Reebrún
reebrún | ||
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #E5AA70 | |
RGBª (r, g, b) | (229, 170, 112) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (0, 26, 51, 10) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Reebrún is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan brún of soms fan giel. It kin omskreaun wurde as in rôzich giel, in rodzich ljochtbrún of in dûnkere tint bêzje. Reebrún wurdt yn it Ingelsk fawn neamd, in wurd wêrfan't de earste en oarspronklike betsjutting "reekeal" is. It soe de kleur fan 'e pels fan reeëjongen wêze. It ierste optekene gebrûk fan fawn as kleuroantsjutting datearret út 1789.
Kleurtechnyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is reebrún in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan alle trije primêre kleuren (read, grien en blau). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in tertiêre kleur, dy't yn teory produsearre wurdt troch de trije primêre kleuren maginta, giel en syaan te fermingen. Yn 'e praktyk wurdt lykwols ornaris ynstee fan syaan gebrûk makke fan swart, om't dat bettere resultaten jout.
Foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Reebrún is in kleur dy't in protte foarkomt as pelskleur by sûchdieren. Behalven by reeën en oare harteftigen komt it ek in protte foar by hûnen, dêr't it ornaris as in foarm fan tan beskôge wurdt. Hûnerassen dy't yn 'e kleur reebrún foarkomme, binne û.o. boksers, Deenske doggen en mopshûnen. By dobermanns tsjut men dizze kleur oer it algemien oan as 'isabella'.
-
in ree
-
in súdlike pûdû
-
in reebrune Deenske dogge
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |