie, gied er nei syn houlik oer nei it quaker-leauwe, en wie dat de tsjerke dêr't Nixon yn grutbrocht waard. Nixon brocht syn iere bernetiid troch op syn heite ranch yn Yorba Linda, mar nei't de buorkerij yn 1922 oer de kop gien wie, ferfear it gesin nei Whittier, dêr't Francis Nixon in krudeniers- en grientewinkel begûn.

Nixon genoat heger ûnderwiis oan it Whittier College; hoewol't er talitten wie ta de prestizjeuze Universiteit fan Harvard, moast er dy kâns foarby gean litte fanwegen de sykte (tuberkuloaze) fan syn âldere broer Harold, dy't makke dat syn mem de hiele dei oars besteld wie, en dat syn heit him sadwaande net misse koe yn 'e winkel. Nei't er yn 1934 syn oplieding oan it Whittier College ôfrûne hie, sette er syn stúdzje fuort oan 'e rjochteskoalle fan 'e Duke Universiteit te Durham, yn Noard-Karolina. Yn 1937 kearde er as jurist nei Kalifornje werom, dêr't er ferskate jierren in abbekatepraktyk hie. Yn 1938 kaam er fia syn dielname oan amateurtoaniel yn 'e kunde mei Thelma Ryan, in skoaljuffer dy't harsels fan "Pat" neame liet. Yn syn memoires omskreau er dat as "in gefal fan leafde op it earste gesicht," alteast fan syn kant; hy hie der klauwen oan om har te bepraten en gean mei him op in ôfspraakje. Hja giene twa jier mei-inoar om, en trouden úteinlik op 21 juny 1940. Se krigen twa bern: Tricia (1946) en Julie (1948).

Richard Nixon.

Iere politike karriêre en fise-presidintskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1942 ferhuzen Nixon en de frou nei Washington, D.C., dêr't er wurk fûn hie by de federale oerheid. Nei de Oanfal op Pearl Harbor naam er yn 1942 tsjinst by de Amerikaanske Marine (ek al wied er dêr as pasifistysk quaker eins fan frijsteld), dêr't er ofsier by de befoarrieding waard. Under de Twadde Wrâldoarloch wied er stasjonearre yn Iowa, op it fûleindich befochten eilân Guadalcanal, yn 'e Salomonseilannen, en úteinlik op in lyts eilantsje benoarden Bougainville, yn 'e eilannekrite dy't ta Papoea Nij-Guineä heart.

Nei de oarloch sette Nixon útein mei syn politike karriêre. Fan 1947 oant 1950 siet er foar Kalifornje yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, en fan 1950 oant 1953 hied er in sit yn 'e Senaat. As ôffurdige wied er behelle yn 'e heksejacht op Amerikaanske kommunisten troch it Komitee oangeande Unamerikaanske Aktiviteiten fan it Hûs fan Offurdigen (HUAC). As senator sterke er syn reputaasje as anty-kommunist noch fierder fuort, al soarge er dêrby wol dat er syn mei-senator Joseph McCarthy, dy't de jacht op kommunisten yn 'e Feriene Steaten oanfierde, wat op in distânsje hold. By de presidintsferkiezings fan 1952 waard er troch generaal b.tsj. en oarlochsheld Dwight Eisenhower frege om syn running mate (fise-presidintskandidaat) te wurden. Nixon stimde ta en it duo wûn de ferkiezings, wêrnei't er fan 1953 oant 1961 de 36ste fise-presidint fan 'e Feriene Steaten wie.

Syn relaasje mei Eisenhower wie neat te noflik, en de presidint frege Nixon by de ferkiezings fan 1956 sels om him werom te lûken as fise-presidintskandidaat, mar Nixon wegere dat, en wist syn amt de folle acht jier te behâlden. Yn 'e Senaat (de Amerikaanske fise-presidint is tagelyk ek foarsitter fan 'e Senaat) hied er it yn dy tiid likemin maklik. Mar soks koe Nixon net ôfskrikke, en by de ferkiezings fan 1960 wied er de Republikeinske presidintskandidaat. Mei syn Demokratyske tsjinstanner John F. Kennedy fierde er de earste op 'e tillefyzje útstjoerde ferkiezingsdebatten út 'e Amerikaanske skiednis. Dêrby kaam de flotte Kennedy, dy't himsels boppedat foarôf opmeitsje liet, folle better oer as de stugge Nixon mei syn swiere burdgroei. Mei dêrtroch wûn Kennedy de ferkiezings mei in nipte 49,7% fan 'e stimmen tsjin 49,5% foar Nixon (wat eins neat seit, want yn 'e Feriene Steaten draait it net om prosinten, mar om kiesmannen, en dêrfan hie Kennedy der 303, tsjin Nixon 219).

Nei't er ein jannewaris 1961 it fise-presidintskip oerdroegen hie oan Lyndon B. Johnson, Kennedy syn running mate, kearde Nixon werom nei Kalifornje, dêr't er fannijs in abbekatepraktyk opsette en teffens in bestseller skreau, Six Crises, dat rûchwei beskôge wurde kin as de memoires fan syn fise-presidintskip. Yn 1962 besocht er om 'e nocht gûverneur fan Kalifornje te wurden, en by de presidintsferkiezings fan 1964 stipe er de Republikeinske kandidaat Barry Goldwater, dy't lykwols, kwealk in jier nei de moard op Kennedy, gjin kâns makke om Lyndon Johnson te ferslaan. By de ferkiezings fan 1968, lykwols, seach Nixon syn kâns skoan, mei't Johnson syn populariteit tsjin dy tiid troch de Amerikaanske dielname oan 'e Fjetnamoarloch op in net mear by te meitsjen manear yn it neigean rekke wie, en de Demokratyske Partij yn fjouwer brokken tespjalten rekke wie dy't it wichtiger fûnen om inoar te bestriden as de Republikeinen. Sadwaande wûn Nixon de ferkiezings handich en wied er dêrnei fan 1969 oant 1974 de 37ste presidint fan 'e Feriene Steaten.

Nixon en de frou arrivearje op 21 febrewaris 1972 foar harren histoaryske steatsbesyk oan 'e Folksrepublyk Sina.

As presidint fierde Nixon in evenredige binnenlânske polityk, dy't nei de ûnlijige jierren sechtich rjochte wie op it op 'e nij ynstellen fan in maatskippij dy't him oan oarder en regels hold. Sa rjochte er de Drug Enforcement Administration (DEA) op, in federale resjerzje dy't him folslein talei op it bestriden fan 'e hannel yn en it besit fan ferbeane drugs, wylst er ek wetjouwing trochfierde om 'e sûnenssoarch en it sosjale-sekerheidsstelsel te herfoarmjen. Teffens lei er de skoallen yn it Amerikaanske Suden op en meitsje in ein oan 'e rasseskieding. Hy yntrodusearre beskate miljeubeskermingsmaatregels, en rjochte de Environmental Protection Agency (EPA) op om it neilibjen fan dy regels troch bedriuwen te kontrolearjen en sa nedich ôf te twingen. Op it mêd fan 'e romtefeart joech er yn 1972 de oanset ta it Space Shuttleprogramma fan 'e NASA. In grut part fan syn maatregels wiene derop rjochte om macht fan 'e federale oerheid yn Washington oer te heveljen nei de ôfsûnderlike steaten.

Nixon syn bûtenlânsk belied waard foar in grut diel mei bepaald troch syn ynfloedrike minister fan Bûtenlânske Saken Henry Kissinger. As steatsman is Nixon benammen bekend bleaun om syn besyk oan 'e kommunistyske Folksrepublyk Sina, yn 1972, wêrmei't er foar it earste de diplomatike betrekkings tusken dat lân en de Feriene Steaten normalisearre. Datselde jiers naam er it inisjatyf ta in minder spande relaasje mei de Sovjet-Uny troch persoanlik mei Sovjet-lieder Leonid Brezjnev te ûnderhanneljen oer it Anti-Ballistic Missile Treaty, in ferdrach dat it beide supermachten ferbea om systemen te ûntwikkeljen dy't derop rjochte wiene om binnenkommende raketten yn 'e loft te ûnderskeppen. Dat ferdrach waard yn 1972 noch tekene. Wat de Fjetnamoarloch oangie, dêryn fierde Nixon de Amerikaanske belutsenens yn 't earstoan op, om dy dêrnei stadichoan ôf te bouwen en yn 1973 hielendal te beëinigjen. Ien fan Nixon syn meast kontroversjele dieden wie syn ynminging yn 'e ynterne oangelegenheden fan Sily, dêr't de demokratysk keazen linkse presidint Salvador Allende yn 1973 omkaam by of as gefolch fan in steatsgreep dy't útfierd waard mei Amerikaanske stipe, wêrnei't it lân hast tweintich jier suchtsje soe ûnder de faksistyske diktatuer fan generaal Augusto Pinochet.

