Readgrize wrotmûs
readgrize wrotmûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Craseomys rufocanus | ||||||||||||
Sundevall, 1846 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De readgrize wrotmûs (wittenskiplike namme: Craseomys rufocanus, foarh. Myodes rufocanus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en it skaai fan 'e readgrize wrotmûzen (Craseomys), dat foarkomt yn in grut diel fan Jeraazje. Dizze soarte ûnderskiedt him fan 'e lytse reade wrotmûs (Clethrionomys rutilus), dêr't er syn ferspriedingsgebiet mei dielt, trochdat er grutter is en langere poaten hat. Synonimen foar Craseomys rufocanus binne Myodes rufocanus, Clethrionomys rufocanus en Myodes sikotanensis.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e readgrize wrotmûs omfiemet noardlik en sintraal Skandinaavje, noardlik Jeropeesk Ruslân, súdlik en sintraal Sibearje (ynkl. Sachalin), it uterste eastlike puntsje fan Kazachstan, dielen fan Sinkiang-Oeigoerje, Mongoalje, Mantsjoerije en Noard-Koreä, en op it Japanske eilân Hokkaido.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn berchtmen komt de readgrize wrotmûs foar oant 1.170 yn it Skandinavysk Heechlân, en oant 2.700 m yn it Changaiberchtme fan Mongoalje. It karakteristike biotoop fan dizze soarte is tichte ûndergroei of rotsige gebieten yn nulle- of bjirkewâlden, gauris deunby rivieren. Mar hy komt ek foar yn kappe bosklân, rûch gerslân, op 'e heide-eftige toendra fan it Subarktyske gebiet en yn útdrûge feangebieten.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De readgrize wrotmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 11½-13⅓ sm, mei in sturtlingte fan 2½-4½ sm en in gewicht fan 20-50 g. Hy kin ûnderskaat wurde fan 'e reade wrotmûs (Clethrionomys glareolus) trochdat er grutter is en in readere rêchkleur hat, en fan 'e lytse reade wrotmûs (Clethrionomys rutilus) trochdat er grutter is en langere poaten hat. Teffens is de sturt fan 'e readgrize wrotmûs yn ferhâlding ta syn lichem langer as dy fan oare soarten reade wrotmûzen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Readgrize wrotmûzen meitsje yn it gers en de ûndergroei flechtrillen, tunnels en nêsten. Winterdeis bouwe se op 'e grûn, ûnder de snie, in bolfoarmich nêst fan drûge gers. Yn 'e oare seizoenen lizze se krekt sokke nêsten oan, mar binne dy makke fan grien gers, moas en koarstmoas en teskuorde blêden, en binne se sitewearre tusken beamwoartels, yn holle beammen of heech yn 'e beammen, ferskûle tusken de tûken.
De readgrize wrotmûs is sawol deis as nachts yn 't spier. Hy yt benammentlik plantaardich guod, lykas leaten en knoppen fan beidragend strewelleguod, en de blêden en skors fan bjirken en oare leechgroeiende beammen en strûken. Folwoeksen mantsjes binne territoriaal, wat har agressyf makket foar oare mantsjes oer. De wengebieten fan 'e wyfkes oarlaapje gauris mei dy fan oare wyfkes. De terrioaria fan 'e mantsjes binne wol tsien kear sa grut as dy fan 'e wyfkes.
De peartiid falt foar de readgrize wrotmûs fan april oant septimber. Nei in draachtiid fan 17-20 dagen wurde der 2-3 kear jiers 1-11 jongen te wrâld brocht. De soarch foar de jongen is inkeld in saak fan 'e wyfkes; mantsjes tale der net nei. Mei 14 dagen wurde de jongen ôfwûn. Eltse fiif jier of dêr by om fynt der befolkingseksploazje fan readgrize wrotmûzen plak. De redens dêrfoar binne noch ûndúdlik, mar mooglik hat dit ferskynsel te krijen mei skommelings yn 'e populaasjes fan 'e rôfdieren dy't jacht meitsje op readgrize wrotmûzen, lykas de foks, de poalfoks, de harmeling en de snie-ûle.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De readgrize wrotmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat er yn syn natuerlike ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en net oan spesifike bedrigings bleatsteld is. Nettsjinsteande it syklyske aard fan 'e populaasjetichtheid by dizze soarte, liket it derop dat er op it Skandinavysk Skiereilân en yn noardlik Finlân wat efterútbuorket, wat in gefolch wêze kinne soe fan feroarings yn it behear fan 'e wâlden dêre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Sûchdieresoarte
- Readgrize wrotmûs
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Sweden