Nixon mei Leonid Brezjnev by it steatsbesyk fan 'e Sovjet-lieder oan 'e Feriene Steaten yn 1973.

By de presidintsferkiezings fan 1972 fersloech Nixon sûnder folle muoite de Demokratyske kandidaat George McGovern, waans kampanje bysûnder dreech ferrûn wie, en dêrnei waard er ynsward foar in twadde amtsperioade as presidint. Op 17 juny 1972, yn it hjitst fan 'e ferkiezingsstriid, waard lykwols in groepke ynbrekkers pakt wylst dy nachts omsneupten yn it kampanjehaadkertier fan 'e Demokratyske Partij, yn it Watergate-gebou yn Washington, D.C. Troch it trochsettingsfermogen en de oanhâldende graverij fan twa sjoernalisten fan 'e krante de Washington Post, Carl Bernstein en Bob Woodward, kaam letter stikje by bytsje oan it ljocht hoe't Nixon eigenhandich opdracht ta de ynbraak jûn hie, en hoe't er op alderlei oare klandestine manearen besocht hie om McGovern syn kampanje ûntspoare te litten. Wat mear oft it Watergate-skandaal, sa't it kaam te hjitten, eskalearre, wat minder politike stipe oft Nixon oerhold. Uteinlik seach er him op 9 augustus 1974 twongen om 'e eare oan himsels te hâlden en ôf te treden, mei't it Kongres tsjin dy tiid in ôfsettingsproseduere tsjin him yn gong setten hie. It byld fan Nixon dat de measte minsken bybleaun wêze sil, is dat fan syn tillefyzjetaspraak op 17 novimber 1973, wêryn't er de legindarysk wurden útspraak die: "I am not a crook." ("Ik bin net in boef.") It iroanyske oan 'e hiele kwestje is, dat McGovern himsels ûnder de kampanje, sûnder lykfol hokker help fan Nixon, al sa yn 'e tsjillen riden hie, dat Nixon nei alle wierskynlikheid de ferkiezings ek wol wûn hawwe soe as er gewoan rêstich ôfwachte hie.

Lettere jierren en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn opstappen as presidint waard him troch syn opfolger Gerald Ford (dy't sels koart tefoaren Nixon syn eardere fise-presidint Spiro Agnew ferfongen hie) graasje skonken noch foar 't der in juridysk ûndersyk nei him begûn wie – wat ek wer ta in striidkwestje waard. Nixon sette him nei wenjen yn San Clemente, yn Kalifornje, dêr't er de memoires fan syn presidintskip en acht oare boeken skreau. Hy hie hieltyd stiiffêst ûntkend dat er wat ferkeards dien hie (en dêrmei syn posysje noch helte minder makke), mar yn in fraachpetear mei de Britske talkshowpresintator David Frost joech er einlings en te'n lêsten ta dat er "it lân tekoart dien hie." Dêr foege er oan ta: "Ik haw mysels ûnder fuotten helle. Ik haw harren in swurd jûn en sy hawwe dermei tastutsen. En it mei fernoegen hinne en wer skuord. En, ik leau, as ik harren west hie, soe ik itselde dien hawwe." Nixon stoar op 18 april 1994, yn 'e âlderdom fan 81 jier, oan 'e gefolgen fan in swiere oerhaal, nei't er it jiers tefoaren syn frou Pat te hôf brocht hie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.